Waris Dirie
Waris Dirie (Somalysk: Waris Diiriye; Arabysk: واريس ديري) is in Somalysk fotomodel, skriuwster en foarfjochtster fan frouljusrjochten. Se is Eastenryksk steatsboarger en wie goodwill ambassadrise foar de Feriene Naasjes (1997-2003). Yn dy rol stridet sy tsjin frouljusbesnijenis. Yn 2007 waard sy huldige mei it Frânske Légion d'honneur.
Waris is it nichtsje fan Iman Abdulmajid, ek in Somalysk model.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Biografy
Sy waard berne yn 1965 as nomadedochter yn de Darodstam. Mei fiif jier waard sy besnien.[1] Sy kaam der goed ôf, mar in suster en twa nichtsjes stoaren nei sa'n yngreep.
Doe't sy tretjin jier wie woe har heit har trouwe litte mei in man fan 61. Om reden dêrfan flechte sy nei famylje yn Mogadisjû. Doe't in omke ambassadeur yn Londen waard, naam er Waris mei as tsjinstfaam. Nei fjouwer jier gie omke werom nei Somaalje. Waris bleau en libbe in skoft yllegaal en wurke as skjinmakster by McDonald's. Yn dy tiid learde sy lêzen en skriuwen.
Tafallich krige sy kunde oan moadefotograaf Terence Donovan. Hy soarge derfoar dat sy yn 1987 op de Pirellikalinder kaam. Fan doe ôf makke sy opgong as fotomodel en posearre sy foar Revlon en Levi's. Yn 1987 hie se yn rol yn de Bond-film The Living Daylights.
Yn 1997 kaam har besnijenis op it aljemint yn in ynterview mei it tydskrift Marie Claire. Foar Kofi Annan reden om har te beneamen ta FN-ambassadeur sadat sy har ynsette koe tsjin dat ferskynsel.
Yn 2002 rjochte sy de Waris Dirie Foundation op. De stifting sammelet jild yn foar ûntjouwingsprojeketen yn Afrika. Sûnt 2003 is se gjin FN-Ambassadeur mear. Alkoholproblemen soene dêr de skuld fan hawwe. Yn 2007 waard Waris Dirie de Martin Buber-plakette fan de Stichting Euriade (Kerkrade) takend.
Op 5 maart 2008 ferdwûn Waris Dirie yn Brussel. Op 7 maart 2008 waard sy sûn weromfûn. In pear dagen letter ferklearre sy dat de Brusselske plysje har as in hoer behannele hie, dat sy ûntfierd wie en benei ferkrêfte waard troch in taksjechauffeur. De plysje wol neat witte fan dat ferhaal.
[bewurkje seksje] Bibliografy
- Nederlânsk
- Mijn woestijn (1998);
- Dochter van de nomaden (2004);
- Onze verborgen tranen (2005);
- Brief aan mijn moeder (2007);
- Dútsk
- Schwarze Frau, weißes Land (2010).
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|