Westerborkpaad

Ut Wikipedy
Trajekt fan it Westerborkpaad

It Westerborkpaad is in kuierpaad fan 325 km fan Amsterdam nei it eardere konsintraasjekamp Westerbork.

KNBLO Wandelsportorganisaasje Nederlân (KNBLO-NL) en it Herinneringssintrum Kamp Westerbork hawwe it paad yn 2012 yn de mande opsetten, neidat se sûnt 2007 al de jierlikse Kamp Westerbork Kuiertocht organisearre hiene.

Begjinpunt is de Hollânske Skouboarch yn Amsterdam, dêr't foar tûzenen joaden yn de Twadde Wrâldoarloch harren reis 'nei de ein' begûn. Einpunt is kamp Westerbork yn it Drintske Hooghalen, dêr't 93 treinen wei fertrokken nei de ferneatigingskampen. De rûte giet by in soad plakken en gebouwen mei herinneringen oan de joadeferfolging lâns. Under oaren Kamp Amersfoart, Joadske wurkkampen, oarlochsmonuminten en treinstasjons dy't as sammelplak foar joaden brûkt waarden, mar ek bekende ûnderdûkadressen. Ien fan de opsetters is Johan Vellinga út Ljouwert, dy't ek belutsen wie by it Grebbelinypaad, it Fryske Kustpaad en de Keninklike Wei fan De Haach nei Apeldoorn.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: