Wikipedy:Oerlisside/Argyf11

Ut Wikipedy

Dit is in argyfside.
Pas de tekst op dizze side net mear oan.


Wikipedy:Oerlisside/Argyf11, argyf fan Wikipedy:Oerlisside:

  • Oerlis begûn fan 27 septimber 2008 oant en mei 19 april 2009.


Kûfurd

Hallo! Ik (of beter gezegd Robbot was wat op de Wikipedy met de interwiki's bezig, en daarbij vond ik dat jullie 2 artikelen over hetzelfde meer hebben, namelijk Kûfurd en De Kûfurd. Omdat ik niet weet welke tekstversie en welke titel het beste zijn, heb ik maar niet geprobeerd ze zelf samen te voegen, maar laat ik dat bij dezen aan jullie. Veel succes! - André Engels 27 sep 2008, 10.23 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw fan Kûfurd in redirect makke. Theun 26 okt 2008, 10.24 (CET)[beäntwurdzje]
It stik dêr't dit al sein waard stiet hjir net mear foar, mar Kûfurd wie de side dy't ik al ferbettere hie. Ik haw no fan de âlde ferzje ek De Kûfurd oanpast. Mysha

Kategory Frysk skriuwer en Fryske skriuwers

Op it stuit hawwe wy op ús Wikipedy foar Fryske skriuwers twa kategoryen, te witten Kategory: Frysk skriuwer en Kategory: Fryske skriuwers. Dat liket my ien te folle. Wêroan jouwe wy de foarkar? --Geoffrey 2 okt 2008, 23.43 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik miende der wie in foarkar foar skriuwers dy Frysk wìenen, boppe skriuwers dy Frysk skrèaunen. Aliter 3 okt 2008, 01.20 (CEST)[beäntwurdzje]

Inschrijvingen WCN 2008 geopend!

Misschien was het jullie al opgevallen: de inschrijvingen voor de WCN 2008 zijn geopend!
Zaterdag 1 november zal de conferentie plaatsvinden in Utrecht, met ook dit jaar weer tal van interessante sprekers. Bekijk het programma en schrijf je in op de website van de conferentie. Ciell 4 okt 2008, 08.15 (CEST)[beäntwurdzje]

Request Bot Flag for Ptbotgourou

Dear all, this is to request a bot flag for Ptbotgourou. Its technical information is summarized below.

  • Operator: Gdgourou
  • Automatic or Manually Assisted: autonomous mode
  • Programming Language(s): pywikipedia
  • Function Summary: interwiki links
  • Already has a bot flag on: more than 75 wikipedias + Global bot (70 more), see SUL table

Regards --Gdgourou 25 okt 2008, 16.19 (CEST)[beäntwurdzje]

Mei om my wol in botbitsje hawwe, neffens my binne de wizigings wol goed. Theun 26 okt 2008, 10.13 (CET)[beäntwurdzje]
Mei iens. Wy sjogge oars it limytnut al tichterby komme. Mei al syn wikis fynt er ornaris alinnich inkelde korresjes. Aliter 26 okt 2008, 22.15 (CET)[beäntwurdzje]
Botstatus jûn. Theun 1 nov 2008, 09.01 (CET)[beäntwurdzje]

Opspalkje

Ik haw in side oer de Nutekreaker oanmakke, oerset fan de:Tannenhäher. Dêr stiet by it iten fan de fûgel in stikje oer it meitsjen fan in winterfoarrie, oer dat de fûgel mei syn snaffel in gat wider makket.

yn de: erweitert es durch Aufsperren des Schnabels
no oerset mei: makket it dêrnei wider troch syn snaffel iepen te sperren

Yn it nl:fy wurdboek stiet wol by sperren, dat it opensperren fan de eagen yn it frysk opspalkjen is, mar ik haw myn twifels at dat hjir ek te brûken is. Is der ien dy't wit hoe at dit al moat / better kin. Theun 26 okt 2008, 10.13 (CET)[beäntwurdzje]

'k soe ik leau'k sizze "yn't wiidst iependwaan", mar soks is dan net in oersetting yn ien wurd.--Swarte Kees 26 okt 2008, 17.51 (CET)[beäntwurdzje]
Ik sil it ris besykje, bedankt. Theun 1 nov 2008, 09.01 (CET)[beäntwurdzje]

Bied triem oan

Niis kaam tafallich op de side : "Bied triem oan". It opskrift dekt neffens my de lading net. Bûten it wurd 'triem' sels is triem in algemiene namme foar tekst én ôfbylden. Kinne wy dizze trochferwizing net better feroarje yn "Bied ôfbyld oan"? Of hat hjir alris oerlis oer west?--Swarte Kees 26 okt 2008, 23.03 (CET)[beäntwurdzje]

Ik tink dat it opskrift "Bied triem oan" better de lading dekt as "Bied ôfbyld oan". It giet ommers net allinnich om ôfbyldings, mar ek om gelûd, fideo en dokuminten. Sjoch ek: Commons:Commons:File_types. --Bouwe Brouwer 27 okt 2008, 19.44 (CET)[beäntwurdzje]
Omt wy net folle lûd- en filmfragminten op de siden sette hie'k dêr net om tocht. Jo ha gelyk, dan litte wy it sa't it no is.--Swarte Kees 27 okt 2008, 19.51 (CET)[beäntwurdzje]
Wikimedia Commons is hast altyd in better plak foar triemmen, wielst se dan ek op oarstalige Wikipedy's brûkt wurde kinne. --Bouwe Brouwer 27 okt 2008, 20.23 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw de tekst wat oanpast. Dat ferhaal oer wat in better plak is, dêr moat eltsenien syn eigen oardiel mar oer foarmje. Aliter 2 nov 2008, 23.06 (CET)[beäntwurdzje]

Meidogger Riotto

Wat dogge wy mei dizze meidogger. Hy sit allinnich te rotsoaien, foarfêst útsletten?--Geoffrey 1 nov 2008, 08.13 (CET)[beäntwurdzje]

Fuortendalik foar altiten útslute, haw ik juster ek dien mei in grapjas dy't earst net ynlogt oant fernielen wie en doe't ik krekt it ip-address útsluten hie gie dêr op deselde siden troch mei in ynlognamme. Sokken blokkeare, fernielerij wêr weromsette en fierder gjin tiid oan ferdwaan. Theun 1 nov 2008, 08.41 (CET)[beäntwurdzje]
At is sa dúdlik is. dan soenen oanmelde meidoggers op dat adres faaks ek daalks meinaam wurde kinne. Aliter 2 nov 2008, 23.06 (CET)[beäntwurdzje]
Dat IP-address wie fan in skoalle, dat dan is de kans grut dat meardere persoanen troch dat IP-address op de wiki terjochte kommen. Hoewol ik net it idee haw dat fan de ROC Flevolân in protte oanfollings komme sille, is it better om soksoarte ip-addressen net mear at nêdich is te blokkearjen. Theun 3 nov 2008, 19.40 (CET)[beäntwurdzje]
Faaks soe op de meidoggerside fan it IP-adres skreaun wurde kinne dat it it adres fan in skoalle is; dan witte wy oare kear daalks hoe let oft it is. Aliter 3 nov 2008, 22.23 (CET)[beäntwurdzje]

Nammen as titels

Op Oerlis:Petrus Theodorus Heerschop waard frege wat wisânsje wie as titel: deistige nammen as nammen folút. Ik wit it ek net, mar ik haw it idee dat wy oant no ta meast de deistige namme dien hawwe. Foarbylden: Rely Jorritsma, Wim Duisenberg. Ik nim oan dat dêr ek mear op socht, en nei keppele, wurde sil Aliter 2 nov 2008, 23.06 (CET)[beäntwurdzje]

Oan de iene kant is it goed om regels ôf te sprekken, mar oan de oare kant moatte it net tefolle wurde. Hjir liket it my wichtiger dat der yn elts gefal in redirect by brûkt wurdt. Dus ien fan beide foarmen en de oare as redirect. Dan komme sykjenden teplak en kin der gjin strideraasje oer ûntstean. (Al is soks ek al wer hast in regel.)--Swarte Kees 2 nov 2008, 23.14 (CET)[beäntwurdzje]
Mei dizze side soe ik liuw ik leaver ek Peter Heerschop as sidenamme hawwe, mar ik tink dat ik yn dit soarte fan dingen ek net sa konsekwint west haw. In argumint om de meast brûkte namme as titel te brûken (en net as Redirekt) is dat de titelnamme ek sa yn de kategoryen te sjen is. En yn in namme as Petrus Theodorus Heerschop yn in listje mei nammen sil de measte minsken net fuortendalik Peter Heerschop herkenne. Theun 3 nov 2008, 19.40 (CET)[beäntwurdzje]
Dêr ha jo in punt,--Swarte Kees 3 nov 2008, 19.51 (CET)[beäntwurdzje]

Tuorrebout

Goemiddei.

