Wikipedy:Oerlisside/Argyf12

Ut Wikipedy

Dit is in argyfside.
Pas de tekst op dizze side net mear oan.


Wikipedy:Oerlisside/Argyf12, argyf fan Wikipedy:Oerlisside:

  • Oerlis begûn fan 19 april 2009 oant en mei 1 desimber 2009.


Geografyske nammen yn Grinslân

Sa't jimme faaks sjoen hawwe slach ik op dit stuit wat yn Grinslân en dan benammen yn it Westerkertier om. Ien fan de problemen dêr't ik by op rin is it feit dat der by myn witten net soks bestiet as in list mei (histoaryske) Grinzer geografyske nammen yn it Frysk - ik haw dy alteast oant no ta nearne fûn. Sokke nammen mar wat nei eigen ynsjoch ferfryskje haw ik muoite mei, want wat moatte jin dan bygelyks mei Niekerk (Nijtsjerk, Nijetsjerke?) of Oldekerk (Aldtsjerk, Aldetsjerke?). Of nim Wagenborgen: wurdt dat Weinboargen? En wurdt Ganzendijk Guozzedyk?

Der soe wat foar it donorprinsipe te sizzen wêze, mar at der in geef Fryske namme is, is dat fansels ûnsin. Mei oare wurden: ik bin hjir wat mei oan. Soe it wat wêze en freegje dit ris nei by bygelyks de FA?. Wat tinke jimme derfan? Wutsje 19 apr 2009, 20.36 (CEST)[beäntwurdzje]

Om de arguminten wat byinoar te hâlden in oersjoch fan earder op it aljemint kaam:

Topografyske nammen út:Argyf3

Ik soe best wol wat mear siden oer gemeenten yn provinsjes bûten Fryslân meitsje wolle (en ek wol steaten fan de Feriene Steaten) mar ik sit in bytsje mei de nammen. Moatte alle nammen ferfryske?, sa ja wat bin de regels hjirfoar. Ferfryskje wy net alle nammen dan bin ik wol nijsgjirrich hokfoar nammen wol yn it Frysk te brûken en wat net mear. It lyket my wol handich om hjir wat regels foar te hawwen, en dan ek ergens fest te lizzen. Dit om allegear diskusjes foar te kommen, sa as op :nl oer de Fryske nammen. Fan Drinte hat User:LennartBolks de gemeenten mei Nederlânske nammen oanmakke, mar dizze nammen binne koartlyn troch user:Nikio ferfryske (noch net yn side fan Drinte). Sjoch ik by Oerisel dan binne in oantal gemeentenammen ferfryske en guon ek wer net (Twenterand?). Ek by de list fan Feriene Steaten, bygelyks Noard Dakota en New York? Wer hâlde je op? Dimter lyket my prima, wurd wol brûkt yn it Frysk, en stiet ek yn it wurdboek. Gemeentenammen sa as Noardenfjild, begjin ik al wat te twifeljen. By Nij York tink ik al hielendal dat dit net ferstannich is.Theun 05:43, 2005 aug 10 (UTC)

Dit is altyd lêstich. Noard Dakota klinkt my wol goed yn de earen lykas Noard Amearika. Nij York liket my ek neat. Faaks kinne we nei foarbyld fan nl listen mei ekso- en endonymen oanlizze. Dimter, Utert, Leien, Arnhim binne sa goed ynfiert yn it Frysk dat dêr gjin diskusje oar hoecht te wêzen. Yn twifelgefallen komme we der tink yn oerlis wol út (en kin mei in trochferwizing elts de ynformaasje dy't er siket wol fine). Noardenfjild is neffens my in ryklik nije gemeente (ik twifelje as it faaks Noardefjild wêze moatte soe) kin der wat my oanbelanget wol op troch (mar wol mei in ferwizing). B. 18:59, 2005 aug 10 (UTC)
Ik soe sizze: Foar guon nammen binne der Fryske nammen (Dimter). As dat net sa is wurde namme(parte)n dy't noch in assosjaasje mei de betsjutting hawwe oerset: "Nij Amsterdam", mar "New York". Dat is subjektyf, dat der moat wat oerlis by. Oare nammen yn Latynsk skrift wurde oernaam at se yn it Frysk skreaun wurde kinne. De rest wurdt werstavere. Aliter 02:04, sep 26, 2005 (UTC)

West-Fryske plaknammen út Argyf 9

Goeie, ik bin in oantal West-Fryske en Noard-Hollânske plaknammen tsjin kommen op us Wikipedy, guon derfan hawwe in ferfryske nammen, guon hawwe de Westfryske namme en guon hawwe de Hollanske namme. Dat liket my net konsekwent. It liket my wol wat om de West-Fryske nammen te gean bruken op us Wikipedy. Hoe tinken oaren hjiroer--Geoffrey 6 okt 2007, 20.19 (CEST)?[beäntwurdzje]

Dei Geoffrey, ik soe my oanslute by de wize wurden fan Aliter:Fiel jo frij hjiryn. Echt konsekwint bliuwe is in poepetoer. De list mei Bûtenlânske ierdrykskundige nammen fan de Fryske Akademy bringt ús hjir ek net fierder. It sa ticht mooglik bliuwen by de Westfryske stavering soe in goede basis wêze kinne, of it moat wêze dat nammen mei in C begjinne of einigje, dan kin in S of K brûkt wurde. Swarte Kees 7 okt 2007, 17.28 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik makket my sels eins ek net sa folle út, mar bin wol foarstanner om 't de dingen safolle mooglik konsekwent te dwaan. En at wy bepaalde rjochtlinen ôfpraten dan jouwt dit wat haldfêst. --Geoffrey 7 okt 2007, 17.52 (CEST)[beäntwurdzje]

Noard-Fryske nammen (earder dit jier)

De kommende tiid wol ik wat oan de gong mei ûnderwerpen oer Noard-Fryslân. No is myn fraach: wat wy dogge mei nammen dêr't net in Fryske namme foar is, mar bygelyks al in Noardfryske. Brûke wy die dan? Of bygelyks de Dútske of Deenske namme. By de side oer Ederstedt ha ik dêr eins al efkes oer twifele om de Noardfryske namme te neamen.J'88

Goeie fraach, soks haw ik mei ek ôffrege oer de Westfryske nammen. Neffens my ha wy dêr gjin regel foar. Wy bin fansels net bûn oan Nederlânsktalige nammen--Geoffrey 7 jan 2009, 22.48 (CET)[beäntwurdzje]
Ik tink datst wol de Noard-Fryske stavering oernimme kinst, útsein as it byt my de Fryske staveringsregels.
Krekt as foar Eastfryslân soe ik de Fryske nammen brûke, dêr't dat kin. Dat is dan de lokale Fryske namme, útsein der sitte werkenbere eleminten yn dy't by it praten daalks omset wurde soenen: Noard-, Lyts-, Suder-, -stêd, -each, -strân, ensfh. Strikt naam soe it al betsjutte dat der wat nammen werstavere wurde moatte om de útspraak. Aliter 8 jan 2009, 02.52 (CET)[beäntwurdzje]

Nij oerlis

Tank, 86.88.254.29, foar dit oersjoch fan wat der hjir oant no ta oer sein is. Yn oanfolling hjirop: ik haw der hjoed mar ris in mailtsje nei de FA oan weage. Dy sille hjir doch ek wol ris oer neitocht hawwe. Wutsje 20 apr 2009, 17.55 (CEST)[beäntwurdzje]

Neffens de FA bestiet der gjin list mei Fryske geografyske nammen fan plakken bûten Fryslân. Der is ek gjin publikaasje oer (en de ôfdieling nammekunde fan de FA blykt mei it pensjoen fan de lêste meiwurker spitigernôch wol sa'n bytsje opdoekt te wêzen). Oars sein: de antwurden op sokke fragen sille yndied fan oerlis komme moatte. Wat de histoaryske nammen oanbelanget waard oanret om ris te sjen yn de yndexen fan Hunsingo en de Oarkonden (te finen by de FA en yn de UB yn Grins). Wutsje 22 apr 2009, 09.54 (CEST)[beäntwurdzje]
Soe it net wat wêze kinne, dat wy listen oanlizze foar Plaknammen fan bygelyks dy fan Grins of oare provinsjes, krekt as wy dat op ús wikipedy hawwe fan Lannen of Fryske doarpen. En dat wy de nammen sa at dy op dizze listen stavere binne as útgongspunt nimme? Wy moat wat betinkje en op sokke listen kin elkenien syn foarkar kenber meitsje of oerlis hawwe en wy hawwe it moai byïnoar. --Geoffrey 22 apr 2009, 22.54 (CEST)[beäntwurdzje]
Soks liket my wol wat. Wutsje 23 apr 2009, 14.23 (CEST)[beäntwurdzje]
It is spitich dat wy it Nammekundich Wurkferbân net mear freechje kinne, mar fansels hawwe hja it wurk al op papier set. De list is al in pear jier âld, guon nammen binne yn de âlde stavering, en by in literatuerûndersyk binne der altiten noch mear boarnen, mar dit kin it begjin wêze foar Wikipedy:Nammen yn Grinslân. Fansels, dêr't der gjin bûtennammen op de list steane betsjut it net dat wy dy net brûke kinne. It is net sa dat oare nammen hillich binne; minsken hawwe altiten nammen oanpast oan harren taal en der is gjin grûn om dêr mei op te hâlden. Aliter 23 apr 2009, 20.16 (CEST)[beäntwurdzje]

Sûpke

Hallo, Hat dat sûpke der noch west wylst ik der net by wêze koe, of is it doe oergongen? Mysha

Miskien ha ik wat mist. Wy ha doe ien kear sa'n sûpke hân. Kin om my wol wer. --Kening Aldgilles 20 apr 2009, 18.41 (CEST)[beäntwurdzje]
Dan nim ik oan dat it net trochgongen is. Faaks hat Wutsje in idee foar wat wy dwaan kinne? Mysha
De Strohoed mei om mei ek wol wer. At wy wier wat besprekke wolle foar oerlis mei Tresoar, dan kommende freed (24 april) siz om in oere as acht? Of is dat te koart as te betiid. (Ik kin wol mei nei Tresoar oare wike; skoalfakânsje.) Mysha
Moarn is wat te koart dei foar my, ik haw al in oare ôfspraak dan. Om my mei soks oars ek wol yn de middei. Wutsje 23 apr 2009, 14.19 (CEST)[beäntwurdzje]
At it dan passe moat ear't der nije wike oerlis komt mei Tresoar, dan sneontemiddei (foar my fan fjouwer oere ôf) as sneintemiddei as -tejûn. Binne der genôch minsken dy't dan kinne, as moat Swarte Kees weromskriuwe dat wy earst tiid fine moatte om it hjir sels ris oer te hawwen? Mysha
It wykein bin ik der noch, dan sille wy twa wiken mei fakânsje. --Geoffrey 24 apr 2009, 12.33 (CEST)[beäntwurdzje]

Gearwurking Wikipedy /Tresoar

Okkerdeis haw ik op eigen manneboet ris kontakt socht mei Tresoar. It siet my wolris dwers dat dêr in skat oan ynformaasje leit dy't ek op de Wikipedy passe soe en eins ek heart. It oernimmen bin ik wat huverich foar wurden. Theun hat bygelyks altyd hammere op fermelding fan boarnen en it net letterlik oernimmen fan teksten, fral yn it eigen belang fan de Wikipedy. Benammen de ensyklopedyske gegevens oer Fryske skriuwers binne by de Wikipedy lang net folslein, wylst de gegevens hast foar it gripen lizze by Tresoar. It mailtsje nei de Tresoar seach der sa út:
Geregeldwei meitsje ik in stikje oan foar de Fryske Wikipedy. Alles wat mei Fryslân anneks is, mar ek fier dêrbûten kin dêr in plakje krije. No is der by Tresoar in skat oan ynformaasje oer Fryske skriuwers, argiven en folle net genôch. Omdat Wikipedy en Tresoar beide de minsken ynformaasje jouwe tink ik wolris oan oparbeidzjen. At bepaalde ensyklopedyskje ynformaasje fan Tresoar no ris brûkt waard foar de wikipedy en op de Wikipedy komt in link nei it betreffende webstee en it fynplak by Tresoar? Dan soe elk der better fan wurde. Fierwei de measte gegevens sille fansels by Tresoar te finen bliuwe, mar as paadwizer derhinne kin de ensyklopedy syn nut hawwe. Wat tinkt jimme, is dit eat om ris fierder oer te praten en tinken? Fansels moatte lisinsjes en datsoarte saken goed ôfpraten/fêstlein wurde mar soks is in spultsje fan útwurkjen. Graach jimme gedachten hjiroer...

Tresoar-webredakteur Andrys Stienstra reagearde mei: It liket my hiel nuttich om in kear de koppen by elkoar te stekken. Ik ha sels yn it ferline ek geregeld ynformaasje (benammen oer Fryske skriuwers) op de Fryske en de Nederlânske Wikipedy set, mar de leste tiid komt dat der net mear fan. Is it net it handichst om in kear hjir by Tresoar ôf te praten? Wat my oanbelanget soe dat nije wike moandeitemiddei, tiisdei de hiele dei of woansdeitemoarn wol kinne.

No bin ik net yn de posysje om hielendal nei Ljouwert ta stowe te kinnen mar de ynhâld fan gearwurking mei Tresoar soenen wy mei elkoar wol betinke kinne. Sa soe ik by Fryske skriuwers tinke oan bertedatum, biografy en bibliografy. En dan it oarderjen fan dizze gegevens yn Wikipedy-styl. It byinoar sykjen soe ús besparre wurde moatte troch Tresoar. (De rjochten binne dan ek regele). It opmeitsjen fan de artikels wol ik my wol foar ynsette, faaks binne der ek noch wol oaren. It soe ek by it Putsje setten wurde kinne. Is dit wat om fierder mei te gean en op hokker wize soe it noch mear kinne? Wat tinkt ús hjir fan? --Swarte Kees 22 apr 2009, 14.46 (CEST)[beäntwurdzje]

Liket my in goed plan. Op by dizze gearkomste kaam dat ek al ris te praat en ik wit dat der fia oare kanalen ek al oer sprutsen is. Dus yndied: der mar ris oer prate. Ik sels wol dêr yn elts gefal bêst tiid yn stekke.
It bringt my tagelyk op wat oars, dat dan ek wer yn ferbân stiet mei it sûpke hjirboppe: faaks is it wat en stek de koppen ris by inoar om ris te bepraten wat we mei dizze wiki allegear fierder dwaan kinne soenen. Ek gearwurking mei it Frysk Museum soe bygelyks wol wat wêze en sa kinne jin noch wol wat dingen betinke. En boppedat, it liket my ek aardich om inoar ris te moetsjen.
De VWN hat tsjintwurdich wat jild begrutte foar sabeare lytse projekten en hat al tasein dat we best in (part fan in) dei in rêstich plak hiere meie om in Fryske wikigearkomste te hâlden, ynbegrepen wat subsydzje foar it sûpke en foar wa't it nedich hat ek jild foar reiskosten. Op myn oerlisside kaam dit lêsten ek al efkes te praat en Aliter murk doe op dat er him ôffrege of soks wol al te formeel moast. Nee fansels, soks is ek neat foar my, mar sa't ik doe ek al sei: ik sit leaver wol earne op in rêstich plak as yn it kabaal fan in kroech. Hoe tinke jimme hjiroer? Wutsje 22 apr 2009, 19.25 (CEST)[beäntwurdzje]
Gearwurking mei Tresoar of it Frysk museum? Wat twa jier lyn as aardichheidsje begûn, ik koe net iens Frysk skriuwe en myn praten wie heal Ljouwertsk-Frysk, is no útwaakse mei eat wat ik alle dagen as it kin graach even dwaan mei, in stikje yn it Frysk skriuwe. Ik fynt bêst, it soe yn alle gefallen leuk wêze elkoar wer ris sjen of nij kennis te meitsjen. Oare kear binne wy yn in gesellich kroechje yn Ljouwert de Strohoed terjochte kaam, om my kin dat wol wer en rookt wurdt der net mear--Geoffrey 22 apr 2009, 20.29 (CEST)[beäntwurdzje]
Yn it begjin hienen wy mei de Wikipedy problemen sels mar reaksjes werom te krijen fan kulturele ynstellings. No goed seis jier letter sjoch ik dat wy hjir en dêr op it web oanhelle wurde - spitigernôch net altiten mei de krekte lisinsje - en jilde wy foar guon no ek as akseptabel foar gearwurking. It is goed dat te fernimmen; krekt as de 10.000 siden seit ek dit wat oer ús sukses.
Mar dy 10.000 siden wie it lêste doel dat ús yn de begjintiid steld wie, dat fral foar de minsken dy't op it stuit de Wikipedy folskriuwe wie it goed om ris byelkoar te sitten foar in sûpke en om it der oer te hawwen wêr't it no hinne moat. Ferdjipping, ferheging, en/as ferbreding, en hoe, mar likegoed wat no mûglik is mei gearwurking mei oaren. Tresoar is in foarbyld.
En yndie, dy gearwurking kin allinnich at it kin om de lisinsje. Der wurdt op it stuit fansels stimd oer in oare lisinsje, mar hoe ek meie der gjin ekstra easken oan de ynformaasje tafoegd wêze. Feitlikens is it sa dat sels at ynformaasje ûnder deselde lisinsje tafoegd wurdt, de praktyk fan Wikipedia makket dat de oarspronklike auteur by oanheljen troch in oar net mear neamd wurde sil. Dat it ienichste dat wy oanbiede kinne is dat wy in keppeling nei Tresoar opnimme sille by de literatuerseksje fan dy side. Sels harren as de boarne te neamen kinne wy net dwaan, om't út oare boarnen mear oan de side tafoegd wurde sil. En it ienichste dat wy oannimme kinne is feitlik: dy ynformaasje dy't Tresoar frijlitte wol; foar wat oars kinne wy eins net ynstean.
Dat is dan wat wy by gearwurking oanbiede kinne: Tagonklikens fan ynformaasje dy't hja beskibermeitsje wolle. En wat wy sykje sil grif itselde wêze as by de oare wikipedyen: Ekspertize. Op hokfoar mêd it meast, dêr moat by dy gearkomste as dat sûpke mar ris oer praat wurde. Aliter 22 apr 2009, 23.45 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik bin it iens mei Aliter. Miskien kinne wy ris op in sneontemiddei ôfprate yn Tresoar? Ik soe dan ek wol gebrûk meitsje wolle fan de grutte pot mei jild dy't dêrfoar ornearre is. --Kening Aldgilles 23 apr 2009, 23.48 (CEST)[beäntwurdzje]
No, Wikimedia Nederlân hat dan wat jild foar lytse projekten (10.000 siden!) apartsetten, mar it sil net wier in grutte pot wêze. Mar fierders is dat wol wat Wutsje foarsteld hie, nim ik oan: in rêstich sealtsje dêr't wy byelkoar sitte kinne. Ik wit allinnich net at dat noch regele wurde kin at it no snein wêze soe. Mysha
Dat "lytse" slacht net op it oantal siden fan fy:wiki. Klik ek ris op de link dy't ik hjirboppe jûn haw. Wutsje 25 apr 2009, 10.49 (CEST)[beäntwurdzje]
Der is op dit stuit noch neat konkreets, it liket my de baas ta dat ik in berjochtsje stjoer nei Tresoar om te sizzen dat de wikipedianen har letter wer melde hjiroer? Mar fiel jim frij om op dizze side dochs ôfspraken te meitsjen mei Tresoar(en) of it sûpke. Sels sil 'k der yn elts gefal net by wêze.--Swarte Kees 26 apr 2009, 20.33 (CEST)[beäntwurdzje]

CommonsDelinker

Kin ien dy CommonsDelinker ek stoppe. Ik erge my dea, want it docht neat oars as foto's weihelje. No hat er sûnder oerlis of wat samar it plaatsje fuort helle fan de Blokhûspoart dat ek op ús haadside stiet. --Geoffrey 25 apr 2009, 08.56 (CEST)[beäntwurdzje]

Der binne mear klachten, seach ik op syn oerlisside. As behearder kin ik, wol 'k leauwe, gjin botstatus feroarje. Of kin dat wol? --Kening Aldgilles 25 apr 2009, 09.23 (CEST)[beäntwurdzje]
Nee, dat is wat foar Aliter, B. of Theun. Wutsje 25 apr 2009, 10.45 (CEST)[beäntwurdzje]
Je soene commonsdelinker stopje kinne, mar op himsels docht hy meast goed wurk. Hy hellet in link fan foto's fuort dy't op Commons ferwidere binne. Blykber is it plaatsje op Commons fuortsmiten om't der gjin dúdlike boarne by oanjûn wie. (Botstatus feroarje jout fansels neat, blokkearje wurket dan better, mar sa as ik al sei, it liket my net nedich). Theun 25 apr 2009, 17.46 (CEST)[beäntwurdzje]
Lit it dan mar sa, oer in pear dagen komt er wer in nije side. Mar it bliuwt fansels nuver dat soks samar barre kin. De haadside is wol ús etalage. --Geoffrey 26 apr 2009, 00.03 (CEST)[beäntwurdzje]
CommonsDelinker is in efterein dêr't wy net om frege hawwe foar in gemis fan in foarein dat ús net oanbean is. Of mei oare wurden: Op Commons is besletten ta in tige strikt stel regels. Hja biede de brûkers fan de ôfbylden, dat wol sizze de oare wiki's, gjin warskôging at de triemmen op de wisklist steane, mei as grûn dat alle wikis genôch minsken op Commons hawwe om dêr sels it each op te hâlden. Yn stee fan warskôgings foarôf krije wy warskôgings nei ôfrin, mar dan yn de foarm fan it ûntkeppeljen fan de ôfbylden. Fansels is dy oplossing better foar de it oansjen fan de siden, mar it betsjut al dat der gjin goede list is. It bêste wat wy hawwe is de oanpassingelist fan Meidogger:CommonsDelinker, mar guon triemmen wurde troch oaren ûntkeppele. (Ik set der wat oars del, mar dat sil ek wol wer wiske wurde.) Aliter 26 apr 2009, 00.55 (CEST)[beäntwurdzje]
Dus in reden temear om middels Tresoar en oare boarnen sels oan ôfbylden te kommen sadat wy baas oer eigen foar- en efterein bliuwe.--Swarte Kees 26 apr 2009, 07.59 (CEST)[beäntwurdzje]

Botbit

Geachte Fryske collegae, hoewel er in mijn recente familiegeschiedenis nog vele Friezen voorkomen ben ik zelf helaas de Fryske taal niet machtig. Ik zou graag mijn botaccount ook voor deze wiki beschikbaar stellen, onder meer om interwiki's te corrigeren. Het gaat om Meidogger:MauritsBot. Vriendelijke groet, --Maurits 27 apr 2009, 00.17 (CEST)[beäntwurdzje]

De mens is nooit te oud om te leren. Maar als je op je gebruikerspagina aangeeft welke talen je wel of niet begrijpt kunnen we er rekening mee houden. Het zou natuurlijk goed zijn om te weten wat dat "meer" is waarvoor de bot gebruikt gaat worden, En verder zijn er meer bots bezig met interwiki. Ik hoop maar dat het elkaar verbeteren geen al te groot probleem wordt.
Maar verder: Ik zou zeggen, kijk hier eens wat rond om een idee te krijgen hoe de wiki in elkaar zit, en laat dan je bot eens demonstreren wat hij doet en hoe hij het doet. Aliter 29 apr 2009, 20.35 (CEST)[beäntwurdzje]
Maurits kin gjin Frysk mar biedt syn bot oan foar ûnder oaren ynterwiki. Ik haw frege wat dy "oaren" binne, en om't er him fersint hie mei de meidogger-nammeromte haw ik útsteld dat er earst ris sjocht nei de wiki, en dan syn bot demonstrearret. Aliter 29 apr 2009, 20.35 (CEST)[beäntwurdzje]

Beste Aliter, bedankt voor je reactie. Ik zal de gebruikerspagina aanpassen. Ik kan Fries grotendeels wel verstaan, maar niet spreken of schrijven. Met "onder meer" bedoelde ik voornamelijk het toepassen van kleine cosmetische wijzigingen op pagina's waar een interwiki veranderd wordt. Bijvoorbeeld het alphabetisch sorteren van interwiki's, het formatteren van ISBN-nummers, et cetera. Het gaat om kleine wijzigingen die vaak niet eens zichtbaar zijn in het artikel, maar de bewerkingsversie wel leesbaarder maken. Ik zal de bot de komende dagen laten lopen, dan kun je zien waar het om gaat. Eventueel -ik weet niet in hoeverre dat al gebeurd- kan ik ook verwijzingen naar etalage-artikelen laten updaten (Berjocht:Link FA toevoegen) en omschrijvingen bij externe links laten toevoegen. Ik doe dit al op de Nederlandstalige wikipedia, zie hier voor enkele voorbeelden. Alle interwiki-bots voeren overigens hetzelfde script uit en kunnen mekaar niet hinderen. Vriendelijke groet, --Maurits 3 maaie 2009, 17.30 (CEST)

Wat dy lytse feroarings oangiet; wat wenst is op de iene wiki is ûnwinske op in oaren: at jo wat op it each hawwe, sjoch dan ris nei hoe't it hjir dien wurdt en skriuw in nije seksje mei in útstel. Wat de bots oanbelanget; mei itselde sêftguod hawwe de bots hjir dochs no en dan spul oer ynterwiki, plus der is ien dy't ynsteld is op Latynske oardering. Aliter 3 maaie 2009, 21.54 (CEST)

Beste Aliter, het is niet mijn bedoeling de gang van zaken op een andere wiki hier op te leggen. Daarom heb ik de bot ook eerst hier voorgesteld. Als jullie het met bepaalde soorten wijzigingen niet eens zijn, dan zal ik die wijzigingen niet uitvoeren. Over het aanbrengen van de etalage-links voor af.wiki had ik wellicht eerst meer overleg moeten voeren, ik heb het gedaan om ook wat voorbeelden in de Fryske wiki te genereren ter demonstratie. Wat de bot aangaat, heb je specifieke voorbeelden van fouten, of bedoel je dit in het algemeen? Vriendelijke groet, --Maurits 3 maaie 2009, 22.18 (CEST)

Ik stel út, jo brûke de bot as ynterwikibot, at de tabel oanpasse wurdt dat no: op it goede plak komt. Dan kinne wy it dêrnei ris hawwe oer wat jo mear dwaan wolle. Ornaris is de Fryske Wikipedy wat minder oanpasserich allinnich om it oanpasjen, dat at de oarder fan de ynterwiki it ienichste probleem is, dan mei dat om my wol sa bliuwe oant in oare kear. Aliter 3 maaie 2009, 22.39 (CEST)

Nee, dat wie oer oare pywiki bots dy elkoars ynterwikiwizigings weromdraaiden. Aliter 3 maaie 2009, 22.39 (CEST)

Ik ben ook geen voorstander van het aanpassen omzichzelfswille en probeer daarom zoveel mogelijk aanpassingen te combineren. Ik zal het voorlopig alleen bij interwiki's en cosmetische veranderingen houden. Ik zie dat er inderdaad iets fout gaat met de alfabetisering, ik zal ernaar kijken en het proberen op te lossen. Vriendelijke groet, --Maurits 3 maaie 2009, 23.04 (CEST)

Misschien heb ik door het Fries een andere indruk gewekt, maar ik hoopte meer op eerst de fout herstellen, en eerst echt alleen interwiki. Maar hoe dat ook zij, ik zou zeggen dat de demonstratie lang genoeg geduurd heeft. De bot heeft zo-ongeveer de hele Koartlyn feroare gevuld, dus waarschijnlijk is het wel duidelijk wat die wel of niet kan doen. Aliter 4 maaie 2009, 21.52 (CEST)

Ik heb soms inderdaad enige moeite om het Fries volledig te begrijpen... ik ben bezig met de correctie van de alfabetisering in het script en verwacht dit op korte termijn (binnen een dag) opgelost te hebben. Vriendelijke groet, --Maurits 4 maaie 2009, 23.05 (CEST)

Het blijkt een fout te zijn in de pywikipedia-software, alle bots maken dus steeds diezelfde fout (zie bijvoorbeeld ook deze edit van een willekeurige andere bot). Wat de exacte oorzaak is, hopen we spoedig te ontdekken. --Maurits 4 maaie 2009, 23.05 (CEST) Inmiddels aangemeld als software-bug, zie [1]. --Maurits 5 maaie 2009, 20.11 (CEST)

Heb je in de taalcodetabel gekeken? Zo goed als alle sorteerfouten die pywikipedia hier heeft gehad, zijn aan fouten in de tabel te wijten geweest. Aliter 6 maaie 2009, 00.16 (CEST)

Die klopt vreemd genoeg wel. nl en nds-nl komen daar in ieder geval voor no, in tegenstelling tot de botacties. --Maurits 6 maaie 2009, 19.43 (CEST)

Oplossing in een dag was wellicht iets te positief gedacht - dat bleek wellicht ook al uit het bug-fix verzoek. De oorzaak blijkt nogal moeilijk te achterhalen, maar hopelijk is men er mee bezig. Ik heb de 'tekstwiziging' in de interwiki-bot nu in ieder geval uitgezet voor de fy-wiki. Vriendelijke groet, --Maurits 10 maaie 2009, 17.23 (CEST)

Inmiddels heb ik de fix van Nakor handmatig overgenomen. Hopelijk wordt de patch ook spoedig in de SVN-versie opgenomen. Voorlopig wordt e.e.a. alleen door Almabot en door mijn bot correct uitgevoerd. Vriendelijke groet, --Maurits 10 jul 2009, 14.41 (CEST)[beäntwurdzje]

Haadside - Nedige siden

De foarside is net hielendal goed. Soe mei gauwens efkes nei sjoen wurde moatte. Derubryk Nedige siden is no skoattele sûnt 2007. Soe de skoattel der ek (tydlik?) efkes ôf kinne om de side wat lêsberder te meitsjen? Der steane no hast hûndert siden by dy't al oanmakke binne.--Swarte Kees 1 maaie 2009, 07.23 (CEST)

Ik sjoch gjin probleem mei de Haadside; mar ik sjoch der ek gjin rubryk Nedige siden. Der is al in bysûndere side Wiki:Nedige_siden, mar dy hie net mear oanbean wurde moatten troch de wiki, om't dy al mear as in jier net mear bywurke wurdt. It is by de tige grutte wikis te folle belêsting, en dêrom is it hielendal útset. At wy in bywurke list wolle, dan moat dat hânmjittich regele wurde. Aliter 3 maaie 2009, 21.54 (CEST)
De haadside is no goed, mar by it yngean fan Nije Maaie wie dat net hielendal sa, it is lykwols al ferholpen. 'Nedige siden' brûk ik faak om nije siden oan te meitsjen sadat wy op de Wikipedy de meast needsaaklike siden, (dy mei de measte reade lea's) yn elts gefal hawwe. Boppedat skeelde it bytiden aardich yn it tal reade lemmata. No is it oersjoch wat fuortrekke troch alle siden dy't no óf al oanmakke binne, óf in wiskwarskôging krigen hawwe.--Swarte Kees 3 maaie 2009, 23.11 (CEST)
Ik haw op de side Wikipedy:Nedige siden, dy't gjin funksje mear hawwe moatte soe, in list delsetten fan sa'n twahundert nedige siden mei tsien as mear keppelings. Aliter 4 maaie 2009, 21.52 (CEST)
Dizze Nedige siden binne no oanmakke. Nochris in nustje of sa mar litte?--Swarte Kees 29 aug 2009, 22.55 (CEST)[beäntwurdzje]
Tige tank foar jo 'hânwurk', de Wikipedy kin no wer wat 'blauwer' makke wurde.--Swarte Kees 4 maaie 2009, 22.56 (CEST)

Nammen fan Romeinske persoanen by de jiertallen

Wy hawwe goed de gong deryn mei it oanmeitsjen fan jiertalsiden (mei dank oan Swarte Kees). Lykwols falt it mei op dat wy net bot konsekwint binne mei it gebrûk fan de nammen fan Romeinske persoanen. Dat hat fansels te krijen mei de boarnen dy't wy brûke by it oersetten en faak fan de Nederlânske Wikipedia komme. Yn it iene gefal brûke wy by de persoan de Latynske namme fan him mei soms allinnich de achternamme of soms folút. Yn it oare gefal wurdt de Fryske of ferfryske foarm fan de namme brûkt. Moatte wy hjir ek wat regels of foarkarren yn ôfsprekke. En sa ja, oan hokker wize fan skriuwen jouwe wy dan de foarkar. Of giet it wat te fier om hjir ôfspraken oer te meitsjen?--Geoffrey 7 maaie 2009, 23.49 (CEST)

Soks falt eins pas op as de jiertallen efterinoar lêzen wurde. By it oanmeitsjen rjochte ik my mear op ynhâld, opmaak en soks. At der dan in pear dagen tusken sitte slûpt de ynkonsekwinsje der gau yn. Der binne trouwens net sa hiel folle fan sokke nammen, meast minder as trije op ien side yn de earte ieuwen. Fiel jo frij om de jierren efter inoar te lêzen en oan te passen. Ofspraken binne min konsekwint fol te hâlden tinkt my. Wol soe der wat te sizzen wêze oer it al of net brûken fan de V en de C foaroan in wurd. Dan sitte jo krektas by plaknamen mei it ôfwagen fan werkenberheid en de algemiene Fryske regels en de frijheid om soks alle kearen sels te kiezen. Soks jout wer oerlis foar de 'rekliken' en 'presizen'. 'k Soe my foarstelle kinne om Latynske nammen op syn Latyn te skriuwen te hâlden(dan bliuwt it ynternasjonaal dochs wat lyk en kin der neigien wurde oft it oer deselde persoan giet) en de oare nammen nij eigen ynsjoch te ferfryskjen of net.--Swarte Kees 8 maaie 2009, 08.47 (CEST)
By my hat de foarkar om de Fryske nammen te brûken omdat meastepart fan de Romeinske keizer sa troch my oanmakke binne. As it oaren neat útmakket dan fier ik dat troch of meitsje in redirect oan. --Geoffrey 10 maaie 2009, 21.56 (CEST)
Nammen dy't yn it Frysk net skreaun wurde kinne, besykje wy wer te staverjen nei it Frysk. De Romeinkse nammen binne wat in twifel gefal, om't dy al stavere wurde kinne, mar dan net sein. Dat, wy hawwe dy nammen gauris ferfryske nei eat dat wy sizze koenen. Dêr hawwe wy it earder koart oer hân, mar ik kin it no net fine. It past oars ek by de foarkar foar de Fryske term boppe de Latynske. Aliter 11 maaie 2009, 01.14 (CEST)

13 juny: Nacht fan Keunst en Wittenskip

Op sneon 13 juny sil yn Grins it lustrum 2009 fan de Ryksuniversiteit Grins ôfsletten wurde mei in Nacht fan Keunst en Wittenskip. Yn de hiele stêd wurde dan binnen en bûten aktiviteiten organisearre om it téma Arts Meet Science hinne. Dêrby is ek de Feriening Wikimedia Nederlân belutsen mei in programma yn de Universiteitsbibleteek (UB). Dêr sille ferskate wittenskippers harren fisy jaan op Wikipedy-projekten en de betsjutting dêrfan by it ûntsluten fan keunst en wittenskip. Ien fan harren is Teake Oppewal, koördinator Fryske literatuerbefoardering by Tresoar, dy't it hawwe sil oer fy:wiki. Fierder wurdt der in Wikipedia Lounge organisearre. Part dêrfan sil ûnder oare in workshop wêze, dêr't eltsenien mei fragen oer it bewurkjen fan Wikipedy's telâne kin. Ek sil der gelegenheid wêze om siden te bewurkjen, wêrby't de boarnen fan de UB te brûken binne.

It soe fansels aardich wêze en der binne dy jûnes ek wat minsken fan fy:wiki, yn ferbân mei diskusjes en fragen dêroer, mar faaks ek om te assistearjen by de workshop of gewoan om inoar ris te moetsjen. Saakkundigen dy't in koarte presintaasje hâlde wolle oer de betsjutting fan Wikipedy-projekten foar harren fak binne ek tige wolkom. Mear ynformaasje is hjir te finen. Sels bin ik al fan doel om der dy jûne by te wêzen. Wutsje 14 maaie 2009, 18.08 (CEST)

Mijn Fries schiet tekort: Maar ik zou het erg plezierig vinden om te weten of we de 13de inderdaad een paar actieve mensen van de Friese Wikipedia mogen verwachten.--Esther H 28 maaie 2009, 17.40 (CEST)

Misse synonimen

Ien fan de Bysûndere Siden is dy fan 'Misse Synonimen'. No binne dy op ien nei wer ynoarder makke. Dat is dy fan Meidogger Taal/Lw, mar it is my net dúdlik hoe't dy goed makke wurde kin. Hoe moatte wy dêrmei oan?. No is de side skoattele, nei ferhelpen fan dizze Taal\Lw soe de side Misse Synonimen opskjinne wurde kinne...--Swarte Kees 17 maaie 2009, 09.14 (CEST)

Sa't jo grif sjoen hawwe binne der hielendal gjin keppelings nei Lw, dat de koarte oplossing is om dy simpelwei by de Wiske siden te setten (dien). It probleem dat der efter siet wie dat Liww der al wêze moatten hie, mar dat wy by fersin earder de ferkearde side wiske hienen. Ik haw Liww weromset, dat no soe Geoffrey wer bliid wêze moatte. Goed sjoen. Aliter 19 maaie 2009, 18.29 (CEST)

I would like to request a bot flag or my bot. Here are the details.

  • Operator: DJSasso
  • Automatic or Manually Assisted: both
  • Programming Language(s): pywikipedia (Python)
  • Function Summary: adding/correcting interwiki
  • Bot with flag: en:User:SassoBot/Status

Thanks! -Djsasso 25 maaie 2009, 05.30 (CEST)

SassoBot is net ien dy't brike dingen docht en hy hâldt mei namme de ynterwiki's op de lytsere wikipedy's aardich yn de gaten (sjoch hjir), dat ik haw der gjin beswier tsjin. Wutsje 25 maaie 2009, 11.55 (CEST)
Maurits hat noch net weromskreaun dat pywikipedia wer yn oarder is. Ik wit net at wy op it stuit mear pywikioedia bots hawwe moatte, as dat it better wachtsje kin oant alles wer yn oarder is. Aliter 4 jun 2009, 19.37 (CEST)[beäntwurdzje]
Any decision on this? -Djsasso 9 jun 2009, 15.47 (CEST)[beäntwurdzje]
On the one hand, SassoBot is considered a bot in good standing; on the other hand the pywikipedia frame currently has a sorting bug. That may not be all that serious, but personally, I'd rather not add a bot known to have at least one bug causing reader-visible errors. Aliter 10 jun 2009, 20.45 (CEST)[beäntwurdzje]
Ahh yes I hadn't seen this ticket for your wiki yet. I will hold off until they fix it. I will ask again once the bug is corrected if that is ok with you all. -Djsasso 12 jun 2009, 06.12 (CEST)[beäntwurdzje]
Now that the bug has been patched would I be able to have my bot approved? I would appreciate it thanks! -Djsasso 22 sep 2009, 19.38 (CEST)[beäntwurdzje]

Bouwurk op/yn It Hearrenfean

Wy hawwe sawol de Kategory:Bouwurk op It Hearrenfean as de Kategory:Bouwurk yn It Hearrenfean. Hat dat in reden of kin ien derfan wol fuort? En welke dan? Wutsje 1 jun 2009, 23.35 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik nim oan dat op it plak sels is, en yn de gemeente. Aliter 4 jun 2009, 19.37 (CEST)[beäntwurdzje]

MediaWiki 1.15

Hallo mensen,

Ik kan geen fries spreken, noch fries lezen. Jullie zullen het dus even moeten doen met deze nederlandse tekst... MediaWiki 1.15 wordt komende week uitgegeven. De standaard MediaWiki/systeemberichten moeten voor sommige talen/dialecten nog (gedeeltelijk) vertaald worden. Dit gebeurd op translatewiki.net. Ik zag dat de friese berichten nog niet allemaal vertaald waren.

Dus: Voor ieder die zin heeft om van het engels naar het fries te vertalen. Maak een account aan, vraag vertaalrechten (hier) en bekijk de nog niet vertaalde friese systeemberichten. Er zijn op het moment slechts twee friese vertalers (bron), dus alle hulp is meegenomen. Sumurai8 4 jun 2009, 11.21 (CEST)[beäntwurdzje]

Uit ervaring kan ik zeggen dat die ene Friese vertaler ruim voldoende is. Maar als mediawiki ooit zo'n project begint ben ik best bereid te helpen. Maar hoe dan ook zou het nu veel belangrijker zijn als WikiMedia aangaf welke nieuwe berichten aan onze wiki toegevoegd worden, en welke een andere functie krijgen. Aliter 4 jun 2009, 19.37 (CEST)[beäntwurdzje]

Auteursrjocht

Dat kopje wat bij mij hier onder het bewerkveld staat, bevat een variabele $1. Deze wordt echter niet door de software ingevuld. Misschien is het een idee om deze variabele uit het mediawiki-bericht te slopen... Sumurai8 4 jun 2009, 11.23 (CEST)[beäntwurdzje]

Ja, dat is het. Was handig geweest als we dat op tijd geweten hadden. Maar we zullen zien. Aliter 4 jun 2009, 19.37 (CEST)[beäntwurdzje]

Bot flag request for Almabot

Hello, I would like to request the flag for my bot:

  • Bot name: Almabot
  • Operator: Nakor
  • Function: interwiki links
  • Operation: automatic with manual runs to fix issues found when running on the French wikipedia
  • Software: pywikipedia updated daily from SVN, with custom fix for bug concerning interwiki order at fy.wikipedia
  • Has bot flags on: 83 wikis and global flag

Thanks in advance. Nakor 8 jun 2009, 04.42 (CEST)[beäntwurdzje]

I may have found a fix for the no link bug. I will make some test over the next few days and will post a patch over the week-end at sourceforge if it works. Nakor 18 jun 2009, 05.08 (CEST)[beäntwurdzje]
The fix seems OK. I posted it on sourceforge. Nakor 20 jun 2009, 19.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Your June 20. edits indeed look fine, thanks. However, I don't get the fix through SVN yet (perhaps I'm too impatient?). Kind regards, --Maurits 20 jun 2009, 23.35 (CEST)[beäntwurdzje]
I do not have wite access to SVN so I posted a patch there and someone with write access will need to commit it before you can get it. Nakor 21 jun 2009, 04.25 (CEST)[beäntwurdzje]
Meidogger:Nakor hat syn oanpassing dien op Almabot, en it risseltaat liket goed. Der wienen fierders gjin reaksjes, dat ik set it botbit oan. Aliter 31 aug 2009, 21.41 (CEST)[beäntwurdzje]
Applied Nakors patch with revision 7194. Greetings --Purodha Blissenbach (Oerlis) 1 sep 2009, 00.00 (CEST)[beäntwurdzje]

Utsletten

Ter ynformaasje: ik haw niiskrekt 213.126.131.10 foar in jier útsletten. It is it ip-adres fan immen dy't sûnt april ferline jier allinnich mar siden fernield hat. Dêrfoar waard er al twa kear earder blokkeard, mar it boadskip is dúdlik net oerkommen. Dan mar sa. Hy hat it der sels nei makke. Sjoch ek syn "wurk" op oare wiki's. Wutsje 12 jun 2009, 17.25 (CEST)[beäntwurdzje]

Om my kin er ek wol foarfêst útsletten wurde. --Geoffrey 12 jun 2009, 18.09 (CEST)[beäntwurdzje]
Dit IP-adres is fan in skoalle út Doardt. Fia dit IP-adres is ek al fandalisme dien op de Nederlânske en Ingelske Wikipedia. Sjoch nl:Overleg gebruiker:213.126.131.10 en en:User talk:213.126.131.10. --Bouwe Brouwer 12 jun 2009, 20.27 (CEST)[beäntwurdzje]
Ja, dat wie ek al te sjen yn de ferwizing dy't ik joech. My tinkt doch dat in jier yn it earstoan wol genôch is. Faaks is it mantsje dan fan skoalle of hat er dan wat minder lêst fan de hormoanen - en boppedat, ip-adressen kinne wizige en dan oan oaren takend wurde. Wutsje 12 jun 2009, 20.44 (CEST)[beäntwurdzje]

Eilannen

Ik nim oan eltsenien hat sjoen dat wy in stadige bewurkingsstriid hawwe oer de Waadeilannen. Ik haw besocht dúdlik te meitsjen wêrom dy eilannen as "Waadeilannen" yn de Wikipedy steane, en net as "Fryske Eilannen", mar ik haw it idee dat it fergriemde tiid is; it liket der op dat wy gjin fan beide begripe wêrom de arguminten fan de oar relevant wêze soenen.

Aliter syn arguminten:

  • De eilannen hjitte yn it Frysk "De Waadeilannen". Dy namme wurdt brûkt foar de eilannen fan de provinsje, fan Nederlân as fan gâns de Waadsee, om't der ornaris gjin betizing is.
  • At dy betizing der al is wurdt "De Waadeilannen" foar alle eilannen brûkt, en "De Nederlânske Waadeilannen" ensfh. foar lytsere groepen.
  • Ik kin my foar bûtennammen goed it argumint fan it yn de Wikipedy brûken fan in nije, Fryske namme yntinke, mar dit is in binnennamme - de eilannen hearre by it Fryske gebiet, en hawwe dêr al in namme: "De Waadeilannen".
  • Der binne yndie arguminten om in oare namme foar dy eilannen yn te fieren yn de Fryske taal, mar dy binne foar de Wikipedy net fan belang, om't wy hjir de hjoeddeiske sitewaasje beskriuwe. At de namme bûten de Wikipedy yndie feroarje soe, dan soenen wy ús side dêroan oanpasse, mar wylst de eilannen yn it Frysk noch "De Waadeilannen" hjitte, moat dat foar de Wikipedy ek sa wêze. Aliter 13 jun 2009, 19.16 (CEST)[beäntwurdzje]

Kening syn arguminten:

  • Neffens my hawwe beide nammen deselde referint. Dêrom ha ik yn de earste sin skreaun Fryske eilannen of waadeilannen.
  • Mei de syk- en trochferwiisfunksje op Wikipedia is it mooglik om Fryske eilannen en Waadeilannen te finen.
  • Ik tink dat in ja/nee diskusje hjir net relevant is.
  • De subseksje 'namme' ha ik feroare om in gefoelsdiskusje foar te kommen. No stean dêr allinnich feiten yn.

Op Wikipedy binne der trochferwiissiden by de rûs. Wêrom moat hjir ynienen sa'n grut probleem fan makke wurde? Dan kinne wy folle faker in diskusje om trochferwizings ha. In bytsje diskusje is net ferkeard, mar yn dit gefal binne beide nammen goed. Om my is de diskusje hjirmei dien en kinne wy fleurich fierder oparbeidzje, der is ommers noch in soad te dwaan. Groetnis --Kening Aldgilles 13 jun 2009, 22.27 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie allegear, foar beide falt wol wat te sizzen. Mar jimme moatte hjir gien strideraasje oer hawwe en it liket my ta dat de bewurkingstriid wol wat meifalt. As ik it foar it sizzen hie, soe ik der Waadeilannen fan meitsje en fuort dernei skriuwe dat it eartiids ek bekend stie as de Fryske eilannen en dat yn it bûtenlân de eilannen noch hieltyd sa neamd wurdt. En der moat fansels ek in redirect wêze nei Fryske eilannen. Sa soe ik it dwaan. Gr. --Geoffrey 15 jun 2009, 23.24 (CEST)[beäntwurdzje]

Dat it liket dat de bewurkingsstriid wol wat meifalt is, nim ik oan, om't wy beide fine dat oerlis mear doel hat as hieltiid mar in side oanpasje. Dêrmei hoecht it noch net in simpel gefal te wêzen.

