Warhammer 40,000

Ut Wikipedy
Warhammer

Warhammer 40,000, ek wol Warhammer 40k, of allinne 40k neamd (fan kilo = tûzen) is in miniatuer oarlochsspul dat makke en publisearre wurdt troch Games Workshop.

Yntroduksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Warhammer 40,000 spilet him ôf yn in dystopysk science fantasy universum, dat oarspronklik betocht wie as futuristyske tsjinhinger fan Warhammer Fantasy Battle, dêrom binne der ek in soad oerienkomsten yn spuleleminten. De earste edysje fan it spul wie Warhammer 40,000: Rogue Trader, en is betocht troch Rick Priestley en Andy Chambers. It ferskynde yn 1987, en wie doe nochal rjochte op it rollespulelemint, wylst dat letter ferskood is nei it fjochtsjen fan fjildslaggen. Warhammer 40,000 is hjoeddedei yn syn fyfde edysje, publisearre yn 2008.

Spilers fan Warhammer sette miniatuertsjes yn mekoar en fervje dy. Dy miniatuertsjes, produsearre troch Citadel Miniatures, binne sawat 3 sm. grut, en stelle futuristyske soldaten, monsters of oarlochsfartugen foar. In leger makke fan dy modellen wurdt dan troch in spiler brûkt om in fjildslach te fjochtsjen mei in tsjinstanner, dy't ek syn eigen leger hat. Omdat elk model in bepaalde puntewearde hat, kinne de spilers harren legers ôfstimme kwa puntetal, sadat beide partijen ûngefear gelyk binne. Op in spyltafel fersierd mei in lânskip (lykas beammen en huzen) wurdt de slach útfochten tusken de beide legers.

Omjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De omjouwing dêr't "Warhammer 40,000's space fantasy" him ôfspilet, omfettet in tige grut fiksjoneel universum. De ûnderskate faksys en rassen binne ûnder oare it ympearium fan de minske – troch guon beskreaun as in krusing tusken Fiktoriaansk Ingelân, Nazy-Dútslân en de Roomsk-Katolike Tsjerke – dat yn it 41ste millennium sawat it hiele universum behearsket. Fierders binne der de Orks – sawat identyk oan de Orcs út Warcraft en Warhammer Fantasy, de Eldar, tsjinhingers fan elven út Warhammer Fantasy, en oaren. Dy rassen hawwe allegear harren eigen spulregels dy't by elts ras yn in saneamde “koadeks” steane.

Yn de WH40k setting regeart it Ymperium it Molkenpaad en befjochtet ferskillende bûtenierdske rassen. Dizze binne de Tau, in pseudo-mecha-eftich, technologysk avansearre beskaving; de Necrons, sielleaze robots dy't lykje op de Terminator út de lyknammige filmrige; de Eldar, in tige psychysk âld en arrogant ras mei in tsjustere tsjinhanger, de Dark Eldar, dy't wreed en sadistysk binne. Fierders binne der de Tyranids, de meast “alien-eftige” fan alle rassen, en dy't lykje op de Xenomorphs út de Alien-filmserie, en de Orks, dy't in krusing binne tusken fuotbal-hooligans en gorilla's, en prate yn in parody fan it Ingelske Cockney-aksint.

Dat binne de bûtenierdske rassen, mar de kearn fan de WH40k-wrâld is foarme troch it minsklike Ympearium, en Gaos. De wrâld fan WH40k is nammentlik ferdield yn in fisyk universum, mei romteskippen en de ferskillende rassen, mar ek in metafike wrâld. Yn it spul wurd de fisike wrâld it Matearium neamd, en de metafisike wrâld it Immaterium, de Empyrean, mar foaral: de Warp neamd. Elk wêzen mei in siel hat in werjefte yn dy Warp, en elke emoasje dy't in wêzen mar hawwe kin, wurdt op dy wize werjûn yn de Warp. De Warp is dus in diminsje fold mei it totaal fan emoasjes en gedachten fan alle tinkende wêzens. De sterkste, meast dominante fan dy emoasjes rinne gear yn de Warp, bygelyks woede, of wanhoop, of lust. Dy kloften emoasjes kinne sa machtich wurde yn de Warp dat se selsbewust wurden binne: dan foarmje se Demoanen. De sterkste fan dy “bewuste emoasjes” (Demoanen dus) binne de Fjouwer Goaden fan Gaos: Khorne (Woede), Nurgle (Sykte), Tzeentch (Feroaring) en Slaanesh (Lust). Omdat de Warp dus in werspegeling is fan de emoasjes fan de libbene wêzens, fiede harren emoasjes dy Demoanen. Omkeard wolle de Demoanen mear macht en substânsje, en beynfloedzje se sels ek de tinkende rassen. Omdat de negative emoasjes oerhearse, binne de Fjouwer Goaden fan Gaos sterker as, bygelyks, in god fan Leafde dat wêze soe. De wrâld fan WH40k is dus yn spirituele ûnbalâns.