As jo fanôf de Bûtetwei de Houtwallen ynride krije jo nei it earste hûske oan de rjuchterkant in sleat dy't nei efteren nei de tochtsleat rint. Dy sleat san 200. m lang stie fol mei tuorrebouten.Neffens my is dat in beskermde plant. Foar 14 dagen hat ( tink ik it wetterskip) de sleat skjinmakke en sa is der gjin tuorrebout mear oer. Hat it dan nochs wol sin om it de namme "beskermde plant te jaan? "

Graach in reaksje, Jangerben.

Goeijûn, as jo sjogge by it artikel Grutte Tuorrebout dan stiet dêr: "De tuorrebout stiet bekend as in beskerme plantesoarte, mar stiet net op de reade list en ek net op de List fan wetlik beskerme planten yn Nederlân". Dus dan sil it wol kloppe en dan mei it sekers. Groeten --Geoffrey 3 nov 2008, 18.17 (CET)[beäntwurdzje]
Ik nim oan dat Jangerben bedoelt dat it wol wat frjemd is dat de tuorrebout bekend stiet as in beskerme plant mar dat it dat net is. Ik haw efkes op de nederlânske wikipedy yn de skiednis sjoen (de fryske ferzje is oerset fan :nl) hoe at dat stikje deryn kaam is. It liket deryn kaam te wêzen troch in anonym al in jier as twa ferlyn. Fierder is net dúdlik wat dêr de boarne fan is. Ik koe fierder yn de gauwichheid op it ynternet hjir ek neat oer fine. Miskien is it better en helje dat stikje oer beskerme plant fuort. Theun 3 nov 2008, 19.15 (CET)[beäntwurdzje]
Dit is sa it ienichste plak dêr't ik der wat oer fine kin: <http://www.waterwereld.nu/lisdodde.php>. Faaks koe der dêr ris nei frege wurde. Der is oars al it grûn om tuorrebouten stean te litten: de baktearjes fan de Tuorrebout meitsje it wetter skjin. Mar der is oarsom ek in grûn om tuorrebouten fuort te heljen: hja geane troch oant alle romte fol tuorrebouten stiet. Aliter 3 nov 2008, 22.23 (CET)[beäntwurdzje]

Nedige Kategoryen

Al langer besykje ik de rubriken as "Siden sûnder Kategory", "Dûbelde Synonimen" en "Nedige Kategoryen" ( http://fy.wikipedia.org/wiki/Wiki:Nedige_kategoryen ) yn te koartsjen. By de Nedige Kategoryen wurdt de list lykwols hieltiten langer. Om se wei te heljen of oan te passen bin ik wat huverich. Dan moat ik ommers meastentiids op de side fan meidoggers guon saken feroarje. En dan noch: hoe feroaret men soks..? Hoe moatte wy hjirmei oan? --Swarte Kees 6 nov 2008, 11.46 (CET)[beäntwurdzje]

1 Kategory:Meidogger/Bot: Sis tsjin de makker dat er de kategoryen net ferjitte moat, dan makket dy de kategory oan, en ferbetteret de keppeling fan Kategory:Meidogger/Botstatus.
3 Kategory:Meidogger/Taal uk, 6 Kategory:Meidogger/Taal uk-M: Sis tsjin de makker dat dy de kategoryen net ferjitte moat, dan makket dy kopyen fan de taalkategoryen fan in oare taal, fwfm.
4 Kategory:Meidogger/Taal ms-M, 5 Kategory:Meidogger/Taal ms: Sis tsjin de makker dat dy de kategoryen net ferjitte moat, dan makket dy kopyen fan de taalkategoryen fan in oare taal, fwfm.
7 Kategory:Meidogger/Taal sk-1: Sis tsjin de makker dat dy de kategory net ferjitte moat, dan makket dy in kopy fan de taalkategory fan in oare taal, fwfm.
Dit is allegear babel-wurk; net wier fan belang, mar allinnich om in meidogger syn balke te jaan; dêrfan komt it dat it alris te fluch dien wurdt. Eltsenien dy't de teksten op meta as commons fine kin, kin ditsoarte fan berjochten en kategoryen bywurkje, troch in bekende frjemde taal as foarbyld te nimmen en in nije frjemde taal krektsa te dwaan.
2 Kategory:Candidates for speedy deletion is it gefolch fan dat gerommel mei berjocht delete. At de siden wier fuortmoatte, ferfang it berjocht dan troch in wiskwarskôging. Soe der al in side bywêze dy terjochte it stimpel fan "fluch wiskje" hat, dan kinne alle behearders dat dwaan, en de side Wikipedy:Siden wiskje hat der ek in seksje foar.
8. Kategory:Checkuser templates liket in ekspiriment fan in meidogger út Amearika te wêzen, tige entûsjaste mar sjocht net altiten alle konsekwinsjes. Set de kategory út mei help fan <nowiki>-marken, en lis dat út op de oerlisside. (Docht it mar yn twa talen; dy meidogger wol graach better Frysk leare.)
9. Kategory:Beafeartsplak: Oerlis mei de makker wat it doel wurde sil (en at "Beafeartsoarde" faaks better is). At de kategory der komme moat, skriuw dan it doel op de side en betink wêr't dy yn de kategorybeam past; der binne dan grif ek oare siden dy't der ûnder falle.
10. Kategory:Ynfoboks: Oerlis mei de makker wat it doel wurde sil. At de kategory der komme moat, skriuw dan it doel op de side en betink wêr't dy yn de kategorybeam past; der binne dan grif ek oare siden dy't der ûnder falle.
11 User it-N, 12 User it: Set op Meidogger:Lucio_Di_Madaura {{Babel|it}}, dat seit itselde.
Aliter 7 nov 2008, 05.17 (CET)[beäntwurdzje]

Kaart mei mark

Brêgegekte by 11-stêdetocht
{{Mark-kaart|[[Ofbyld:Alvestederoute.png]]}}
{{Mark|61|20}}
{{Mark|25.5|32.5|[[Ofbyld:Giel mark.svg|11px]]}}
{{Mark|45|89.5|Brêgegekte by 11-stêdetocht}}
{{Mark|0|0|[[Ofbyld:Pompebled2.gif‎]]}}
{{Mark|mark=[[Ofbyld:Pompebled2.gif‎]]|10|0}}
{{Mark|mark=[[Ofbyld:Pompebled2.gif‎]]|y=0|x=20}}
{{Mark-ein}}

Is dit wat? Aliter 8 nov 2008, 06.44 (CET)[beäntwurdzje]

Lokaasje fan Eagum
Fryslân
Sinne oer Fryslân

Nije ferzje: Alles mei itselde berjocht.

{{Mark|kaart=[[Ofbyld:Lânhealrûn.png|250px|Lokaasje fan Eagum]]}}
{{Mark|32|40|[[Ofbyld:Small arrow pointing right.png]]}}
{{Mark|mark=[[Ofbyld:Pompebled2.gif‎]]|y=40|x=50}}
{{Mark|51.5|41|Fryslân|laach=3}}
{{Mark|mark=[[Ofbyld:Sinne natoerreligyen.GIF|20px|Sinne oer Fryslân]]|10|5}}
{{Mark|ein=1}}

Is dit wat? Aliter 8 nov 2008, 18.53 (CET)[beäntwurdzje]

No ek demonstrearre op Meidogger:Eino81/Ecser‎. Aliter 9 nov 2008, 07.45 (CET)[beäntwurdzje]

Is op himsels wol handich, hiene jo in bepaald soart siden dy't mei in posysje kaartsje útwreide wurde kin, ik tink dan oan siden oer plakken, bouwurken ensfh.
It like my wol moai om bygelyks by soks as mûnen yn fryslân in simpele kaart fan fryslân te hawwen en dan alle mûnen der yn neutrale kleur op oan te jaan, en dan mei in opljochtsjende kleur de posysje fan de mûne te jaan. Dan hawwe je neist in posysje op de kaart ek in idee fan at der yn dy buert no in protte as mar inkele mûnen steane.
soksoarte siden kinne je fansels wêr yn alle foarmen betinke, eardere stinzen / kleasters om mar wat te neamen wêr't we noch net safolle siden fan hawwe.
Is fansels wol saak dat je in goed êftergrûn kaart materiaal hawwe. In goeie boarne soe fansels OSM wêze, dan kinne je mei in seleksje út de geografyske data dy't beskikber is sels in kaart in jo eigen útsjen oanmeitsje.
Jo hiene lêsten al jo betingsten oer it jildich wêzen fan de CC-lisinsje op de wikipedy. Dy diskusje is doe in bytsje hingjen bleaun. Ik haw lêsten wol yn it nijs sjoen dat der in foarstel is om de GFDL yn in nije ferzje (ferzje 1.3) sa oan te passen dat dat benammen foar de wikipedy betsjutte kin dat de CC-lisinsje wol brûkt wurde kin. Mar goed ik folgje dit ek net sa en wit net hoe en hoenear dit wêze sil. Theun 15 nov 2008, 10.27 (CET)[beäntwurdzje]

Der is no in GFDL 1.3, dy't it tastiet dat de grutte wiki's dy't no ûnder GFDL draaie, oergeane op CC-BY-SA. Dat is dien foar Wikimedia dy't fûnen dat hja fêstsieten yn GFDL. De oergong moat dan al foar augustus 2009 makke wurde. Mei dy útgong, nim ik oan dat de ideeën oer útwikseling mei CC út GFDL 2.0 helle wêze sille, om't dy der allinnich foar Wikimedia ynset wienen.

