Sûttiïsme

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Widdomoard")
Gean nei: navigaasje, sykje
Hindoeïstyske widdoferbrâning.

Sûtiïsme is it deadzjen of de selsdeading fan in widdo by de begraffenis of kremaasje fan har ferstoarne man. It wurdt ek wol widdomoard neamd, mar dat is in breklike oantsjutting, mei't it yn in grut part fan 'e gefallen net om moard, mar om selsmoard gie. Dizze no sa goed as útbande praktyk wie meast in deaderitueel, mar yn guon kultueren koe it oanmurken wurde as in minske-offer. It is fral bekend wurden yn 'e kontekst fan it hindoeïsme fan sawol it Yndiaaske subkontinint as fan it Yndonezyske eilân Baly. De beneaming "sûtiïsme" komt dan ek, fia it Ingelske wurd suttee, fan it Sankrityske sātī, dat "deugdsume frou" betsjut. Sûttiïsme wie lykwols in maatskiplik ferskynsel dat ek foarkaam by guon folken dy't natoerreligys belieden.

Yn it hindoeïsme[bewurkje seksje | edit source]

Yn hindoeïstyske kultueren (sawol yn Britsk-Ynje as op Baly) waard sûttiïsme útfierd troch ferbrâning. As in frou widdo waard, wie neffens de hindoeïstyske tradysje har libben sa goed as foarby; wertrouwe wie foar froulju (oars as foar manlju) net tastien. As widdo libbe hja dan yn in maatskiplik isolemint fierder, inkeld ûnderholden troch har famylje. Ynstee fan sa'n ôfstoarn libben te lieden, waarden froulju nei de dea fan harren man faak libben mei ferbaarnd by dy syn kremaasje. Yn prinsipe wie dit in foarm fan ritualisearre selsmoard, al kaam der nei alle wierskynlikheid gauris swiere maatskiplike druk oan te pas. Op Baly wie it in tige algemien brûkme, mar yn Yndia wie dat lang net sa, en yn 'e Veda's, de âldste hillige teksten fan it hindoeïsme, komt it hoegenamt net foar. Nei alle gedachten fûn it syn oarsprong yn 'e foarstlike famyljes fan 'e Yndyske hegerein. Yn modernere tiden waard de praktyk fan sûttiïsme ferklearre as in offer fan 'e frou om 'e siel fan har ferstoarne man fan 'e hel te rêden. De Britske gûverneur-generaal lord William Bentinck ferbea sûttiïsme yn 1829 yn Britsk-Ynje, al waard it ek dêrnei noch lange tiid wol temûk bedreaun. Op Baly waard de praktyk yn 1930 troch it Nederlânske koloniale bewâld útroege.

Yn Natoerreligys[bewurkje seksje | edit source]

Yn natoerreligys waard sûttiïsme op in ferskaat oan manearen útfierd, mar kaam it ornaris allinne mar foar as deaderitueel yn kultueren dy't in bysûnder sterk leauwe hiene yn it hjirneimels as in bettere wrâld, sadat dat in sterke reden waard foar dieden yn dit libben. In goed foarbyld fan sa'n kultuer wie dy fan 'e Noardamerikaanske stammen fan 'e Grutte Dobbe (Great Basin), de steat Nevada en omkriten, by wa't op godstsjinstich mêd de klam op ûnstjerlikens lei. Sa bestiet der in eachtsjûgeferslach út 1861 dêr't yn fêstlein is hoe't der by in begraffenis fan 'e Westlike Sjosjoanen in frou deade waard, dat se har man folgje koe nei it Lân fan 'e Koyote. Hja leauden nammentlik dat de minsklike siel nei de dea nei it Lân fan 'e Koyote gie, dy't tegearre mei syn broer de Wolf de ierde skepen hie. De Wolf wosk de siel, wekke him wer ta libben en wiisde him in foechsum plak ta. Nettsjinsteande dizze leauwensoertsjûgings wie sûttiïsme yn 'e Grutte Dobbe earder útsûndering as regel.

Folle mear kaam de praktyk bygelyks foar by de Natsjês fan 'e ûnderrin fan 'e Mississippy. De heechste god fan 'e Natsjês wie de sinne en se leauden fierders yn in hjirneimels dat in bettere wrâld wie. Sûttiïsme waard by harren útfierd mei in wjirchtou en wie assosjearre mei aristokrasy; by it sljochtwei folk kaam it net of hast net foar, mar by de hegerein wie it frij algemien. In bysûnder aspekt dêrby wie dat it net bûn wie oan geslacht: as in frou út 'e Natsjês-hegerein kaam te ferstjerren, waard har man likegoed by de begraffenis deade as oarsom. Dat is in tige seldsum ferskynsel, want faak waard der mear wearde hechte oan it libben fan in man as oan dat fan in frou. Sa wie yn it pre-kristlike Fidzjy it ultime roubetoan foar manlju (njonken it ôfhouwen fan 'e trêde koatsjes fan 'e pinken) it kealskearen fan 'e holle, wylst froulju harsels smoare lieten om harren man yn 'e dea te folgjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bakker, F.L., Balinees Hindoeïsme, Kampen, 2001.
  • Collins, R., (red.), Indianen: De Oorspronkelijke Bewoners van Noord-Amerika, Amsterdam, 1995.
  • —, Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • Eliade, M., en Coulião, I.P., Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  • —, Grote Winkler-Prins encyclopedie, Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
  • Jones, R., en Pinheiro, L., Fiji, Hawthorn, 1997.
  • Kranenborg, R., Hindoeïsme, Kampen, 1997.
  • Thomas, B., e.o., India, Hawthorn, 1997.
  • Turner, P., e.o., Indonesia, Hawthorn, 1997.