At der histoarysk lju west hawwe dy't de eilannen as "Fryske eilannen" oantsjutten, dat heart dat, en hearre dy, fansels yn it artikel. Mar dat is al wat oars as dat Kening op Oerlis:Waadeilannen skreau dat er mei sin in oare namme brûke woe, om in politike reden. It spyt my dat dàt no by de arguminten net mear oanfierd is, mar hawar. As Kening no fynt dat beide nammen goed binne, dan sil er der grif gjin probleem mei hawwe at wy weromgeane nei de titel dy de side hie eart dy oanpast waard. Dàt makket de ja/nee-diskusje dan sûnder belang, mar net de diskusje at politike redenen in doel hawwe yn in wurk dat wy objektyF besykje te hâlden. Aliter 17 jun 2009, 20.16 (CEST)[beäntwurdzje]

It mei dúdlik wêze út de Oerlisside fan de waadeilannen dat ik foar de namme waadeilannen bin. Ik hie besocht it op de oerlisside wat oerlis hjiroer te krijen (en it net fuort werom te setten) mar der waard net op reagearre. Theun 25 jun 2009, 21.21 (CEST)[beäntwurdzje]


frjemde tekens

Sûnt juster steane by my frjemde teksten ûnder de te bewurkjen side by it bewurkjen: <input type=button id=Button0 value=á onclick="insertTags(this.value,,);...ensfh. Is dat by oaren ek sa. Soe dit in technyske steuring wêze of wol men ús wat dúdlik meitsje? --Swarte Kees 16 jun 2009, 21.18 (CEST)[beäntwurdzje]

By my is itselde it gefal. --Geoffrey 16 jun 2009, 22.16 (CEST)[beäntwurdzje]
Dy frjemde tekens wienen hoe yn it ferline de aksintknoppen ynfoegd waarden. De ûntwikkelders hawwe wer drok dwaande west, en hawwe der net oan tocht dat oan de brûkers witte te litten. Ik haw harren om ynformaasje as help frege, en dy hawwe wy ek hân: Der hat immen west om dat te dwaan wat ik sels ek wol koe: de tekst sa't wy dy hienen fuorthelje.
Hawwe dy aksintknoppen noch in doel? At dat sa is dan koe ik nochris besykje en freegje om de definitive ynformaasje, as meitsje in nije flânsoplossing dy't it wer in jier as fjouwer úthâlde kin. Aliter 17 jun 2009, 20.16 (CEST)[beäntwurdzje]

Gearwurking Wikipedy /Tresoar (2)

Dei allegear. Ofrûne sneon wie ik yn Grins yn de UB by de Nacht fan Keunst en Wittenskip. Dêr wie yn de Wikipedia Lounge ek Teake Oppewal fan Tresoar, dy't in praatsje hâlden hat oer de Fryske wiki. Letter kaam de mooglike gearwurking tusken Tresoar en fy:wiki wer te praat (sjoch hjirboppe). By Tresoar binne se wol sa fier dat se dêr graach mei fierder wolle. It belang fan it lisinsjeferhaal is harren dúdlik en wat wy Tresoar biede kinne ek. It útstel is no om inoar ynkoarten op in wurkdei yn Ljouwert op it kantoar fan Tresoar te moetsjen en it der ris yngeand oer te hawwen. Dêr sille dan fan Tresoar yn elts gefal Oppewal en Stienstra by wêze. In datum is noch net ôfsprutsen: Oppewal sil ús dizze wike wat mooglikheden foarstelle. Sels bin ik al fan doel om dêr hinne te gean, mar it soe fansels al moai wêze at ik dan net de iennige bin. Wa fan jimme soe dêr ek by wêze wolle? Wutsje 17 jun 2009, 17.23 (CEST)[beäntwurdzje]

Moai besteklik praat dus, it soe wol moai wêze as dit in fuortsetting krije koe. Ik ben spitigernôch net yn de posysje om der hinne, mar mocht der wurk út fuortkomme, dan kinne jimme op my rekkenje.--Swarte Kees 17 jun 2009, 18.10 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat praatsje fan Oppewal, wie dat oer fy:w:? Wienen der saken by dêr wy op achtsje moatte? Goede punten dêr't wy klam op lizze moatte as minne punten dy't ferbettere wurde moatte? Aliter 17 jun 2009, 20.16 (CEST)[beäntwurdzje]
It praatsje gie yndied oer fy:wiki (sjoch ek hjir). Oppewal wie der aardich tefreden oer en joech net de yndruk te finen dat fy:wiki op in ferkeard paad sit. Hy hat wat oer de skiednis van wiki's yn it algemien ferteld en ek oer dy fan fy:wiki. Ien fan de dingen dy't him oan fy:wiki opfallen wienen is it ferskaat yn djipte by guon ûnderwurpen. Hy neamde bygelyks de skiekunde (in fak dat er sels in tiid studearre hat), dêr't op fy:wiki noch in soad oer te fertellen is - en doch hat fy:wiki al lemmata as Auger-Elektroane-Spektroskopy (AES) en Sekondêre-Ioane-Massa-Spektroskopy (SIMS). Oppewal soe fansels graach sjen dat fy:wiki sa't dat dan hjit yn de breedte en yn de djipte útwreide wurdt (wa net?), foaral ek wat Fryslân oanbelanget. In foarbyld dat er neamde wie it keatsen, dêr't in moai lemma oer is, mar sûnder in wurd oer de perfoarst net lytse Fryske keatsliteratuer. Oan de Fryske literatuer yn it algemien kin om him noch in soad dien wurde en hy hat dúdlik sein dat Tresoar dat graach stypje sil, ek op nl:wiki. Fierder hie er noch wat aardige details opskarrele, bygelyks oer de List fan alkohoalyske dranken: dy is noch hielendal read, op ien nei: Bearenburch :-).   Wutsje 17 jun 2009, 21.01 (CEST)[beäntwurdzje]
Oppewal stelt út:
  • freed 3 july om 9:30 oere
  • moandei 6 july om 9:30 oere
  • moandei 6 july om 16:00 oere
Fan Tresoar sille dêr dan wêze: Oppewal, Stienstra en as it heal kin ek Frank Bosmans, projektlieder.
Dy fredes kin ik net, mar dy moandeis wol. Wa fan jim wol en kin dêr dan ek by wêze? Sels komt oars 16o my fierwei it bêste út. Wutsje 19 jun 2009, 16.07 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik nim oan dat de ûngelikense djipgong betsjut dat der net genôch minsken binne om mei de interesse fan eltsenien byelkoar alle mêden ôf te dekjen.
At der oars net ien is soe ik moandeitemiddei wol meikinne. Ik haw de lêste tiid net in soad dien, mar ik haw noch wol in idee oer wat al as net kin. Spitich dat it súpke net trochgongen is. Mysha
Ik hie der wol by wêze wollen, mar it wurdt mei te koart dei, de fakânsje sit der oan te kommen en moat taried wurde. --Geoffrey 25 jun 2009, 19.50 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik kin spitigernôch ek net, ek fakânsje fansels, like my wol nijsgjirrich. Tink der wol om dat de lisinsje fan de wikipedy's krekt feroare is, sjoch Licensing_update. Theun 25 jun 2009, 21.21 (CEST)[beäntwurdzje]
It is wurden: kommende moandeitemiddei om 16o. Ik gean der yn elts gefal hinne. Wutsje 1 jul 2009, 23.16 (CEST)[beäntwurdzje]
Ja, ik hie juster al besocht op de ynternetbabbel, mar Wutsje komt dêr net mear sa faak del, skynt it. Geane wy dêr tegearre hinne, as fine wy elkoar dêr? Wêr wolle wy it perfoarst al as net oer hawwe? Datsoarte fan dingen. Oars bin ik fanejûn ek wol wer oan de babbel. Mysha

Wiki Loves Art

Faaks hawwe jim heard fan it projekt Wiki Loves Art, mar faaks ek net. It komt derop del dat dizze hiele moanne sa'n tritich musea yn Nederlân harren kolleksjes ûnder in frije lisinsje op de foto sette litte (sjoch hjir). Eltsenien mei in fototastel is wolkom. Yn Fryslân dogge mei:

Yn de lêste twa musea kin kommende freed sels yn kombinaasje mei in moarnsbrochje fotografearre wurde. Jin kinne jin dêrfoar hjoed noch opjaan (sjoch hjir). Wutsje 18 jun 2009, 03.19 (CEST)[beäntwurdzje]

fotograaf

As wy in foto oanbean krije mei de fraach om de namme fan de fotograaf der by te setten. Sette wy dy namme by "Bied triem oan" by GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje of moat de namme dan ek ûnder de foto setten wurde op de side sels?--Swarte Kees 19 jun 2009, 11.36 (CEST)[beäntwurdzje]

De makker fan it skilderij as de foto sette wy der op de ensyklopedysiden ornaris allinnich by at dy op himsels wer in side hat/hawwe koe. De feiten oer de foto wurde al neamd op de ôfbyldside, fansels; dàt is de side oer dat ôfbyld. Tink der om dat dit allinnich ynformaasjefoarsjenning is: it is net sa dat immen oan in GFDL-ôfbyld in ekstra betingst tafoegje kin dat de namme der altiten bystean moat. Al is it fansels sa dat de GFDL sels foar dy keppeling soargje moatte soe. Aliter 20 jun 2009, 21.01 (CEST)[beäntwurdzje]

Kaartkleuren

No en dan wurdt der in kaartsje yn png-foarm op ús siden ferfongen troch ien yn svg-foarm. No is dat op himsels in goed ding om't in foardiel fan SVG is dat it skaalferoarings der better mûglik mei wurde. Mar it is al sa dat dy nije kaartsjes faak oare kleurskema's hawwe as it skema dêr't in protte oare kaartsjes mei makke binne, en dêr't al ús doarps- en gemeentekaartsjes op basearre binne. No is in oar foardiel fan SVG, dat it ornaris maklik is en feroarje kleuren. Dat, soenen wy in fêst kleurskema hawwe wolle foar ús kaartsjes, dan soenen wy maklik ferzjes meitsje kinne dy't dêr ynpasje. Wolle wy dat? Aliter 20 jun 2009, 21.01 (CEST)[beäntwurdzje]

Oerlis

Der hat werris immen reagearre op myn fersyk de nammeromten fan it Wikiwurdboek oan te pasjen. Dit koe it stuit wêze om te sizzen at wy ús nammeromte "Wikipedy oerlis" feroarre hawwe wolle yn "Wikipedy-oerlis" (as "Wikipedyoerlis"). Oft it wier barre sil is wer wat oars, mar wat is de opynje? Aliter 21 jun 2009, 22.27 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik soe sizze, doch itselde as by de Wikipedy. --Kening Aldgilles 24 jun 2009, 17.32 (CEST)[beäntwurdzje]

Dat besykje wy nochris: Alle trije projekten, Wikipedia, Wikiwurdboek en Wikiboeken, hawwe itselde oersetbrek dat ûntstien is doe't ik de wiki oersette mar noch net krekt wist hoe alle wurden brûkt wurde soenen: De nammen fan de ynhâld-nammeromten, en it begryp "talk" binne apart oerset, dat bygelyks "User Talk:" is "Meidogger oerlis:" wurden. Hie ik "User talk" oerset, dan hie it "Meidoggeroerlis" west, of om it konsept dúdliker te meitsjen: "Meidogger-oerlis".

Doet ik frege om romtenammenferoarings foar it Wikiwurdboek, benammen "Wikiwurdboek", "Rubryk" en "Help", frege ik fansels ek om korreksje fan it probleem mei de oerlisromtenammen. Om it foar harren dúdlik te hâlden die ik dat allegear byelkoar yn ien fersyk, mar dat wie blykber net goed, dat fierder as argewaasje is it fersyk nea kaam. Ien kear yn it jier, of soks, reagearret der wer immen, mar oant no ta hawwe wy it paad net fine kinnen.

No hat der krekt wer immen reagearre, dat it koe wêze dat der wer oer neitocht wurdt. Om't it probleem mei de oerlisromtenammen ek foar de Wikipedy jildt (en foar Wikiboeken) koe dit it stuit wêze om ek foar Wikipedia om dy oanpassing te freegjen: 'x oerlis:' -> 'x-oerlis:'. En itselde jildt trouwens foar Hulp:-nammeromte, dy't dan einliks "Help:" wurde kin, dat wy dy wier brûke kinne.

Dêr freege ik de opynje oer. Wat fine de meidoggers? Aliter 24 jun 2009, 20.52 (CEST)[beäntwurdzje]

Jo binne der sûnt de start al aardich thús yn en jo foarstellen meitsje de wikipedy allinnich mar better tinkt my. Fiel jo frij soe'k jo riede wolle...--Swarte Kees 24 jun 2009, 21.20 (CEST)[beäntwurdzje]

At ik my allinnich mar frij fiel, dan is it earste dat ik weromkrij: "Wy wolle witte wêr't de meidoggers harren der oer útsprutsen hawwe, oars begjinne wy der net oan." Dat ik wol it graach mei safolle wurden hawwe: Wolle wy Wikipedy-oerlis:, Meidogger-oerlis:, ensfh. hawwe (as leaver Wikipedyoerlis:, Meidoggeroerlis:, ensfh.)? En wolle wy Help: hawwe, yn stee fan Hulp:? Aliter 25 jun 2009, 20.48 (CEST)[beäntwurdzje]

Ja dat soe ik graach wolle..--Swarte Kees 25 jun 2009, 20.55 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw gjin beswier. Ik nim oan dat it fierder gjin swierrichheden jout mei alle ynterne ferwizings, dat dy dan net mear wurkje om't dy noch nei de âlde siden ferwize. At dat al it gefal is soe ik der fuort net ta oergean. Ik bin dan fansels mear praktysk as prinsipieel. Theun 25 jun 2009, 21.21 (CEST)[beäntwurdzje]

Frysktalige websiden

By it artikel oer de skiednis fan it keatsen wurdt by 'Keppeling om utens' ferwiist nei de webside fan de Museumfederaasje Fryslân. Dy webside is yn it Frysk, mar it die bliken dat wy no krekt nei it Nederlânske part fan de webside ferwiisden. Der binne Frysktalige websiden by de rûs, en it hat wol faker west dat wy nei de oarstalige websiden ferwiisden wylst der wol in Fryske wie. Miskien is it in rare fraach, mar kinne wy by 'Keppeling om utens' net better nei Frysktalige websiden ferwize (as dy der is) ynstee fan de oarstalige websiden? --Kening Aldgilles 24 jun 2009, 17.25 (CEST)[beäntwurdzje]

Wie my efkes ûntkomd: mar at der Fryske besteane moatte dy der fansels stean. Pas at der op oartalige siden mear ynformaasje stiet hearre dy der by. Fiel jo frij om it oan te passen..--Swarte Kees 24 jun 2009, 17.29 (CEST)[beäntwurdzje]
De Frysktalige siden hawwe de foarkar, mar faaks rinne wy net alles by del at wy stikken oersetten fan oare wikipedy's. Einliks moat dat al, mar je bin faak al tefreden as it oerset wurk dien is. --Geoffrey 24 jun 2009, 18.30 (CEST)[beäntwurdzje]
It bart dat in webstee oer in Frysk mêd dochs gjin Fryske siden hat at wy dat keppelje. At it webstee dan letter útwreide wurdt mei mear Fryske siden, dan is ús keppeling net mear optimaal.
Mar yndie, oersetten fan Wikipedysiden kin in protte ynformaasje jaan, mar it is al in protte wurk: net allinnich it oersetten fan de tekst, mar ek it neigean fan de keppelings yn de tekst, it neigean fan de keppelings om utens, en de mûglike keppelings fan besibbe siden. Dan bart it wolris dat net alles daalks optimaal is. Mar dat is net in probleem: dit is in wiki. Aliter 24 jun 2009, 20.52 (CEST)[beäntwurdzje]

Side fan de wike

Soe it ek mooglik wêze dat it etalaazje artikel op ús haadside alle wiken ferfarske wurdt. It lêst jier haw ik meastepart fan de etalaazje artikels fersoarge, wat dus ynhâldt dat ik de kar makke ha hokker artikel in moanne op us haadstide komt te stean. En ik merk by my dat ik it hieltyd dreger fyn om in goed artikel út te sykje dy't nijsgjirrich genôch is foar in hiele moanne. Op de Nederlânske wikipedy hawwe sy alle dagen in nij artikel. Dat liket my fansels wer wat te folle, mar ik haw sjoen dat de Afrikaanse wikipedy it artikel om de wike ferfarske lit. Dat soe by ús ek wol kinne en wy hawwe al in grut oantal artikels byinoar sammele yn trije jier. Wat fyn jimme hjirfan en wa kin soks meitsje? --Geoffrey 25 jun 2009, 19.42 (CEST)[beäntwurdzje]

It te meitsjen is gjin grut probleem. Myn fraach is fansels wer: Kinne wy it oan? Binne wy der wis fan dat der alle wiken in nije, flaterfrije oankundiging te wachtsjen stean sil? Aliter 25 jun 2009, 20.48 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik soe it tink wol foarinoar krije kinne, mar je moatte je al ôffreegje at dit sin hat. At it dy al lestiger wurdt om dit eltse moanne te dwaan dan falt eltse wike hielendal net ta. Theun 25 jun 2009, 21.21 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik fyn it dreech om in side te sykje dy't goed genôch is foar in hiele moanne. Dêr binne genôch siden dy't yn oanmerking kinne komme foar in wike. Neffens my meie dat ek wol lytsere side wêze. Kar genôch, wy hawwe ommers al 12.000 siden. Ik liket my ta dat it pas yn gien kin at wy 52 artikels klear hawwe. Wy ha no 32 artikels dy't ôf. Noch 20 derby, dat moat toch te dwaan wêze. --Geoffrey 25 jun 2009, 22.25 (CEST)[beäntwurdzje]
Wat sizze jimme, wurk fan meitsje of noch mar in tiid trochgien op de âlde foet? --Geoffrey 30 jul 2009, 12.41 (CEST)[beäntwurdzje]
Soe ik mar dwaan, begjinne is net sa slim, mar om it fol te hâlden freget nochal wat: "Net in soad wurk is goed, mar it goede is in soad wurk..--Swarte Kees 30 jul 2009, 13.31 (CEST)[beäntwurdzje]

Lisinsje

Ik haw it hjirboppe al efkes earder neamt mar de lisinsje fan de wikipedy's is oanpast. Ik hie sels net tocht dat dit trochgean soe mar op de postlist fan de iepen plattegrûn waard my fertelt dat de stimming hjiroer al west hat en dat it útstel om oer te gean fan GFDL nei CC-SA-BY oannaam wie.
No wit ik net krekt hoe at dit kommunisearre wurdt. Ik haw it idee dat dizze stimming hjir de measte minsken ek ûntgien is. Ik sjoch hjir noch wolris mar hie it hielendal mist. Achternei sjoch ik dat de WikimediaNotifier it hjir al meldt hat mar dat is fansels net it plak wêr't de measte meidoggers geregeld sjogge. (Ik sil dizze side no dochs mar ris op myn folchlist sette).
Op meta, de en en (op nl noch net) is de lisinsje tekst ûnderoan de side al oanpast. Ik nim oan dat dit ek by ús dien wurde moat. Of binne der saken dy't ik oer de kop sjoch?
Dit soe dan fansels wol betsjutte dat der gjin betingsten mear binne om kaartjes op basis fan Openstreetmap dat op de wiki te brûken. Joepie!!! Theun 25 jun 2009, 21.21 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik leau dat hjir it dúdlikst stiet wat de resultaten binne. Ik hie wol tocht dat it barre soe, mar ik hie hope dat hja nochris sjen soenen nei de ymplemintaasje. No krije wy tagelyk twa lisinsjes, dêr't wy net fan bepale kinne at dy wier jilde. Mar goed, as dizze wikipedy ek ienkear bywurke is, dan kinne wy, neffens ús lisinsje, CC-SA-BY opnimme. Mysha

Mjitten fan miniatueren

It kin wêze dat net eltsenien dit wit, mar der is in persoanlike ynstelling dêr't elts foar himsels de mjitte fan de miniatueren mei ynstelle kin. Betingst dêrby is al dat yn de tekst op de side gjin mjitte opnaam is foar sa'n miniatuer. Dat, it is baas en jou miniatueren allinnich mjitten mei at dêr in grûn foar is; begelyks om't tekst lêsber wêze moat of soks. As it oars is, dat is it better en lit de mjitten oan de ynstelling fan de lêzer oer. Aliter 27 jun 2009, 23.40 (CEST)[beäntwurdzje]

In reden om se oan te passen soe ek de ferhâlding plaatsjes/tekst of om de ôfbylden op ien side deselde grutte te jaan, wêze kinne. It byld wurdt oars bytiden te ûnrêstich. De Amerikaaske filmtsjerren knalle je ek yn Amerikaansk formaat temjitte. Is dy persoanlike ynstelling op Wikipedy yn te stellen, en hoe dan? Of hinget it fan de konfiguraasje ynstellingen fan de kompjûter ôf?--Swarte Kees 28 jun 2009, 09.04 (CEST)[beäntwurdzje]

At Amerikaanske filmstjerren jo temjitte knalle koe dat ek wêze troch in grutte mjitte dy't op de side oanjûn is. Mar at jo in foarbyld witte dan koenen wy der ris nei sjen. It moat lykwols net sa wêze dat it ferbetterjen fan in lytse ôfwiking foar oaren krekt mear ôfwiking jout.

Ja, at dat net dúdlik wie fan wat ik al skreaun hie: persoanlike ynstellings kinne jo sels oanpasje. Dat at de miniatueren foar jo altiten te lyts binne, dan is dat te ferbetterjen troch oaren mjitten yn te stellen by jo persoanlike ynstellings. Aliter 28 jun 2009, 21.47 (CEST)[beäntwurdzje]

Ibearysk Joadsk

(Probleempke fan Wikiwurdboek, mar it spilet hjir ek:) Wy brûke no Ladino en Sefardysk; gjin fan beiden in side; net eat dat ik sa yn it wurdboek sjoch. At wy it sels útmeitsje moatte, dan hie ik leafst "Sefardysk", al brûke wy dat oant no ta mar ien kear. It is Frysker, wat de bûging makliker makket, en it komôf, Hebriuwsk foar Ybearje, jout de betsjutting. "Ladino" is de namme yn de taal sels, en wurdt dêrtroch maklik oernaam by oersettings, mar it koe hast eltse taal út dy taalgroep wêze, en it is wier sa dat ien fan de Retoromaanske talen "Ladinysk" is. Opynjes? Aliter 29 jun 2009, 00.54 (CEST)[beäntwurdzje]

Mei iens --Geoffrey 28 jul 2009, 18.49 (CEST)[beäntwurdzje]

Koen Wielinga

fan Koen Wielinga ik bin gjin kampioen west

druk fout

Ik haw der in Wikswarskôging opset om't it op in ensyklopedyside stie, mar wit immer hjir mear oer? It sil grif it Teatsen wêze. Aliter 9 jul 2009, 19.53 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw de útslaggen fan 2006 oanpast neffens it de winners dy't yn it artikel fan 17 juli 2006 yn de Ljouwerter krante neamd wurde. Theun 19 jul 2009, 10.23 (CEST)[beäntwurdzje]


Bot flag request for Xqbot

Hello, I would like to request the flag for my bot:

Thanks in advance --Xqt 5 aug 2009, 23.43 (CEST)[beäntwurdzje]

