Whitehorse (Yukon)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Whitehorse (Kanada)")
Gean nei: navigaasje, sykje
Whitehorse
Whitehorse Yukon.JPG
Sifers
Ynwennertal 23.276 (2011)
Oerflak 416,44 km²
Befolkingstichtens 55,9 / km²
Stêdekloft 8.488,91 km²; 26.028
Hichte 670–1.702 m
Polityk
Lân Kanada
Provinsje Yukon
Oar
Stifting 1898, 1950 (stêd)
Tiidsône Pasifyk (PST) (UTC-8)
*Simmertiid PDT (UTC-7)
Koördinaten
Webside www.city.whitehorse.yk.ca
Kaart fan Yukon, mei Whitehorse (read)

Whitehorse is in stêd yn Kanada en ek haadstêd fan it Kanadeeske territoarium Yukon, sûnt 1952. Dat jier ferhuze it bestjoer fan Yukon fan Dawson City nei Whitehorse.

De namme Whitehorse komt fan in streamfersnelling (White Horse Rapids) yn de omkriten: it wyld skûmjend wetter die tinken oan wite, springende hynders.

Ferbiningen[bewurkje seksje | edit source]

White Horse Rapids yn 1899
Whitehorse mei fleanfjild

Whitehorse hat, nettsjinsteande syn isolearre lizzing, goede ferbiningen:

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

De grutste wurkjouwers binne de iepebiere tsjinsten, dêrnei komt it tûrisme. Westlik fan Whitehorse leit sa'n 12.500 ha lânbougrûn, it measte yn de Takhinidelling.

Klimaat[bewurkje seksje | edit source]

Whitehorse hat, krekt as Yellowknife, in (sub)poalklimaat, it klimaat is ekstreem: Trochstrings −22 °C yn jannewaris en 21 °C yn july. Simmers is it 20 oeren deis ljocht.