It idee fan it kaartsje kaam fan in bewurking fan Meidogger:Swarte Kees; Jemmingen, tink, dêr't er it kaartsje net krije koe. At de Iepen Plattegrûn CC is, dan moatte wy dêrfoar ôfwachtsje at Wikimedia wier oergiet. Ik wit net krekt wat ik sizze moat fan dit berjocht:

  • It foardiel: De wiki krijt gjin kaartsjes foar alle mûglike lokaasjes.
  • It neidiel: De wiki krijt gjin kaartsjes foar alle mûglike lokaasjes.

Kaatsjes kinne sa gau oanmakke wurde, mar der binne gjin gruttere ferzjes mei mear details: De basiskaart kin wol grutter wêze, mar dêr stiet it mark net op. At jo tinke dat der al wat mei dien wurde kin, dan skriuw ik de details út. Aliter 15 nov 2008, 19.02 (CET)[beäntwurdzje]

Betawiki update

PS Please help us complete the most wanted messages..

Botter

Ik haw alris tastimming frege om Meidogger:Botter hjir omstrune te litten, mar dêrnei die bliken dat it foar in goed-programmearre bot net mûglik is om him by de Wikipedy oan te melden. Ik haw doe op Meta tastimming frege om it dan mar oars te dwaan, mar dêr haw ik fansels gjin goede reaksje op hân, dat doe haw ik it mar sa litten.

Maar no sjoch ik wer ris nei dy bot om, en no wol ik der dochs in oplossing foar fine. Ik waard doe nei ús eigen rjochtenfurders ferwiisd, mar ik wit dat der gjin spesjaal rjocht is dat tastiet dat in bot de oanmeldside brûkt. Mar no is it yntusken sa, dat de triem robots.txt, dy't dy siden oan gjin inkelde bot tastiet, útwreide wurde kin fia MediaWiki:Robots.txt. Graach hie ik dat dêr ynset waard:

# Hjir begjinne de definysjes fan de Fryske Wikipedy:

User-agent: Botter
Disallow:

# Hjir eindigje de definysjes fan de Fryske Wikipedy:

Warskôging: Dan soe Botter op de Wikipedy net allinnich oanmelde kinne, mar ek oeral bykinne. Der is net in simpele oplossing dêr't allinnich by tastien wurdt om oan te melden en te bewurkjen, sûnder dat er ek nei siden kin dy't bygelyks de bots fan Google ferbean binne. Oarsom hat dat fansels ek in grûn: Google-bots nimme oars bysûndere siden op dy't net yn de syktsjinst hearre; Botter soe faaks al ynformaasje fan dy siden helje kinne, en oars hoech ik de bot der net hinne te stjoeren.

Ik wol myn eigen bot fansels gjin foarkarsbehanneling jaan, dat ik freegje de oare meidoggers wat dy der fan fine. Aliter 14 nov 2008, 20.41 (CET)[beäntwurdzje]

Efkes foarôf, ik haw my eins nea drok makke om bots en wit neat fan de details. Ik hie it idee dat de normale bots harren ek oanmelde, de bydragen wurde teminsten ûnder de botnamme dien. Is it dan sa dat de bestjoerder fan de bot dat hieltiten mei de hân de bot earst oanmelde moat?
Dat soe dochs ferrekte ûnhandich wêze. Op himsels haw ik hjir dan gjin beswier tsjin, moar jout it dan sa'n foardiel dat je op ien wikipedy net mei de hân oan hoege te melden. It jout dan dochs allinne in foardiel at it by in grut tal wikipedies wurket. Theun 15 nov 2008, 10.27 (CET)[beäntwurdzje]

At de bestjoerder him fia syn blêder oanmelde soe, dan hat dat gjin doel; in bot is, ornaris, in ûnôfhinklik programma, dat it gefolch soe itselde wêze as at jo earst oanmelde yn FjoerFoks en dan siden lêze mei Ynternet Ferkenner: dêr binne jo dan net oanmelde, dat in bot soe dan ek net oanmelde wêze.

Dat oanmelden, dat wie om't dat de ienichste funksje wie dy't de âlde ferzje fan Botter dwaan koe ôfsjoen fan siden opfrege, en dat opfreegjen koe fansels krekt sa't in lêzer dat docht. Mar ik haw i nije ferzje skreaun en no soe Botter ek siden festlizze kinne, wat mei itselde systeem giet as it oanmelden. Foar minsken is dat '/w/index.php', dêr't bots net bykomme meije, dat ik hie altiten it idee dat oare botprogrammeurs harren net oan de regels holden. Mar no wit ik dat der foar bots no in oare tagong makke is: '/w/api.php', der't de bots neffens robots.txt ek gjin tagong ta hawwe. Tsja ...

Ik sil der in brekmelding oer dwaan, mar foar no liket dit de ienichste oplossing (oant alle oare problemen mei ús robots.txt-systeem oplost binne). Aliter 15 nov 2008, 19.02 (CET)[beäntwurdzje]



Bot flag for Luckas-bot

Thanks. Luckas Blade 13 nov 2008, 23.35 (CET)[beäntwurdzje]

Luckas-bot wol graach botstatus (ik haw dit efkes kopiearre fan myn eigen oerlisside, dit liket my in better plak.
Ik soe sizze dat Luckas-bot earst in tal bewurkings docht sadat wy sjen kinne dat dat goed funksionearret. Kinne wy dêrnei beslisse oer de botstatus.
Luckas-bot is asking for botstatus (I copied it from my own talk-page, this is a better place for such a request.
I would suggest dat Luckas-bot is first doing a number of adjustments at a moderate speed, so we can see its working alright. After that we can decide on assigning the botflag. Theun 15 nov 2008, 10.27 (CET)[beäntwurdzje]
Luckas-bot hat sa as frege, in beheind tal bewurkings dien, liket my wol goed ta. Om't hjir gjin kommentaar west hat op syn bewurkings jou ik him bot-status. Theun 30 des 2008, 12.18 (CET)[beäntwurdzje]
Luckas-bot has done some changes as asked, it seems good to me. While there hasn't been any comments over here I grant him bot-status. Theun 30 des 2008, 12.18 (CET)[beäntwurdzje]

The most often used MediaWiki messages

Hoi, the most often used MediaWiki messages (less than 25% of all MediaWiki messages) are the most visible messages. They help our readers and editors the most. We are aiming to get these messages localised for as many languages as possible by the end of the year. Please help us and yourself and localise these messages. Thanks, GerardM 17 nov 2008, 14.11 (CET)[beäntwurdzje]

9.999 +1

Hallo, Ik haw der in skoftke net west, mar ik haw sjoen dat der út myn namme dochs ferskate ûnsinsiden ta serieuze siden útwreide binne. Mar no binne der 9.742 siden; fan it simmer hie ik útrekkene dat wy om 21 desimber hinne foarby de 9.999 siden wêze soenen. Wolle wy dêr diskear al wat mei dwaan, of hawwe wy leaver net tefolle oandacht? Mysha

Ik tink al dat der wat oandacht oan skonken wurde moat. In stikje in de Ljouwerter Krante en it Frysk Deibled soe moai weze fansels. Dat smiet in protte oandacht op dat wer goed is foar de Fryske Wikipedy.
10.000 siden is in mylpeal, krektsa as mei de 5.000 siden yn 2007. In parseberjocht liket my op syn plak. --Geoffrey 17 nov 2008, 19.15 (CET)[beäntwurdzje]
Goed, ik haw der in parseberjocht makke, ôflaat fan it berjocht fan de Hollânske dy't 500.000 siden hawwe. Moat der noch wat oars by, wat spesifyk Fryske Wikipedy is? En moatte der ek kontaktpersoanen foar de parse by? (Hawwe wy dy?) En dan fansels: hoe moat dit ferspraat wurde at it sa fier is? Mysha
Ik haw no de stjoerlist fan it foarige parseberjocht oernaam. Binne al dy adressen noch goed? En moatte der faaks noch adressen by? By it foerige berjocht waard noch frege: Binne der lokale stjoerders en kranten? Wolle wy de parseburo's ek oanskriuwe? Mysha 11 des 2008, 10.48 (CET)[beäntwurdzje]
Ik sjoch, by nl: binne der ek in pear minsken dy't de parse te wurd stean kinne. Wolle wy kontakpersoanen opjaan by dit parseberjocht? Ik wit net at eltsenien fan de parse it gewoan is om hjir de Oerlisside op te sykjen. Mysha
Moat der ek in oersetting nei it Nederlânsk komme fan it parseberjocht? En dan in list fan adressen dy't faaks dy ferzje hawwe woenen. Op de babbellist waard it Nijsblêd fan it Noarden neamd. Mysha

Fûnswinnen

Ik sjoch boppeoan de siden no hieltiten nederlânske teksten fan it fûnswinnen. No hawwe Aliter en Pyt de teksten al yn it frysk oerset ([1]). Hoe sjogge oaren dit, giet hjir noch wat ferkeard. Theun 3 des 2008, 19.20 (CET)[beäntwurdzje]

By my stiet al 'Wikipedy', mar wat dêrnei stiet is gewoan yn it Nederlânsk.J'88
It is in mjuks fan Fryske berjochten en Hollânske, liket it it. Mysha

Utnoeging: Lytse talen op Ynternet

Foar wa't soks nijsgjirrich fynt: de Nederlânske kommisje fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) organisearret op 16 desimber 2008 yn Ljouwert in gearkomste oer it téma Lytse talen op Ynternet: Nije kânsen of deade mosken!? Koartsein: Hoe stiet it eins mei de ynformaasjefoarsjenning en taalbefoardering fia ynternet by de Friezen en de Nedersaksen? Foar mear ynformaasje sjoch hjir. Wutsje 12 des 2008, 17.58 (CET)[beäntwurdzje]

Nijsgjirrich; ik besykje der by te wêzen. Wat sizze jimme: Is in projekt foar it mienskiplik skriuwen fan in ensyklopedy op ynternet, mei 9938 siden, ek in kâns foar it Frysk, as is it in deade mosk? Mysha
Spitich, ik hie tocht dat dit woansdei wie. Tiisdei koe ik net. Hat der noch in oar hinne west? Mysha

Oerlisside

Hallo, Ik haw al in pear kear sjoen dat lju dy't wat feroare hawwe woenen, de Oerlisside net seagen. Moatte wy de oerlis apart yn de rige fan keppelings opnimme? Mysha

Babbellist

Der is in babbellist foar de Fryske Wikipedy op irc.freenode.net: #wikipedia-fy. Is der hjir immen dy' t dêr behearder fan is? Der stiet no in wat nuvere titel op. Mysha

Mei help fan Wutsje en effeietsanders is it oplost. It wie doe drok op dy list, jim wolle it net leauwe. Wol seis minsken tagelyk presint! (-:
Mar goed, wy hawwe dus in funksjonearjende babbellist. Mysha

It jier 2008

Is der immen dy't wit wat der yn 2008 bart is, dy't dy side wat bywurkje kin? Mysha

At wy de krante fan Aldjiersdei ôfwachtsje is in oersjoch daliks foar hannen,--Swarte Kees 20 des 2008, 14.21 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw it ding net sjoen, troch it ien of oar. Stienen der noch wat Fryske foarfallen by dy't wy tafoegje koenen? Mysha
Middels de side fan it argyf fan de Ljouwerter Krante is alles noch wol te besetten. --Swarte Kees 20 apr 2009, 13.42 (CEST)[beäntwurdzje]

10.000

Hy is der!

Op dizze side stiet by my dat we der 10.000 ha: http://fy.wikipedia.org/w/index.php?title=Wiki:Statistyk&action=raw

It parseberjocht kin de doar út.

Hokker side de 10.000e wie is my net dúdlik.

J'88

Ik kin it parseberjocht wol stjoere. Mar ik sil it earst bywurkje. Mysha
Binne der noch lju dy't nei de babbellist komme woll foar "oerlis"? Mysha

Hat fy:wiki eins in parsekontakt? Ik kin my yntinke dat der guon binne dy't hjiroer mear witte wolle. Dan soe it wol aardich wêze as immen der yn it Frysk mear oer fertelle kin. Wutsje 21 des 2008, 23.13 (CET)[beäntwurdzje]

Hoi Friese wikipedianen! Van harte gefeliciteerd met het 10.000ste artikel. Ellywa 21 des 2008, 23.24 (CET)[beäntwurdzje]
Effeietsanders hat de nl-ferzje fan it parseberjocht útgean litten, en ik had de fy-ferzje stjoerd. No ris sjen wat der yn ' e krante komt. Mysha
Ziehier: Tienduizend artikelen in Fryske Wikipedy Efkeswatoars 22 des 2008, 12.50 (CET)[beäntwurdzje]
Omrop Fryslân: Fryske Wiki: 10.000 artikels - Robotje 23 des 2008, 06.53 (CET)[beäntwurdzje]

Kin immen yn dy koprigel in keppeling nei it parseberjocht opnimme? Wat yn de Ljouwerter krante stiet is net itselde as wat yn ús berjocht stie (of wat ik sein haw oer de tillefoan). Dan wie it wol maklik at de minsken it Folsleine Parseberjocht neilêze koenen. Mysha

Overigens nu ook: De Fryske Wikipedy 10.000 (Fryske beweging). Zag trouwens ook dit: Wikipedy is de vierde Friestalige website!. Efkeswatoars 23 des 2008, 08.20 (CET)[beäntwurdzje]
Van harte gefeliciteerd!! Romaine 23 des 2008, 12.11 (CET)[beäntwurdzje]

Lokwinske allegear, dat giet wol hurd. Ik wy in pear dagen fuort en hie net yn de gaten dat dit al foar de Krystdagen barre soe. Ek noch tank oan Mysha dat hy himsels as parsekontakt beskikber stelt hat. Is it fraachpetear op Omrop Fryslân noch earne te hearren? (De ferwizing dy't Ellywa op Mysha's side set hat laat nei it plaatsje en net nei in audio triem). Theun 24 des 2008, 13.58 (CET)[beäntwurdzje]

Moai wurk Durk! It giet as it spoar. De Fryske Wikipedy is troch alle publisiteit no de 2e Fryske website.(sjoch de link de bydrage fan "justjes oars") B. 24 des 2008, 22.57 (CET)[beäntwurdzje]

Kryst

Noflike Kryst allegear, minsken! Mysha

List

Dit lemma - List fan wetlik beskerme planten yn Nederlân - hannelet wier oer in list. Disse lemma's - List fan teologen, List mei Boergondyske keningen - jouwe Teologen en Boergondyske keningen, en dat is wat de lêzer ek sykje sil. Aliter 28 des 2008, 03.21 (CET)[beäntwurdzje]

Dat in protte fan dy "list"-en wienen better sûnder dy beheining. Aliter 7 jan 2009, 01.17 (CET)[beäntwurdzje]

Nijjier

By dizze wol ik alle Wikipedianen in protte lok en seine yn it nije jier tawinskje. J'88

Folle Lok en Seine, minsken. Wat sizze jimme fan in Nijjierssûpke? Mysha
Ek eltsenien noch in lokkich nijjier tawinske. Hoewol ik hjir de lêste moannen net sa'n bulte tiid trochbring liket in gesellige gearkomste lykas ferline jier my ek wol wat, mear leafhawwers? Theun 12 jan 2009, 17.09 (CET)[beäntwurdzje]
Dat wie leuk ferline jier, ik bin wer fan de partij--Geoffrey 12 jan 2009, 19.24 (CET)[beäntwurdzje]
Hoenear past it jim? En wêr? No't it smookjen ferbean is soe it finen fan in gaadlike kroech net sa'n probleem wêze moatte. Mysha
Ik stel út: freed 21 febrewaris. Past dat? Mysha

Sjabloan

Binne der ek al sjabloanen foar persoanen en proffesjonele fuotbalklups? Sa net, soe immen dizze dan meitsje kinne? Ik ha sels gjin idee hoe solks moat. J'88

Wat moat dat berjocht foar minsken dwaan? Moat it berjocht foar in beropsfuotbalklub oars wêze as foar in amateurklub? Aliter 7 jan 2009, 01.17 (CET)[beäntwurdzje]

By de profklups soe ik wat mear ynformaasje tafoege wolle. Bygelyks de stiftingsdatum, fuotbalstadion (en tal plakken) en de trener. Mar ik betink my krek dat ik dat misskien sels wol gewoan tahekje kin yn it berjocht 'Ynfoboks Sportklub'. Of is dat net mooglik? J'88
Der is al in oprjochtdatum yn dat berjocht. Der is ek "fjilden"; dat faaks mei it stadion te krijen hat. Freegje oars at dejinge dy't dat opnaam hat dat ek dokumintearje kin. Foar trener jildt itselde as foar oare faak-feroarjende gegevens: It kin opnaam wurde, mar dan moat it al byhâlden wurde. Dat soarte fan ynformaasje soe oan dy ynfoboks taheake wurde kinne, en dan ek beskreaun wurde yn de dokumintaasje. Aliter 8 jan 2009, 02.52 (CET)[beäntwurdzje]

Noard-Fryske nammen

De kommende tiid wol ik wat oan de gong mei ûnderwerpen oer Noard-Fryslân. No is myn fraach: wat wy dogge mei nammen dêr't net in Fryske namme foar is, mar bygelyks al in Noardfryske. Brûke wy die dan? Of bygelyks de Dútske of Deenske namme. By de side oer Ederstedt ha ik dêr eins al efkes oer twifele om de Noardfryske namme te neamen.J'88

Goeie fraach, soks haw ik mei ek ôffrege oer de Westfryske nammen. Neffens my ha wy dêr gjin regel foar. Wy bin fansels net bûn oan Nederlânsktalige nammen--Geoffrey 7 jan 2009, 22.48 (CET)[beäntwurdzje]
Ik tink datst wol de Noard-Fryske stavering oernimme kinst, útsein as it byt my de Fryske staveringsregels.
Krekt as foar Eastfryslân soe ik de Fryske nammen brûke, dêr't dat kin. Dat is dan de lokale Fryske namme, útsein der sitte werkenbere eleminten yn dy't by it praten daalks omset wurde soenen: Noard-, Lyts-, Suder-, -stêd, -each, -strân, ensfh. Strikt naam soe it al betsjutte dat der wat nammen werstavere wurde moatte om de útspraak. Aliter 8 jan 2009, 02.52 (CET)[beäntwurdzje]

û foar de r yn nammen fan lannen

Juster oerlis hân mei Swarte Kees en kening Aldgilis oer de û yn Bûrkina Faso en Bûrûndy. Mar foardat wy alles werneame gean, kinne wy net better earst de side my alle lannen by del. Oars wurdt it neffens my wat hap en snap wurk. In fraach, hoe sit dat eins my alle lannen nammen, binne dy ek offisjeel fêststelt yn it Frysk? --Geoffrey 11 jan 2009, 16.45 (CET)[beäntwurdzje]

foarút rinnend op in eventuele diskusje haw ik de werneamingen fan dizze twa lannen tebek set.
Wy hawwe hjir ek in eksterne boarne foar oanhâlden, bûtenlânske ierdrykskundige nammen. Sille tink ik ek sa yn it nije wurdboek komme. Theun 12 jan 2009, 17.09 (CET)[beäntwurdzje]
Foar de lannenammen hawwe wy it Frysk Wurdboek as de list fan Bûtenlânske ierdrykskundige nammen fan it Taalburo oanholden. Yn it hânwurdboek binne wy foar de lannenammen werom by stavering fan Frysk as dialekt fan it Hollânsk, dat at dy lju yn 'e sleat springe, dan leit it hânwurdboek der ek yn. De wurdt al oanjûn dat der ek oare fariaasjes binne, dy't hja net opnimme, dat ik stel út wy nimme dy romte om it te litten sa't it no is. Aliter 5 feb 2009, 00.30 (CET)[beäntwurdzje]

fjildwacht

Achte meidoggers en oare behearders, Gien wy troch my fjildwacht it nije jier? Ik haw it idee dat op it stuit it sa'n bytsje de ienige bin dy't him der geregeldwei mei dwaande hâld. It meastepart fan wat de anonimen feroaret is goed, sa no en dan sit der ien te klieren en faak hat in optinkende meidogger it al wer tebek set. Mar sa no en dan slipt der wat troch. Akseptearre wy dat? It nije jier is al wer twa wiken ferstrekken. Ik wol myn partsje wol dwaan, mar net allinnich. Gr. --Geoffrey 15 jan 2009, 19.12 (CET)[beäntwurdzje]

Tsja, dat sil sa bliuwe, útsein der komme mear minsken. Mei in lyts ploegje binne der altiten saken dy't in skoftke op ien persoan oankomme, gewoan om't it sa útkomt. Aliter 5 feb 2009, 00.30 (CET)[beäntwurdzje]

DialectWiki

Hallo dialectvrienden,


het zou leuk zijn als juillie hier een kijkje zouden nemen:

http://meta.wikimedia.org/wiki/DialectWiki

Verdere uitleg:

Hat zal een dialctwoordenboek ontstaan die zowel idiomen also ook hele zinnen zou kunnen bevatten. Ik heb contact gehad met Paul Hemetsberger die zo iets soortgelijks al heeft ontwikkeld. En hij is er ook erin geslaagd een audiomodule er aan toe te voegen: http://www.dict.cc/

Het plan is om meer en meer dialacten of regionale talen er aan toe te voegen. Ik heb ca. 20 Europese plus vier Americaanse taalinstituten gecontacteerd.

Om te beginnen zou het Nederlands-Duitse taalgebied het best geschikt zijn omdat er al taalrijke dialectwikipedias bestaan.

Het belangrijkste onderdeel van een nieuwe DialectWikipedia zou een kaart zijn, b.v. http://meta.wikimedia.org/wiki/WikiMiniAtlas/de . Deze kaart zou dialectkaarten kunnen bevatten (zo als GoogleMaps) zodat iedereen, die bijdraagt, zijn geboorteplaat of plaats van herkomst ingeeft en die is dan weer gelinkt aan de database.

Deze kaart zou al voorgeconfigureerd kunnen worden met behulp van de locale supporters (juillie) of door de taalinstituten zodat men de resultaten van een klein gebied bij elkaar kan voegen.

De directeur van het Schoots taalinstituut heeft b.v. erop gewezen dat het Schoots vijf hoofddialecten telt. In het Nederlands taalgebied kan men er naast de drie hoofdgebieden nog veel meer vinden.

Ikzelf ben nieuw op Wikipedia en probeer zo vel mogelijk technisch kennis te vergaderen om een prototype in de lucht te krijgen maar heb voor dit doel uiteraard help nodig. Voor het gaval dat juillie ideen hebben of sterker nog willen meedoen hoor ik het graag.

Een weetje om de kaart in te lassen of het inbrengen van een audiomodule en vooral het aanmaken van een geschikte database zou het puntje van de zalm zijn.

Met vriendelijke groet

==Bovelett 16 jan 2009, 15.51 (CET)[beäntwurdzje]

Bovelett hat in idee foar in dialektwiki. Hy hat der skynber net oan tocht út te lizzen hokfoar ferbân er sjocht mei dizze wikipedy. Aliter 5 feb 2009, 00.30 (CET)[beäntwurdzje]

Ofbylden

Niis haw ik in fiiftal ôfbylden oanbean fan Abe Gerlsma. No is der op de side oer AG mar plak foar twa. No bliuwe dy oare trije fansels wol stean, mar hoe wit men letter oft der noch mear ôfbylden beskikber binne? Hoe witte wy oer in jier of sa noch dat der noch trije oaren binne? Se sille faaks kategorisearre wurde moatte of sa, der is ommers in side mei: net-kategorisearre ôfbylden, mar wêr stiet hoe't soks moat? Of moatte alle oanbeane triemmen oanbean wurde yn de kategory:Wikipedia? --Swarte Kees 3 feb 2009, 20.43 (CET)[beäntwurdzje]

Ofbylden kinne kategoryen hawwe, krekt as oare siden. Pas de ôfbyldside oan en foegje in kategory ta. Mei <gallery>...<gallery> kinne fansels ek mear ôfbylden lyts op de side sels opnaam wurde. Aliter 5 feb 2009, 00.30 (CET)[beäntwurdzje]

Skriuwer/skriuwers

Wat is eins it ferhaal efter it bestean fan sawol de kategory Frysk skriuwer as dy fan Fryske skriuwers? Is dat net wat dûbelop? Wutsje 10 feb 2009, 05.14 (CET)[beäntwurdzje]

Ja, dat is seker dûbelop. Ik hie dat ek al sjoen. Ik tink dat dy fan Fryske skriuwers fuort moat.
Ek fûn ik juster in kategory mei de namme: Kategory:Bekende Fries . Die fûn ik ek wat nuver. J'88
Ik haw de list fan kategoriën ris besjoen. It gros fan de kategoriën is yn it iental; de útsûnderings binne almeast begripen dy't fan harsels yn it meartal binne. Dat dan binne Kategory:Fryske skriuwers en Kategory:Bekende Friezen ferkeard, en Kategory:Fryske skriuwer en Kategory:Bekende Fries goed, al wit ik net wat der mei dy lêste moat. "Fryskskriuwer" is in prachtich wurdt mei dy dûbelde "sk", mar dat betsjut fansels wat oars. Mysha
Dat is in moaien ien Mysha, Fryskskriuwer. Die mar dwaan dan?

De kategory fan Bekende Friezen ken neffens my wol fuort. Wannear binne hja no in bekende Fries? J'88

Ik soe sizze: Frysk skriuwer - iental dus. En dan bygelyks ek Frysk keunstner yn stee fan Fryske keunstners. Wutsje 10 feb 2009, 18.39 (CET)[beäntwurdzje]

Neffens Aliter wie der in foarkar foar skriuwers dy Frysk wìenen, boppe skriuwers dy Frysk skrèaunen, teminsten dat hak fan him begrepen. --Geoffrey 10 feb 2009, 20.56 (CET)[beäntwurdzje]

Dêr is faaks wol wat foar te sizzen, al wit ik net at sa'n ûnderskied wol oan de gemiddelde lêzer bestege is. Mar soenen dan al dy oare kats dy't hjir op lykje om deselde reden eins net ek feroare wurde moatte dan, sa as Frysk akteur, arsjitekt, dirigint, esfh? Wutsje 11 feb 2009, 17.21 (CET)[beäntwurdzje]

Is hjir noch wat útkaam, faaks út oerlis mei taalkundigen? Mysha

Translatewiki.net update

  • Translatewiki.net formerly known as Betawiki is where the Internationalisation and Localisation of MediaWiki is concentrated. Over 300 languages are supported, issues with MediaWiki programs are dealt with. We need all the help we can get to ensure that we can maintain this service in the face of an increasing workload.

Tal besikers Wikipedy

Mear foar de aardichheid: Is earne nei te gean hoefolle besikers der op in dei/moanne op de Fryske Wikipedy komme te sjen? De tabel en gegevens fan Erik Zachte jout in bulte sifers, mar in teller fan besisite sit dêr der net by.--Swarte Kees 14 feb 2009, 08.40 (CET)[beäntwurdzje]

Dit jout wol in yndruk. Wutsje 14 feb 2009, 15.34 (CET)[beäntwurdzje]
Tige tank Wutsje. It tal besikers falt my neat ôf. --Swarte Kees 15 feb 2009, 08.23 (CET)[beäntwurdzje]

Wikimania 2010 in Amsterdam

Vanuit de Vereniging Wikimedia Nederland heeft een groep Wikimedianen de handen ineengeslagen om een bid te creëeren en Wikimania (het jaarlijkse internationale evenement van Wikimedia) in 2010 naar Amsterdam te halen. We zijn op zoek naar enthousiaste gebruikers (niet per se leden van de vereniging) die graag willen helpen om dit bid tot een succes te maken. Op meta is een lijst te vinden van zaken die gedaan moeten worden, maar ook mensen die hier geen tijd voor hebben en gewoon hun steun voor het bid uit willen spreken zijn van harte welkom! Ciell 26 feb 2009 11:33 (UTC)

Kabouter pimpelnoas

De tekst fan dit nije lemma komt streekrjocht van dizze side. Ik wit net wat op fy:wiki wat soks oanbelanget it belied is, maar my liket it in skeining fan auteursrjochten. Groetenis, Wutsje 4 mrt 2009, 23.01 (CET)[beäntwurdzje]

It belied is om sokke tekst sa gau as mûglik is fuort te heljen. It fuortheljen fan de side hastiget lykwols net, en faak wurdt de ûntliende ynhâld yn oare wurden wer tafoege, dat dan kin de side ret wurde. Aliter 10 mrt 2009, 00.07 (CET)[beäntwurdzje]

Wijard Jelckama & Rienk Hilarius

  • Op nl:wiki is it lemma oer Wijard Jelckama foardroegen foar ferwidering. Op dizze wiki is dy diskusje no ek iepene. Graach jo reaksjes hjir.
  • Itselde spilet op nl:wiki ek mei Rienk Hilarius, dy't dêr Rienk de Grote neamd wurdt. Reaksjes dêrop graach hjir.
  • De diskusjes hjiroer op nl:wiki binne hjir te finen.

Wutsje 7 mrt 2009, 17.10 (CET)[beäntwurdzje]

Bot flag for Darkicebot

Hi there. I would like someone to grant my bot, Darkicebot, the bot flag on this Wikipedia. Thanks, Razorflame 8 mrt 2009, 05.03 (CET)[beäntwurdzje]

Darkicebot is my wat te drok, foar sa'n lytse wikipedy, mar hy liket it al goed te dwaan. Aliter 10 mrt 2009, 00.07 (CET)[beäntwurdzje]
Hy liket my ek gjin kwea te dwaan. Om my mei it wol. Wutsje 11 mrt 2009, 06.21 (CET)[beäntwurdzje]
Liket my ek gjin probleem, fuortendalik mar takent. Theun 14 mrt 2009, 09.49 (CET)[beäntwurdzje]

Behearder

In fraach: hoe kin men hjir behearder wurde? My falt op dat net alle behearders op fy:wiki altyd like aktyf binne. Dat kin fansels sa komme en it jout ek net, mar ik krij de yndruk dat dêrtroch guon saken by riten wol wat lang lizze, bygelyks hjir. Sels bin ik sûnt ferline simmer behearder op nl:wiki, dus ik haw der sa súntsjesoan wol wat slach fan krigen. Ik wol it hjir ek wol dwaan. Wutsje 9 mrt 2009, 21.04 (CET)[beäntwurdzje]

Jûn Wutsje, goed om te hearren, wy kin hjir wol wat help brûke. Do moast Theun ris freegje, neffens my kin hy guon behearder meitsje, dat hat er al dien by my ferlyn jier. --Geoffrey 9 mrt 2009, 21.15 (CET)[beäntwurdzje]
Dat is simpel: Immen dy't behearder wurde wol freget op Wikipedy:Oerlisside at it goed is, en nei in wike wurdt er dan behearder makke (at it net daalks bart dan moat ien fan de rjochtenútfurders efkes wekkerskodde wurde).
De reden fan dy grutte list op Kategory:Siden_mei_wiskwarskôging is dat wy wurkje mei in side Wikipedy:Siden wiskje, dêr't op oanjûn wurde kin hokfoar side wêrom wiske wurde moat, en dêr't de beswieren ek skreaun wurde kinne. It bliuwt nuver hoe't der dochs altiten siden binne dy't der net byskreaun wurde. (Lêsten noch ien dy't soks frege op Geoffrey syn oerlisside, wylst op har/syn eigen oerlisside stiet dat it systeem hjir oars is.) At jo it oan tiid hawwe, soenen jo ris sjen kinne hokfoar siden op Wikipedy:Siden wiskje stean moatten hienen, en hokfoar siden hielendal net fuort hoege. Dûbeld wurk, fansels, mar it is net oars. Aliter 10 mrt 2009, 00.07 (CET)[beäntwurdzje]
Kin ik oannimme dat it boppensteande dy fraach wie? Aliter 14 mrt 2009, 23.51 (CET)[beäntwurdzje]
It wie earst net sa bedoeld, mar no't ik de útlis lêzen haw: ja. Wutsje 15 mrt 2009, 00.28 (CET)[beäntwurdzje]
In skoft lyn hie Wutsje in fraach dien oer behearder wurde, en ek antwurd krigen. Wurdt de man no ferjitten of is it wachtsjen op de 'offisjele' oanfraach op dizze side? --Swarte Kees 8 apr 2009, 14.21 (CEST)[beäntwurdzje]
Nee, it wachtsjen wie oant ien fan de rjochtenútfurders wekkerskodde waard. Ik hie it ynearst noch litten om't der net allinnich gjin reaksjes tsjin wienen, mar ek gjin reaksjes foar. Mar de tiid hâld gjin skoft, dat: Sis ris "Goeie" tsjin ús nij behearder. Aliter 10 apr 2009, 01.17 (CEST)[beäntwurdzje]

Siden wiskje

Ferskate minsken hawwe al warskôge dat der yn Kategory:Siden_mei_wiskwarskôging in hiele list fan siden stiet. Dat is nuver, want op Wikipedy:Siden wiskje, dêr't de reden foar al dy warskôgings stean moatte soe, is de list mar koart.