It's probably not a good idea to perform unspecified cosmetic changes. Other than that: If you feel this wiki needs another IW-bot, feel free to demonstrate its functionality in a short run, without flooding Wiki:Koartlyn feroare. Aliter 23 aug 2009, 19.27 (CEST)[beäntwurdzje]
I'll perform some test edits. --Xqt 25 aug 2009, 21.12 (CEST)[beäntwurdzje]
The two text-edits I've seen - spaces in headings and 'Image:' to 'Ofbyld:' - I find acceptable. I don't know whether there are other unspecified changes, though. In general the alphabet is OK, too, but please fix the no:-bug first. (See Almabot, above.)
Yn it generaal haw ik hjir gjin problemen mei, mar de bot hat it no:-brek noch. De bot feroaret nammeromte 'Image:' yn keppelings ta 'Ofbyld:', en skriuwt spaasje om kopkes, dat de letters net tsjin de is oansteane. Dy bewurkings bin ik it wol mei iens, mar ik wit net at er noch mear docht. Aliter 26 aug 2009, 19.27 (CEST)[beäntwurdzje]
I've stopped the test edits. no-fix comming soon. --Xqt 27 aug 2009, 11.07 (CEST)[beäntwurdzje]
OK I have fixed the behavior of my bot as requested. You can convince yourself here that it works as expected. I would be pleased if you would grant the flag. Thanks in advance. --Xqt 28 aug 2009, 12.45 (CEST)[beäntwurdzje]
Takind. Aliter 31 aug 2009, 19.21 (CEST)[beäntwurdzje]

Gearwurking Wikipedy/Tresoar (3)

Wat dit oanbelanget: de gearkomste op 6 july wie aardich produktyf. Oer it nut fan Wikipedy's en hoe't se wurkje hawwe we it amper hân, dat wie elts wol dúdlik. Oppewal en Stienstra hawwe tasein safolle mooglik fan Tresoars guod ûnder in frije lisinsje beskikber te meitsjen, te begjinnen mei de foto's fan Jan Kalma (dy't syn tastimming dêrfoar al jûn hat). Fierder hawwe we it hân oer projekten om mear minsken by fy:wiki te krijen, bygelyks fia projekten yn gearwurking mei Tresoar en Fryske skoallen. Dêrneist bleek der ek belangstelling te wêzen foar in wikipedy-workshop foar meiwurkers fan Tresoar, dy't dan yn harren gebou hâlden wurde kinne soe. Troch de fakânsje leit it oerlis no efkes stil, mar as Oppewal wêrom is (healwei dizze moanne) sille we der mei fierder. Wutsje 6 aug 2009, 15.19 (CEST)[beäntwurdzje]

Plaknammen

Ik sjoch no dat meidogger Ljouwerter24 massa's trochferwiissiden makket mei Nederlânske plaknammen dy't nei Fryske plaknammen ferwize. Ik soe dat allinnich tastean wolle foar plaknammen dy't offisjeel in Nederlânske namme ha. De Fryske plaknammen stean yn atlassen en op google maps, dat dy wurde oeral brûkt. As der in offisjeel Frysktalige namme is, dan bestiet de Nederlânske bestean gewoan net mear. --Kening Aldgilles 17 aug 2009, 20.29 (CEST)[beäntwurdzje]

Dêr ha jo in punt--Swarte Kees 17 aug 2009, 20.41 (CEST)[beäntwurdzje]
At it dan mar by de plaknammen bliuwt. Ik sit net te wachtsjen op trochferwiisiden yn it Nederlânsk nei al uzes siden. --Geoffrey 17 aug 2009, 20.59 (CEST)[beäntwurdzje]
As der in offisjeel Frysktalige namme is, dan bestiet offisjeel by it Ryk de Nederlânske net mear. Dat is wat oars. Fryslân is twatalich en yn Nederlân ha plakken gewoan ien offisjele namme. Sjoch ek NL Wikipedia, die logysk Nederlânske plaknammen brûkt. Ik bliuw op de Fryske Wikipedy by de plaknammen in myn memmetaal. Ljouwerter24
(Ik bin werom út Denemark.) Yn it argyf fan dizze side stiet dêr wat mear oer, net fier fan it berjocht dat der 100 (!) siden wienen: Wikipedy:Oerlisside/Argyf1#Taal_oantsjutting_fan_nammen_yn_oare_talen..
Ik leau, it is úteinlik wurden:
* Ysbrechtum (offisjeel Frysk) - foar offisjele nammen dy't Frysk binne.
* Boalsert (Bolsward) - foar offisjele nammen dy't Nederlânsk binne.
* Londen (Ingelsk: London) - foar offisjele nammen yn oare talen.
Dat, oare talen soenen der allinnich by set wurde at dy offisjeel binne. Mar no sjoch ik ynienen allegear Nederlânske nammen, sels mei eigen siden, foar offisjeel-Fryske nammen. Dat wie dochs krekt net it doel, soe ik sizze. Mysha
Wolle wy wier in synonymside foar elts plak dêr't de namme net offisjeel Frysk fan is? (Dy namme stiet al op de side, dat de sykfunksje sil dy al oanjaan.) Aliter 30 aug 2009, 03.31 (CEST)[beäntwurdzje]
Dûbelop hat gjin funksje, dat jout in soad wurk en is net konsekwint en net. Sa ferkeard dienen wy it net, en om de boel dan samar om te smiten moat der in goede reden wêze.--Swarte Kees 30 aug 2009, 08.50 (CEST)[beäntwurdzje]

Terpen yn de wâlden

Op de side fan Driezum en Moarrewâld stiet by beide dat de tsjerke op in terp boud is. No liket my dat sterk. Yn gefal fan Driesum hat Swarte Kees dit in kear derby set. Ik nim oan dit is in fersin want de ûntginningsas is net fan de terp ôf begûn mar leit in twa kilometer súdliker. Ik nim oan dat Kees syn ynformaasje fan de webstee fan Driezum helle hat, mar dêr is dizze keppeling tusken terp en ûntginningsas net sa beskreaun.
It twadde hat syn oarsprong op de nederlanske wiki. De makker dêrfan (TdeVries) is al in dik heal jier net mear aktyf en it is net te sjen wêr't dy dizze ynformaasje wei hat.
Ik feroarje de siden mar sadat dizze neffens my foute ynformaasje der net mear opstiet. Theun 30 aug 2009, 09.20 (CEST)[beäntwurdzje]

Driezum hie wier in terp, grif om 1900 hinne weigroeven, en de tsjerke fan Moarrewâld is wier op in terp boud, mûglik spesjaal foar dy bou oanlein. Aliter 30 aug 2009, 21.13 (CEST)[beäntwurdzje]
Jawis hie Driezum in terp, mar de tsjerke stie hjir net op en de ûntginningsas is net fanôf de terp begûn. Dêr sit 2 kilometer tusken, de terp leit flak by it Dokkumer Djip op de klaai. It doarp leit no súdliker op de sângrûn dy't sa'n 1000 jier ferlyn it gebiet mei heechfean fanút de klaai ûntgon is, en dêr wie gjin terp.
Wêr komt de ynformaasje fan de terp yn Moarrewâld wei? Is dit wier itselde plak, ik haw wolris lêzen dat by Moarrewâld en Ikkerwâld eardere tsjerken mear noardlik lein hawwe en letter de tsjerken mei de bebouwingsas súdliker te lizzen kaam is. Ik kin my net foarstelle dat in terp op it hjoeddeistige plak fan de tsjerke west hat. Miskien moat ik dan mar wer ris wat yn de bibliotheek omsneupe, mar it soe moai wêze om te witten wêr't dizze ynformaasje wei komt. Theun 30 aug 2009, 21.46 (CEST)[beäntwurdzje]
No Theun, de ynfo komt net by my wei, ik haw noch nea yn Driezum west en wit net hoe't de wrâld der dêr hinne leit. Myn ynfo komt fan nl: en fan ús eigen Wikipedy. Is der oars net immen dy't it foar jo neisneupe wol yn Driezum sels? In histoaryske feriening of ien fan Pleatslik Belang of sa? Groetnis, --Swarte Kees 30 aug 2009, 21.51 (CEST)[beäntwurdzje]
Driezum is my wol dúdlik (ik wit aardich hoe it dêr hinne leit, bin dêr hikke en tein). Allinne de ynfo oer de terp fan Moarrewâld soe ik graach witte wolle. Theun 31 aug 2009, 08.33 (CEST)[beäntwurdzje]
Ferjit dat mar oer dy tsjerke, dat is earne oars, tink. Der wienen oars al terpen by Moarrewâld, mar fansels binne it allgear gjin "terpen yn de wâlden" om't dit krekt de râne fan wâld en klei is. Aliter 31 aug 2009, 19.21 (CEST)[beäntwurdzje]
It wurd my al dúdliker. Der wiene wol in wat terpen boppe it hjoeddeistiche damwâld, dy wurde ek wol de Trije Terpen neamd. Dy leine op de súdigge fan de Geastmer Mar krekt neist it plak wêr't Dokkum no de nije wyk De Trije Terpen opboud. Op guon plakken wurde dy terpen krekt op it grûngebied fan Ikkerwâld plaatst (Eekhof [2]), mar se wurde blykber ek wol de Mormer terpen neamt [3] .
De terpen leine dus net op de sânkop wêr't de streekdoarpen letter opboud waarden. Mei de tiid dat dy ûntgûn waarden lei de wâlddyk der ek al sawat, en op de hegere sângrûn hat it fansels ek gjin doel en bou dêr terpen. Op mearder plakken fine je itselde ferhaal oer dat moarrewâld nei murrimma terp as morheim neamt is. Gildemacher neamt dizze plakken ek, mar seit dêr dan ek by dat dy terpen socht wurde moatte noard fan it hjoeddeistich doarp en dat it dêr heechstwaarskynlik om de eardere Trije Terpen by it Geestmer Mar giet. De tsjerke is boud yn it doarp Moarrewâld sels en leit dus net op in terp. Theun 31 aug 2009, 22.36 (CEST)[beäntwurdzje]

Bot flag request for HerculeBot

Hello, I would like to request the flag for my bot:

I currently run from the new ace.wikipedia, where many pages has not yet interwikis defined. Regards --Hercule 31 aug 2009, 10.41 (CEST)[beäntwurdzje]

I haven't seen the redirect-solving, as yet. Other than that: If you feel this wiki needs another IW-bot, please fix the no:-bug first. (See Almabot, above.)
It but please fix the no:-bug first. (See Almabot, above.)
Ik haw it ferbetterjen fan dûbelde synonimen noch net sjoen. Fierders hat de bot it no:-brek noch. Aliter 31 aug 2009, 19.21 (CEST)[beäntwurdzje]
The no:-bug is now fixed on the repository of pywikipedia.
I have ran some double redirects, and will continue updating interwikis
--Hercule 1 sep 2009, 08.45 (CEST)[beäntwurdzje]
I've seen the double-redirect fixes, and I'm not sure it's a good idea to fix them silently. One of them was a typo fixed by renaming again, By fixing the redirect, it gets harder to recognise that the typo page should really be deleted. Would it be possible to have that function set to slow speed and visible changes?
Ik haw it ferbetterjen fan de dûbelde synonimen sjoen en ik bin der net wis fan at it wol sa'n goed idee is dy ferbetterings stil te dwaan. Ien derfan wie in tikflater dy't ferbettere wie troch dy nochris om te neamen. Troch it ferbetterjen fan it sinonym wurdt it minder maklik te sjen dat de tikflaterside eins wiske wurde moat. Soe it mûglik wêze en haw dy funksje ynsteld op stadich en mei sichtbere feroarings? Aliter 1 sep 2009, 23.40 (CEST)[beäntwurdzje]
As I use pywikipedia I'm not sure it's possible to make it visible. But I can stop managing it. --Hercule 1 sep 2009, 23.45 (CEST)[beäntwurdzje]
Hercule hat my frege om hjir nei te sjen, om't aliter hjir in skoftsje net aktyf is. Ik sjoch fierders gjin swierrichheden dat ik jou HerlculeBot botstatus. Theun 13 nov 2009, 21.51 (CET)[beäntwurdzje]

No:-brek / No:-bug

Meidogger:Luckas Blade hat my witte litten dat yn de ôfrûne oere it pywikipedia-frame oanpast is, wêrtroch it brek net mear foarkomme moatte soe. Alle botmasters dy't ik warskôge haw, kinne gerêst wêze en de bot wer draaie litte.
User:Luckas Blade has let me know that in the past hour the pywikipedia frame has been patched, which means the bug should no longer occur. All bot masters that were warned by me, can now relax and start running their bots again. Aliter 1 sep 2009, 00.09 (CEST)[beäntwurdzje]

Do svn up your bots before you run them! ;-) --Purodha Blissenbach (Oerlis) 1 sep 2009, 13.07 (CEST)[beäntwurdzje]

Small request

Hello! I am a Polish wikipedian and I would like to ask you for writing a new article about former Polish President who won the Nobel Peace Prize in 1983 – Lech Wałęsa. I have looked for his article in your Wikipedia but without success. Polish Wikipedians will be grateful for your help. Thank you so much in advance! PS article in English you can find here. Best wishes from Poland, Patrol110 21 sep 2009, 23.11 (CEST)[beäntwurdzje]

The LocalisationUpdate extension has gone live

The LocalisationUpdate extension is now enabled for all Wikimedia projects. From now on new localisations that become available in SVN will become available to your project within 24 hours. Your localisations get into SVN from translatewiki.net typically within a day and at worst in two days. This is a huge improvement from the old practice where the localisations became available with new software. This could take weeks, even months.

