Wikipedy:Donaasjes

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
In wrâld, dêr't eltsenien frije tagong hat ta al it minsklik witten! Dêr wurkje wy oan, mei jo help.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Wikimedia Foundation

Wikimedia Foundation is in organisaasje sûnder winsteachmerk mei it doel minsklik witten foar eltsenien tagonklik te meitsjen. Dit doel wurdt neistribbe troch it garjen, byhâlden en frij beskikber meitsjen fan ynformaasje. Wikimedia is ôfhinkllik fan donaasjes foar it yn stân hâlden fan de wiki-projekten.

Wikimedia stelt kompjûters en netwurken beskikber foar ferskate projekten foar neislachwurken. De ynhâld fan dy projekten is foar it publyk fergees beskikber. Op it stuit giet it ûnder oaren om de neikommende projekten:

[bewurkje seksje] Wêr't jo jild foar brûkt wurdt

Al ús websteeën binne frij fan reklame. Besite kin fergees alles lêze, bewurkje en brûke. Us projekten binne ôfhinklik fan jo stipe.

Troch de enoarme waakst fan de ynhâld en it netwurkferkear fan ús projekten is der aloan ferlet fan mear hurdguod om de funksjonaliteit op peil hâlde te kinnen. Fierders binne der de kosten fan it netwurkferkear, de hier fan romte foar de kompjûters, it reservearjen fan netwurknammen, it fuortsterkjen fan de ûntwikling fan sêftguod en, by gefal, reiskosten.

Wikimedia Foundation hat ek ferlet fan stipe foar syn rol as paadsljochter by it ferkennen fan it fjild fan mienskiplik skriuwen. Fierders besykje wy stipe te finen dat wy Wikimedia-ynhâld nei plakken bringen kinne dêr't gjin tagong ta it ynternet is. As jo fragen hawwe oer stipe oan Wikimedia Foundation, sykje dan kontakt mei ús.

[bewurkje seksje] Donaasjes

[bewurkje seksje] Oan de Wikimedia Foundation

[bewurkje seksje] Oerskriuwing

Fan Nederlân, en fan de rest fan de Jeropeeske Uny, kin maklik in oerskriuwing nei Wikimedia Foundation dien wurde:

  • Rekkenhâlder: Wikimedia Foundation
  • Bank: Dexia bank - 44, bvd Pacheco - 1000 Bruxelles - Belgium
  • IBAN: BE43-0689-9999-9501
  • BIC (swift koade): GKCCBEBB

In oerskriuwing nei Belgje is, mei IBAN- en BIC-koades, almeast net djoerder as in nasjonale oerskriuwing.

[bewurkje seksje] Ynternet

Jo kinne op ynternet in donaasje jaan fia PayPal, mei de keppelings hjirûnder. Us rekken dêrby is donate@wikimedia.org.

  • Moneybookers : By oerskriuwen fia MoneyBookers binne der foar Wikimedia minder kosten as by PayPal; in grutter part fan jo stipe kin dan foar de projekten brûkt wurde.
  • PenPal : By PenPal hawwe jo de kar ier kear in donaasje te dwaan of trochgeande stipe te jaan, alle jierren of alle moannen. Dit kin sûnder PayPal-rekken; in kredytkaart is genôch.
  • In donaasje: Nederlânsk / Ingelsk.
  • Trochgeande stipe stopsette: Ingelsk.


[bewurkje seksje] Oan de Feriening Wikimedia Nederlân

Jo kinne ek in donaasje dwaan oan de Feriening Wikimedia Nederlân (VWN), it Nederlânske chapter fan de Wikimedia Foundation. Donaasjes oan de VWN wurde brûkt foar aktiviteiten dy't frije en frij tagonklike ynformaasje befoarderje, foar stipe oan Wikimedia-projekten yn it Nederlânske taalgebiet (ek foar de wat lytsere, sa as dizze Wikipedy) en foar har oare kearnaktiviteiten.

Jo kinne ek oanjaan dat jo donaasje bedoeld is foar de Wikimedia Foundation. De VWN soarget der dan foar dat jo donaasje by de Foundation telâne komt of - yn oerlis dêrmei - útjûn wurdt oan in doel wêrfoar yn Jeropa kosten makke wurde, bygelyks serverkapasiteit yn Amsterdam.

  • Rekkenhâlder: Vereniging Wikimedia Nederland, Monster
  • Rekken: giro 4619018
  • As jo út it bûtenlân jild oermeitsje:
    • IBAN: NL51 INGB 0004619018
    • BIC: INGBNL2A
  • Jou asjebleaft dúdlik oan dat it om in donaasje giet. As dy bedoeld is foar de Foundation, set dat der dan by.

[bewurkje seksje] Wikimedia guod

Jo kinne de Wikimedia logo's en oare ôfbylden op allerhanne guod keapje by Cafe Press: fan it jild giet 5 F.S.Dollar nei de Wikimedia Foundation.

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings