Westbroek

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lokaasje De Bilt
Tsjerke fan Westbroek

Westbroek is in eardere gemeente en dorp yn de gemeente De Bilt, yn de Utert. It doarp leit yn in lanlik gebiet ten noorden fan de stêd Utert en ten westen fan Maartensdijk. Westbroek hat 990 ynwenners (2004).

De lintbebouwing fan Westbroek grinzet oan de polders; Polder Achttjinhoven, Kerkeindse Polder en Polder Westbroek yn it noarden, en Polder de Koai en natoerreservaat de Molepolder yn it suden. It uterste easten fan Westbroek is it eardere doarp Achttjinhoven en wat fierder rjochting Maartensdyk leit it buorskip Achterwetering.

Westbroek hat in beskerme doarpsgesicht. De bou fan de tsjerke begûn yn 1467. Yn 1481 fochten de legers fan Utert en Hollân hjir yn de Slach by Westbroek. By it doarp stiet de wat ferfallen nôtmole De Kraai.