The localisations done by our community at translatewiki.net are committed to SVN typically every day. When the system messages in English are the same as the local messages, they will now be inserted in a file and are available for use in all our projects in a timely manner

What this means for you

Local messages have an impact on the performance of our system. It is best when messages are as much as possible part of the system messages. In order to remove unnecessary duplication, all the messages that have a local localisation and are exactly the same as the system message will be removed. What we ask you to do is to compare and proof read the messages in translatewiki.net and the local messages. You can then either remove local messages when the translatewiki.net message is to be preferred or, you can update the message at translatewiki.net.

Messages that are specific to your project will have to stay as they are. You do want to check if the format and the variables of the message are still the same.

Why localise at translatewiki.net

When you localise at translatewiki.net, your messages will be used in all Wikimedia projects and eventually in all MediaWiki based projects. This is how we provide the standard support for your language. When messages change, at translatewiki.net you will be prompted to revisit your translations. Localising is more efficient because we have innovated the process to make you more efficient; there is text explaining about messages and we have applied AJAX technology to reduce the number of clicks you have to make.

Translatewiki.net update

How can we improve the usability for your language

We expect that with the implementation of LocalisationUpdate the usability of MediaWiki for your language will improve. We are now ready to look at other aspects of usability for your language as well. There are two questions we would like you to answer: Are there issues with the new functionality of the Usability Initiative Does MediaWiki support your language properly

The best way to answer the first question is to visit the translatewiki.net. Change the language to your language, select the “vector” skin and add the advanced tool bar in in the preferences and check out the new functionality. And make some changes in your user page. When there is a need to improve on the localisation, please make the necessary changess . It should update your localisation straight away. We would like you to report each issue individually at http://meta.wikimedia.org/wiki/Usability_issues.

When there are problems with the support of MediaWiki for your language, we really want to know about this. It is best to report each issue separately. In this way there will be no large mass of issues to resolve but we can address each issue on its own. Consider issues with the display of characters, the presentation of your script, the position of the side bar, the combination of text with other languages, scripts. It is best to try this in an environment like the prototype wiki as it provides you with a clean, basic and up to date environment. The prototype wiki is available for five languages but you can select any of them, change the preferences to your language and test out MediaWiki for your language.

We would like you to report each issue individually at http://meta.wikimedia.org/wiki/Language issues. The issues you raise will all be assessed. It is important to keep each issue separate, because this will make it easier to understand the issues and find solutions.

PS This text has been approved by Naoko, Brion and Siebrand. Thanks, GerardM 28 sep 2009, 23.27 (CEST)[beäntwurdzje]


Eric Burdon

Hallo, Der set skynber immen oeral mar "Eric Burdon" as "The Animals" tusken. Ik wol leauwe dat er de man graach hearre mei, mar binne al dy keppelings feitelik? Mysha

side van de wike

Foarige kear haw ik it idee oppert om te begjinnen mei in side fan de wike en ha no in earste stap set om soks ta te riden. Ik wol earst alle eardere siden fan de moanne dêrfoar brûke. Dan komme wy al in hiel ein. Wat fine jimme dêrfan. Sil ik it safier klear meitsje dat wy yn jannewaris takomd jier oergien kinne nei in side fan de wike? --Geoffrey 2 okt 2009, 22.30 (CEST)[beäntwurdzje]

In moai idee, mar om it fol te hâlden in poepetoer liket my. It soe moaier wêze at der mear minsken oan meidwaan soenen, dan is it better fol te hâlden tinkt my. Mar as jo der sels foar stean wolle: fiel jo frij.--Swarte Kees 2 okt 2009, 23.09 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik meitsje it fierder klear, ik sjoch wol hoe fier ik kom, kinne wy altyd beslisse oft it ree is om ynfierd te wurden.--Geoffrey 4 okt 2009, 13.52 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik sjoch do hast al in list makke. Om dit op de haadside sichtber te meitsjen kinst de folgjende koade brûke: {{Side fan de wike/wike {{CURRENTWEEK}} {{CURRENTYEAR}}}} . Mar dit hiest miskien sels ek al betocht (sjoch [4]) Theun 15 okt 2009, 21.02 (CEST)[beäntwurdzje]
Tanke Theun, nee safier wie ik noch net. --Geoffrey 15 okt 2009, 22.49 (CEST)[beäntwurdzje]
Noch ien berjocht en dan is it klear, sil ik de boel mar fêst omsette? Ik haw it útprobearre, sjoch Meidogger:Geoffrey/haadside en it wurket. --Geoffrey 24 okt 2009, 22.45 (CEST)[beäntwurdzje]
It stikje oer Kneppelfreed is wat ryklik lang wêrtrocht't it totaalbyld fan de side wat minder opfalt. Sa yn de gauwichheid te sjen lykje de stikjes fan kommende wiken my wat koarter ta. Mar efkes yn'e gaten hâlde tinkt my --Swarte Kees 12 nov 2009, 22.58 (CET).[beäntwurdzje]
Kloppet, der binne guons krekt wat te lang. Fiel jo frij --Geoffrey 12 nov 2009, 23.19 (CET)[beäntwurdzje]

Kalinders

Sa'n kalinder by de Jiersiden is wol aardich om ris te sjen, mar nimt in hiel soad plak yn fergelike mei Foarfallen-Berne-Ferstoarn. It beslacht hast de hiele rjochter helte fan sa'n side. Soe der oait ien nei sjen? Om my kin dy kalinderbrot der wol ôf, mar soks sil oaren wol te fier gean. Soe der dêrom ek in soarte "knopke" op makke wurde kinne om de kalinders te ferbergjen? Dus sjen litte/net sjen litte sa't dy ek op lange siden automatyske ferskynt by meardere haadstikken yn in artikel.--Swarte Kees 2 nov 2009, 22.30 (CET)[beäntwurdzje]

Ik haw der gjin lêst fan. It wurdt fansels wol oars as der mear op de side stiet. Ik fyn it al in moaie ynfal om sa'n knopke derby te dwaan, lykas by de 'Ynhald' op lange siden.J'88 2 nov 2009, 22.44 (CET)[beäntwurdzje]
Kloppet, der binne guons krekt wat te lang. Fiel jo frij --Geoffrey 12 nov 2009, 23.18 (CET)[beäntwurdzje]
No. 'k fiel my wol frij, mar ek frij beperkt yn myn technyske mooglikheden..--Swarte Kees 13 nov 2009, 07.50 (CET)[beäntwurdzje]
Ik hie mei sin by de oarspronklike opmaak gjin blok oan de rjochterkant set, om't ik fûn dat de fersteuring grutter wie as it foardiel. Sûnt is der betocht hoe't tekst ferhoalen wurde kin. Dat hat lykwols in neidiel: Wa't neffens in treffer fan in syktsjinst op de side komt, kin sykje wat er wol, mar at de tekst ferhoalen is kin er dy net fine. De kalinders op harsels hawwe itselde probleem as dy listen: It jout in soad falske treffers. Bygelyks, Ab urbe condita 1448. Dat, om my kin it fuort. It soe al goed wêze as de siden dy't elts fan de kalinders beskriuwe dúdlik oanjaan soenen hoe't der omrekkene wurde moast. Ik soe sizze dat immen dy't witte wol wat in beskaat jier neffens de Russyske revolúsjonêre kalinder wie, nei de side oer dy kalinder sjen sil, net dy oer it jier. Aliter 20 nov 2009, 20.30 (CET)[beäntwurdzje]

Wurk,

Yn de kategory Wurk http://fy.wikipedia.org/wiki/Kategory:Wurk steane no in stik as acht siden dêr't oan wurke wurdt. Soe elts dy't wolris sa'n side oanmakket hjir ris nei sjen kinne oft se faaks ferjitten binne? --Swarte Kees 12 nov 2009, 20.07 (CET)[beäntwurdzje]

Ik wol hjir noch efkes wat omtinken oan jaan. Binne dit noch artikels wêr't yndied oan wurke wurdt?--J'88 1 des 2009, 20.28 (CET)[beäntwurdzje]

Wisten jo dat ...

Wy ha no foar 52 wiken wistenjodatjses, it liket my ta dat wy no oer stappe kinne nei alle wiken ynstee fan ien kear ien de moanne. Ik haw it útprobearre en it wurket en pas de haadside oan. --Geoffrey 12 nov 2009, 22.26 (CET)[beäntwurdzje]

Moai en fluch dien! As it spul wurket moat it ek mar te sjen wêze.--Swarte Kees 12 nov 2009, 22.37 (CET)[beäntwurdzje]
Ik ha noch in wike 53 oanmakke moatten en ha dêrfoar in oar wike leech helle. Dat der kinne noch wat wisten jo dats by foar takomd jier. --Geoffrey 23 des 2009, 15.32 (CET)[beäntwurdzje]

Fjildwacht

Ik haw it idee dat it sa stadich in stik drokker wurdt op ús Wikipedy. Der komme in protte nije artikels by, mar der wurdt ek mear klierd. Meastentiids by it neisjen fan de dagen hawwe oaren de skeade al werstelt, mar fan 12 novimber kaam in nochal ris wat tsjin. Der wie in protte oer de holle sjoen. At wy achter rinne en der sitte in protte fan sokke dagen by dan is it in bult wurk om alles goed nei te sjen. Ik ferjit it ek wol gauris, mar wy moatte it wol mei syn allen yn'e gaten hâlden. Neffens my kinne wy mar in wike of twa achter rinne en dan kinne wy der net mear bykomme. Of is der ek noch in oare wize om feroarings fan anonimen nei te sjen? --Geoffrey 18 nov 2009, 20.17 (CET)[beäntwurdzje]

Net dat ik graach haw dat it mis rint, mar soe it ris skeef gean: Boppe-oan de side is it tal dagen en siden grutter yn te stellen. Aliter 20 nov 2009, 20.30 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw it even besjoen, mar it is my noch net dúdlik op hoeke wize dat ynsteld wurde moat? --Geoffrey 23 nov 2009, 17.14 (CET)[beäntwurdzje]

Efkes in tip: By de Spesjale Rubriken: Koarte Siden steane noch in hiele rige siden (sa'n 20) op de nominaasje om fuort te smiten. It liket my ta dat se al in hiel skoft yn it jiskefet sitte.--Swarte Kees 21 nov 2009, 19.52 (CET)[beäntwurdzje]

  • At jo in datum oanklikke dy't jo neisjen wolle, dan komme jo út op in "Koartlyn feroare"-side. Dy stiet dan ynsteld op 150 feroarings yn 7 dagen, Mar lykas oars, kinne jo it tal dagen en it tal siden fan Koartlyn Feroare boppe-oan dy side oanpasse. Aliter 25 nov 2009, 20.38 (CET)[beäntwurdzje]

Foarfêst útsetten

Ik haw de anoniem mei ip-nûmer 81.175.116.18 foarfêst útsletten omdat hjirwei allegeduerigen geklier fan komt. Neffens my is in skoalle yn Hollân. Mei iens of is it wat te slim?--Geoffrey 20 nov 2009, 15.16 (CET)[beäntwurdzje]

Och, om my meie wy oer in jier wolris sjen at de nije skoalbern fan it Komenius harren wat better ynhâlde kinne. Oars soe der kontakt socht wurde moatte mei de skoalle; faaks kin al dy oandacht wat positiver brûkt wurde. Aliter 20 nov 2009, 20.30 (CET)[beäntwurdzje]