Psychysk-bejeftige persoanen (tsjinhingers fan tsjoenders en heksen yn Fantasy) hawwe de sterkste psychyske oanwêzichheid yn de Warp, en Demoanen binne ta harren oanlutsen. Fia de sielen fan dy psychysk-bejeftige persoanen besykje se yn it Matearium troch te kringen, sa wurdt mei Demonyske besitting de link makke mei it Katolike-elemint fan it Ympearium: duvel-útdriuwings binne dan ek faak nedich.

Dat ferklearret ek wêrom't it totalitêre Ymperium nedich is: omdat de minskheid hieltiten fierder evoluearret ta in psychysk ras, is de minskheid geandewei gefoeliger foar Demoanyske besitting. Oan it begjin fan it Ymperium (yn it 31ste millennium, 10,000 jier foar it “hjoed” fan it spul) wie der de God-Keizer fan de Minskheid, dy't it Ymperium stifte en tagelyk ek de Jezus-figuer fan de religy waard. Dy religy is opset om de spiritualiteit fan de minsken te rjochtsjen op de God-Keizer yn pleats fan de Gaos Goaden, sadat de psychyske enerzjy fan de Minsken yn de Warp de Keizer fiedet, en net de negative emoasjes, dy't ferpersoanlike binne yn de Gaos Goaden.

It sintrale konflikt fan Warhammer 40,000 kin dus sjoen wurde as in spirituele striid tusken it pseudo-satanyske Gaos, en it pseudo-katolike Ympearium. Tagelyk wurdt de Warp ek brûkt foar ynterstellêr reizgjen. Sa't Star Wars syn “Hyperspace” hat, en de romteskippen fan Star Trek ek fersnelle kinne nei “Warp Speed”, sa is sneller-as-it-ljocht reizgjen yn Warhammer 40,000 mooglik fia de Warp. Hoewol't de Warp dus de ultime fijân fan de werklikheid is, is it tagelyk ek nedich om de galaktyske beskaving fan it Ymperium mooglik te meitsjen.

Om it Ympearium te ferdigenjen tsjin syn ferskillende fijannen, benammen aliens, en natuerlik de spirituele bedriging dy't Gaos is, hawwe se in enoarm militêr apparaat. It Ympeariumer grutste leger is de Imperial Guard, gewoane minsken ûnder tsjinstplicht. Ek binne der de Space Marines, genetysk-modifisearre supersoldaten, dy't in soart Science Fiction tempeliers binne. De Space Marines binne makke oan it begjin fan it Ympearium, doe't de Grutte Krústocht ûnder lieding fan de God-Keizer it Ympearium feriene. Ek hat it Ympearium in Ynkwisysje, dy't tagelyk in soarte fan KGB of Gestapo is.

It spul[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In potsje Warhammer wurdt holden tusken twa of mear spilers, dy't elk ien fan de spylbare legers oanskaft, ynelkoar setten, en ferve hawwe. De grutte fan it leger dêr't mei spile wurdt, wurdt bepaald troch in puntesysteem, wêrby't elke ienheid in bepaalde puntewearde hat, en beide spilers in leger fan likense punten ha. Fierders is de gearstalling fan de legers beheind troch it type ienheid: net elke ienheid mei nei beleaven keazen wurde, en guon ienheden binne bygelyks ferplichte. De beheinings fan de ferskillende legers, spesjale regels en puntewearde fan ienheden steane per leger yn harren eigen “legerboek” dat in koadeks neamd wurdt. In standert potsje Warhammer hat twa legers fan tusken de 500 – 2000 punten it leger.

Oan it begjin fan elk potsje wurde der in set regels en doelen bepaald foar dy fjildslach; in missy of senario wurdt spile. Spilers krije simpele doelen dy farieare tusken eat ferdigenje of ynnimme, ta it ferneatigjen fan spesifike fijannige ienheden. Sa'n senario of missy duorret meastal seis spylbeurten. Per spylbeurt krijt elke spiler ien beurt. Der binne dus per spylbeurt twa spilersbeurten. Sa binne der dus yn in gemiddeld potsje tolve spilersbeurten, ferdield oer seis spylbeurten. In rige senarios of missys kinne mei in ferhaal ferbûn wurde, dat hjit in kampanje en wurdt faak spile troch spilers dy't it leuk fine om harren legers wat mear kontekst te jaan.

Elke ienheid hat bepaalde statistiken, dy't bepale wat syn feardichheden en kwaliteiten binne. Yn in fjildslach wurde de ferskillende ienheden manoeuvrearre en yn konflikt mei mekoar brocht; harren statistiken wurde dan fergelike, en mei dobbelstiennen wurdt rôle om te bepalen hokker ienheid wint fan de oare. Allinnich gewoane, seissidige (yn jargon D6 neamd) dobbelstiennen binne nedich, spesjalistyske dobbelstiennen lykas by Dungeons & Dragons, dat ek fiif-, acht-, tsien-, tolve-, en tweintich-sidige dobbelstiennen hat (D5, D8, D10, D12 en D20 respektivelik).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]