Wiegels Wjukkelmasine

Ut Wikipedy
Wiegels Wjukkelmasine
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre Wille pop
bestean 19861996

Wiegels Wjukkelmasine wie in Fryske Wille pop band oprjochte yn Boalsert, en wie aktyf tusken 1986 en 1996. De band brocht yn 1994 syn debútalbum Krekt as Doe út. Wiegels Wjukkelmasine hat fjouwer albums útbrocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De groep waard oprjochte op 10 juny 1986 ûnder it konsert fan Nick Cave yn Vredeburg Utrecht mei in it stypende programma the Hipcats (Claw Boys Claw). Nick Cave hie krekt it coveralbum Kicking Against the Pricks makke, wat de ynspiraasje wie foar Claw Boys Claw om allinich covers te spieljen. Der waard besletten in Frysktalige coverband te foarmjen.

De Fryske tsjinhinger fan Jefferson Airplane set as hippyband út ein yn de geast fan dy groep. Letter, yn 1989 is de muzyk is it bêst te omskriuwen as 'willefolk' mei nûmers as Wodka en Aairaaproprap, ien fan de earste Fryske hiphopnûmers. Oer it earste optreden yn it Muzykkafee fan Nijlân skreau Jacob Haagsma: 'Wiegels Wjukkelmasine spile in grienmank fan oersette 'covers' mei in absurdistyske presintaasje'. Se spilen doe ûnder oare Wild Thing fan The Troggs en Rain ('Yn de rein) fan The Cult. Gerben Gerbrandy siet doetiids yn de organisaasje fan dat festival.

De groep hat in protte súkses en bringt twa cd's út mei derop hits lykas 'Wachtsje yn de rein' (hat in fêst plak yn de Fryske Top 100) en ‘Unwis'. Dernei giet it hurd: Wiegels Wjukkelmasine spilet yn it foarprogramma fan De Dijk, Raymond van het Groenewoud en op alle grutte festivals yn Fryslân. Yn 1993 ferlit Willem Horjus de band, Thijs, Tyske de Boer naam it plak efter de drumkit oer. Freddie Weima en Gerben Gerbrandy ferlieten de band yn 1994. Egbert van der Werf (sang) komt foar harren yn it plak. De band hellet earst Wiegels as foarheaksel fuort en gie dêrnei oer yn "de Wjukkels". Yn 1996 hâldt Wiegels Wjukkelmasine der mei op. De leden fan de groep bliuwe aktyf yn de muzyk en spylje of hawwe spile yn ferskate bands, sa as Om'e Noard, Willehúske, Sebeare, The Rebound Boogie Band, Travis en Xigatze. Yn 2009 wie der noch in reunyoptreden op Aaipop en op 30 augustus 2014 op Badpop yn Boalsert.

Bandleden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lêst bekende besetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ald-leden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Krekt as Doe (1994)
  • CdK (1991/1992)
  • Etalaazjepop (1993)
  • Wiegels Wjukkelmasine (1995)

CD's mei oaren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Aaipop (1992)
  • De Beste fan Omroep Fryslân, diel 2 (1993)
  • Juster hjoed of moarn (1995)
  • Fryslân muzyklân, 2 (2001)
  • Ald & nij, diel 1 (2001)
  • Fryslân muzyklân 4 (2003)
  • It bêste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân (2006)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: