Wapen fan Dantumadiel

Ut Wikipedy
Gemeentewapen fan Dantumadiel

It Gemeentewapen fan Dantumadiel waard yn 1818 fêststeld en omskreaun as
'In skyld fold as folgjend; it boppeste gedielte keel, in weagjende beek fan sulver; it tredde gedielte fan goud beladen mei in rinnende foks fan keel; it ûnderste gedielte grien. It skyld dekt mei in gouden kroan.'
De kroan hat trije blêden en 2x3 pearels.

It wapen kin symboalysk wêze foar de woaste grûnen yn de gemeente, dêr't in soad foksen libben, en de soad wetters. De gemeente fierde it wapen op briefpapier en oare beskieden, mar gie begjin 1997 oer op it brûken fan in logo. Yn de gemeente Dantumadiel binne de doarpswapens beskreaun fan: De Falom, Feanwâlden, Wâlterswâld, De Westerein.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]