Weinboarch

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hussityske weinboarch


In weinboarch is in mobile fortifikaasje dy't bestiet út in rige fan yn it rûn of yn it fjouwerkant opstelde weinen, dy't mooglik oaninoar fêstmakke binne. Sa'n soarte ferdigeningswurk wurdt ek wol in laager neamd, nei in Afrikaansk wurd út 'e tiid fan 'e Grutte Trek. De earste kear dat it yn histoaryske boarnen neamd wurdt, is by Ammianus Marsellinus, in Romeinsk ofsier en skiedkundige út 'e fjirde ieu.