Ik nim oan dat eltsenien wolris ferjit in side op te nimmen. Kinne wy allegear neisjen at der warskôgingen by binne dy't wy sels tafoegd hawwe en dy't noch op Siden Wiskje set wurde moat? Aliter 11 mrt 2009, 20.11 (CET)[beäntwurdzje]

Ik wist net dat it de bedoeling wie dat se dêr ek neamd wurde, mar ik haw der no in pear delsetten. Wutsje 12 mrt 2009, 00.53 (CET)[beäntwurdzje]
At jo dy útlis earder net sjoen hienen, dan is it skynber net dúdlik genôch. Wêr soenen jo soks socht hawwe?
Ik haw de siden dêr't de titels dochs al net goed fan wienen daalks wiske. De oaren haw ik neamd as gewoane siden dy't wiske wurde sille. Faaks kin der noch wat rêden wurde. Aliter 14 mrt 2009, 23.51 (CET)[beäntwurdzje]
It wie mear dat ik ûntduts dat yn dy kategory aardich wat siden stienen, wêrfan guon dêr fia fêste meidoggers telâne kommen wienen. Ik fûn dy allinnich net werom op Siden wiskje, dat ik tocht dat die side gewoan net echt brûkt waard. De útlis dêr is op himsels fierder wol dúdlik. Wutsje 15 mrt 2009, 00.22 (CET)[beäntwurdzje]

Oersetten nei it Frysk

Kan iemand nl:Sjabloon:SortNaam vertalen naar het Fries, zodat het gebruikt kan worden op onder andere List fan bylden yn Snits? Gr. Ronn 21 mrt 2009, 10.31 (CET)[beäntwurdzje]

At it letterlik oersetten is, sil ik it wol dwaan, mar moat ek mei oare saken rekken hâlden wurde?--Swarte Kees 21 mrt 2009, 10.40 (CET)[beäntwurdzje]
Alfêst bedankt, Swarte Kees. Voor zover ik kan zien zijn er verder geen bijzonderheden. Gr. Ronn 21 mrt 2009, 10.45 (CET)[beäntwurdzje]
Hjirûnder dan mar efkes del sette, ik koe de sânbak sa gau net fine:
Ik haw it nije berjocht - wêrfoar tank - hjir doch mar wei helle, omdat it der foar soarge dat it bewurkjen fan seksjes op dizze side net mear woe, sjoch hjirûnder. It is hjir te finen. Wutsje 3 apr 2009, 15.07 (CEST)[beäntwurdzje]
--Swarte Kees 21 mrt 2009, 10.57 (CET)[beäntwurdzje]
Geweldig! Wou je SortNaam gebruiken of maken we er SortNamme van? Gr. Ronn 21 mrt 2009, 11.03 (CET)[beäntwurdzje]
Ditsoarte dingen is my net eigen. Wat soe meastentiids brûkt wurde op de Wikipedy? Dêrby oanslute liket my it bêste en oars mar op syn Frysk: SortNamme..--Swarte Kees 21 mrt 2009, 11.12 (CET)[beäntwurdzje]
Dan doen we 't op z'n Fries. Op NL wordt ook SortNaam gebruikt ipv het Engelse SortName. Het werkt alleen niet, wat doe ik verkeerd? (Zie Snits) Gr. Ronn 21 mrt 2009, 11.28 (CET)[beäntwurdzje]
Opgelost. Ik had het moeten opslaan als Berjocht:SortNamme en niet als Sjabloan:SortNamme. Gr. Ronn 21 mrt 2009, 13.44 (CET)[beäntwurdzje]
At immen it kladblok net fine kin: Dat stiet op Wikipedy:Kladblok. Mysha

Romaanske talen en Romaanske taal

Goeie, wy hawwe op us wikipedy in "Kategory:Romaanske taal" en in "Kategory:Romaanske talen". Dat liket my ien te folle. Hokker moat bliuwe en hokker kin fuort? --Geoffrey 22 mrt 2009, 23.03 (CET)[beäntwurdzje]

Ik soe "Kategory:Romaanske taal" fuortdwaan. Dy oare taalkategoryen wurde ek yn it meartal brûkt. Groetnis --Kening Aldgilles 23 mrt 2009, 00.05 (CET)[beäntwurdzje]

Wouter Bos

It is faaks idioat dat it op fy:wiki sa fier komme moat, mar sjoen de skiednis fan it lemma Wouter Bos slach ik foar dat dit lemma mar ris in skoft befeilige wurdt tsjin bewurkingen fan ip-meidoggers. Dit kin sa net. Wutsje 23 mrt 2009, 08.13 (CET)[beäntwurdzje]

Moarn Wutsje, dêr sied ik ek hiel bot oan te tinken. Ik leau dat ik it mar doch. Wat fine oaren derfan?--Geoffrey 23 mrt 2009, 08.35 (CET)[beäntwurdzje]
Och, it is mar ien skriuwer, nim ik oan, mei mar in pear adressen. Kin er net gewoan in skoftke blokkeare wurde? Mysha
Ik ha de side no skoatele foar anonimen, dat liket my better dan blokeare omdat dizze persoan hieltyd wer op 'e nij begjint. --Geoffrey 23 mrt 2009, 18.17 (CET)[beäntwurdzje]

Licensing update progress notice

Het Licensing update voorstel om een dubbele licentie (GNU Free Documentation License (GFDL) and the Creative Commons Attribution-ShareAlike License (CC-BY-SA)) te gebruiken op alle Wikimedia projecten verkeerd bijna in het eind stadium.

Het voorstel is gemaakt door de Foundation en is mogelijk gemaakt door de recentelijke wijzigingen in de GFDL. In een paar dagen zal er een site notice verschijnen voor alle geregistreerde gebruikers, deze site notice is bedoeld om mensen te informeren dat over drie weken een stemming zal beginnen over het voorstel.

In de tussentijd willen we u uitnodigen om het voorstel te lezen indien u meer wilt weten. We zouden het op prijs stellen indien u wilt helpen met het vertalen van de laatste pagina's.

m:User:Abigor 29 mrt 2009 13:17 (CEST) Namens het Licensing Update Committee.

Lisinsjebywurking-fuortgongsberjocht

It Lisinsjebywurkings-útstel om in dûbelde lisinsje (GNU Free Documentation License (GFDL) en Creative Commons Attribution-ShareAlike License (CC-BY-SA)) te brûken op alle Wikimediaprojekten is hast yn it einstadium.

It útstel is útwurke troch de Wikimedia Foundation en is mûglik makke troch de resinte oanpassings yn de GFDL. Mei in pear dagen komt der in wikipedy-wiid berjocht foar alle registrearre meidoggers; dat berjocht hat as doel de minsken witte te litten dat oer trije wiken in stimmerij oer it foarstel begjinne sil.

Fiel jo tuskentiids frij it útstel te lêzen at jo mear witte wolle. Wy soenen der priis op stelle, soenen jo helpe wolle mei it oersetten fan de lêste siden.

Ut namme fan de Lisinsjebywurkingskommisje.

(De oersetting hat net al deselde taalflaters as it orizjineel. It orizjineel seit net dat de oanpassing oan de GFDL spesjaal foar Wikimedia dien is, en giet ek net yn op hoe dy twa lisinsjes tegearre brûkt wurde kinne. Mar dat docht it útstel ek net.) Aliter 3 apr 2009, 02.09 (CEST)[beäntwurdzje]

In yntroduksje ta it foarstel stiet no hjir en de Nederlânske oersetting fan it foarstel is aardich oplapt. Wutsje 22 apr 2009, 10.02 (CEST)[beäntwurdzje]

Worp fan Ropta (1505)

Dizze side moat efkes in bettere namme krije. Is der ek noch immen dy't wat mear oer de man fertelle kin? Wutsje 1 apr 2009, 01.54 (CEST)[beäntwurdzje]

Worp fan Ropta (1504)? Aliter 3 apr 2009, 02.09 (CEST)[beäntwurdzje]

Hingst

Dizze stikjes gean oer deselde man: Sijbrand Hingst en Sybrand Hingst. Welke sille we hâlde? Wutsje 2 apr 2009, 16.30 (CEST)[beäntwurdzje]

Dy dêr't de namme goed stavere is. Tresoar: Sybrand Stijl Hingst. Aliter 3 apr 2009, 02.09 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw fan de iene in trochferwizing nei de oare makke. Wutsje 3 apr 2009, 13.21 (CEST)[beäntwurdzje]

Noch ien

Ek hjir hawwe we twa fan: Antoniussikehûs en Sint Anthonius Sikehûs. Wutsje 2 apr 2009, 16.59 (CEST)[beäntwurdzje]

Dit binne twa. It nije en it âlde. Hawwe jo it idee dat dat net dúdlik genôch is? Aliter 3 apr 2009, 02.09 (CEST)[beäntwurdzje]
At jin beide stikjes lêze, is it wol te begripen, mar dy moat de lêzer dan mar krekt tsjinkomme. Wa't siket op it "Antonius", komt earst op de List fan Fryske sikehuzen telâne (mar fynt dêr no noch allinnich in reade ferwizing) en dan op it âlde Sint Anthonius Sikehûs. My tinkt dat de ynformaasje like goed by inoar yn ien artikel stean kinne soe. De keppeling om utens is yn beide lemmata doch ek al gelyk. Wutsje 3 apr 2009, 02.44 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw de keppelings fan in pear sikehûzen oanpast. Ik kin allinnich de siden net nei de goede nammen werneame: It soenen Antonius Sikehûs en De Sionsberch wurde moatte.
Ik kin net mear in seksje fan dizze side bewurkje. Hawwe oaren dat ek. Dan is de side wol lang, hear. Mysha
Ja, dêr haw ik my ek al in pear kear oer fernuvere. Om my mei dat yndied ek wol oars. Wutsje 3 apr 2009, 13.22 (CEST)[beäntwurdzje]
Dit probleem is oplost, sjoch hjir. Wutsje 3 apr 2009, 15.07 (CEST)[beäntwurdzje]

Jierfk

Dit moast noch:
Njonken it Berjocht:Jier, foar it oanmeitsjen fan in jierside nei Kristus, is der no Berjocht:Jierfk, foar it oanmeitsjen fan in jierside foar Kristus.
At immen alle siden oant de útbarsting fan de Laacher oanmeitsje wol, dan is der no ark foar. Aliter 6 apr 2009, 02.01 (CEST)[beäntwurdzje]

Moai putsje. :-)   Wutsje 6 apr 2009, 04.33 (CEST)[beäntwurdzje]
Moai dien Aliter, ik sil der grif gebrûk fan meitsje. --Geoffrey 6 apr 2009, 13.33 (CEST)[beäntwurdzje]

Dûbel?

Wêrom is der in side Wikipedy:Recentchanges njonken de side Wiki:Koartlyn feroare? Gr. Ronn 6 apr 2009, 21.05 (CEST)[beäntwurdzje]

Wikipedy:Recentchanges is de MediaWiki:Recentchangestext fan eart de wikiberjochten ynfierd waarden. Aardich at jo wat oer de skiednis fan de Wikipedy witte wolle; en oars hawwe wy Wikipedy:Siden wiskje. Aliter 6 apr 2009, 22.48 (CEST)[beäntwurdzje]
Maar even op z'n Nederlands, kan ik het toch makkelijker zeggen: Wikipedy:Recentchanges is gekoppeld aan o.a. Speciaal:RecenteWijzigingen en Special:RecentChanges, wat in feite de Nederlands- en Engelstalige varianten zijn van Wiki:Koartlyn feroare (die niet aan anderstalige versies is gekoppeld). Alleen al voor de navigatie tussen de wiki's lijkt me deze situatie niet wenselijk. Wat op de huidige Wikipedy:Recentchanges staat hoort m.i. eerder op de Haadside thuis (staat daar zelfs al voor een deel). Dus: Wikipedy:Recentchanges weg en Wiki:Koartlyn feroare koppelen aan de andere taalversies? Gr. Ronn 7 apr 2009, 13.50 (CEST)[beäntwurdzje]
Yn teory al, mar lit dy keppelings mar; dy hawwe foar siden yn de wiki-nammeromte eins gjin doel en nimme allinnich mar romte fuort by opmaak dêr't de ynterwiki boppeoan stiet. Aliter 7 apr 2009, 22.35 (CEST)[beäntwurdzje]

Anke Bijlsma

Dit lemma sjocht der op dit stuit út as in adfertinsje. Wol immen dy't hjir wat mear doel oer hat der ris nei sjen? Wutsje 7 apr 2009, 00.34 (CEST)[beäntwurdzje]

It sil tink meast wol klopje wat deryn stiet. Ik wit net oft alle details klopje, mar se is opgroeit yn itselde doarp as my, dus at der wat oer har yn it nijs is dan ûnthâldt ik dat wol. Sy sil it sels wol oanfolle hawwe, neffens my hat Swarte Kees kontakt mei har hân om plaatsjes fan Gerrit Breteler syn skilderijen op de wiki beskikber te stellen. Sa sil se sels ek wol even sjoen hawwe. Liket my in opsomming fan aktiviteiten, net hiel oerdreaun posityf dus in advertinsje soe ik it net neame. Theun 15 apr 2009, 17.56 (CEST)[beäntwurdzje]
Sa is it yndie gien en ik leau ek dat se sels "ûnder nûmer" ynformaasje taheakke hat.--Swarte Kees 15 apr 2009, 18.01 (CEST)[beäntwurdzje]

194.45.247.106

Soe in behearder dizze "meidogger" útslute wolle? It is in ip-adres fan it Bornego yn It Fean en der wurdt allinnich mar mei klierd, sjoch hjir en yn de skiednis fan Wikipedy:Siden wiskje‎. Wutsje 7 apr 2009, 13.24 (CEST)[beäntwurdzje]

Twa wike útsletten. Lit ús hoopje dat de boadskip oerkomt. Aliter 7 apr 2009, 22.35 (CEST)[beäntwurdzje]

Kategory:Romeinske âldheid

Yn de "Kategory:Romeinske âldheid" hawwe wy no twa sub-kategoryën, Romein en Romeinen. Dat liket my wat ûnsinnich ta, dat ik wie fan doel om dizze twa yninoar te skowen. Oan hokker sub-kategory jouwe wy de foarkar? --Geoffrey 10 apr 2009, 20.16 (CEST)[beäntwurdzje]

De kategoryen binne earst provisoarysk yndield, alles falt oant no ta ûnder in Kategory, mar der falt noch wol in soad te ferbetterjen. By folken wurdt faker it meartal brûkt: Friezen, Wytsingen, Skyten ensfh.--Swarte Kees 10 apr 2009, 21.02 (CEST)[beäntwurdzje]

Wikiwurdboek

Ik haw wat keppelings nei it Wikiwurdboek tafoegd, mar wolle wy dy hawwe as Sjoch ek, as as Keppeling om utens? Aliter 13 apr 2009, 23.33 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik ha dat wol dien, sjoch it artikel oer Bulgarije. Ik ha dêrby it Dútske foarbyld folge omdat ik tocht dat mear ynformaasje op 'e side gjin kwea dwaan kin. --Kening Aldgilles 13 apr 2009, 23.49 (CEST)[beäntwurdzje]

De fraach of it andert is net goed oerkaam, mar it andert op de fraach is foar Bulgarije: As Keppeling om utens. Is der in grûn op it sa te dwaan, as krekt net sa? It kin wêze dat wy it hjir earder ris oer hân hawwe, mar dan wit ik net mear wat it risseltaat wie.

Dat Dútske foarbyld, dêr bin ik net sa wis fan. Net allinnich dat ik leaver de listyngangen trochrinne litte soe, mar ek fanwegen de omskriuwings, dy't net folle te krijen hawwe mei de side dêr't se lêzen wurde. Aliter 14 apr 2009, 02.40 (CEST)[beäntwurdzje]

Dêrfoar binne it keppelings om utens, foar at der minsken binne dy't wat mear witte wolle. Hoe hasto it oars yn gedachten? --Kening Aldgilles 14 apr 2009, 13.11 (CEST)[beäntwurdzje]

Gemeente yn Utert

Wy hawwe noch gjin kategory foar gemeentes yn de provinsje Utert. Hoe moat dy hjitte: Kategory:Gemeente yn Utert of Kategory:Gemeente yn Utert (provinsje)? It lêste liket my wat oerstallich, om't in gemeente ommers altyd yn in provinsje leit. Wutsje 17 apr 2009, 12.02 (CEST)[beäntwurdzje]

"Gemeente yn Utert" sûnder taheaksel (provinsje) hat by my de foarkar. --Geoffrey 17 apr 2009, 15.24 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik soe sizze dat wy "(neiere ynformaasje)" allinnich derbyskriuwe at der oars betizing fan komt. Hjir is dat net sa. Aliter 22 apr 2009, 23.45 (CEST)[beäntwurdzje]

Utsletten

Hjoed krigen we der in nije "meidogger" by: Ik-haat-de-Friese-Wiki-pedia. Hy wie hjir in pear wike lyn al earder, doe as 86.82.91.107. Ik ken him fan nl:wiki, wêr't er in soad rare streken úthelle hat en dêrom ek foargoed útsletten is (sjoch hjir). Ek op ferskate WMF-irc-kanalen hat er aardich húshâlden. De erfaring leart dat fan him neat goeds te ferwachtsjen falt (foar syn "bydragen" oan fy:wiki oant no ta sjoch hjir en hjir), dat ik haw him ek hjir definityf útsletten. Ik hoopje dat jimme it dêrmei iens binne. Wutsje 17 apr 2009, 17.19 (CEST)[beäntwurdzje]

Prima Wutsje, sokken freegje der om.--Swarte Kees 17 apr 2009, 17.23 (CEST)[beäntwurdzje]
Spitich, mar in inkeld kear is it net oars. Aliter 18 apr 2009, 19.59 (CEST)[beäntwurdzje]
(Der binne lju dy't "sluten" sizze, dat fout wie it net. Mar "sletten" lêst al makliker.)

En hjoed wie er der al wer, no as Was-ik-maar-dood. Ek útsletten. Syn fêste ip der no ek mar by pakt (wat ik fansels fuort dwaan moatten hie). Wutsje 19 apr 2009, 17.40 (CEST)[beäntwurdzje]