Westfrysk Museum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hoorn: gebou Westfrysk museum

It Westfrysk Museum is in regionaal histoarysk museum yn de Nederlânse stêd Hoorn.

It is 10 jannewaris 1880 iepene en sûnt festige yn in monumintaal gebou út 1632. Dit gebou wie yn't earstoan it plak fan gearkomst fan de Kommittearre Rieden fan West-Fryslân en it Noarderkertier, in ûnderdiel fan de Steaten fan Hollân en West-Fryslân, en waard letter in rjochtbank. Oant 1932 sieten kantongerjocht en museum yn it gebouw. It pân is eigendom fan de Steat (Ryksgebouwetsjinst).

It museum hat in grutte kolleksje skilderijen, sulveren sier- en gebrûksfoarwerpen, porslein, skuttersstikken, foarwerpen fan de skutterij en VOC-guod. De samling wurdt útstald yn 25 sealen, dêr't in part fan ynrjochte is as stylkeamer.
Yn 1953 waarden 15e ieuske kelders ûnder it gebou ûntdutsen, no ynrjochte as útstallingsromte foar argeologyske fynsten út Hoorn en omkriten.

It museum wurdt stipe troch de 'Stichting Vrienden van het Westfries Museum' dy't oprjochte is op oanstean fan it Westfrysk Genoatskip. It pân is in ryksmonumint.


De Grashaven fan Matthias Withoos, ien fan de stellen keunstwurken

Doe't it museum 10 jannewaris 2005 (Kopermoandei) har 125-jierich bestean fiere woe die bliken dat dy nachts ynbrutsen wie en 21 skilderijen stellen wiene, ûnder oaren in jeugdwurk fan Jan van Goyen. Ek in part fan de sulverkolleksje wie fertsjustermoanne. De skea berûn miljoenen euro's.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: