Wardboskmûs

Ut Wikipedy
wardboskmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus pallipes
Barrett-Hamilton, 1900
IUCN-status: net bedrige

De wardboskmûs of Wards boskmûs (Latynske namme: Apodemus pallipes, foarhinne faak Apodemus wardi) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat foarkomt yn 'e berchtmen fan Sintraal- en Súd-Aazje: de Pamir fan Tadzjikistan en oangrinzgjende kontreien fan Kirgyzje, Afganistan en Pakistan; de Hindoe Kûsj fan noardlik Afganistan; en de Himalaya fan noardlik Pakistan en Yndia, sintraal Nepal en mooglik súdwestlik Tibet. Dizze soarte is oantroffen fan 1.465 oant 3.965 m hichte, mar liket ornaris net boppe de 2.440 m foar te kommen.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarhinne stie de wardboskmûs ek faak bekend ûnder de wittenskiplike namme "Apodemus wardi Wroughton, 1908", mar "Apodemus pallipes Barrett-Hamilton, 1900" is âlder en hat dêrom foarrang. De namme "Mus sublimus Blanford, 1879" is mooglik in noch âldere oantsjutting foar deselde soarte, mar dy is basearre op ien inkeld jong eksimplaar, wêrfan't de plasse (skedel) weiwurden is. Sadwaande kin dy net mear mei wissichheid mei de wardboskmûs identifisearre wurde, want yn itselde gebiet komme ek guon oare soarten boskmûzen foar.

Besibskip en uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wardboskmûs is it naust besibbe oan 'e Perzyske boskmûs (Apodemus witherbyi) en de lytse boskmûs (Apodemus uralensis), hoewol't er foarhinne as in foarm (synonym of ûndersoarte) fan 'e (gewoane) boskmûs (Apodemus sylvaticus) sjoen waard. De wardboskmûs is grutter as de lytse boskmûs, mar lytser as de oare soarten dy't yn syn wengebiet foarkomme, te witten de Kasjmierboskmûs (Apodemus rusiges) en de Himalayaboskmûs (Apodemus gurkha). De rêchpels fan 'e wardboskmûs is brúngrizich, mar ûnder de bealch hat er ljochtgriis of witich hier. Syn sturt is like lang of langer as syn lichem, mei in trochsneed lingte fan 10-11 sm.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.