Wangereagersk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In tekst yn it Wangereagersk út in boek van H.G. Ehrentraut út it Frysk Argyf.

It Wangereagersk wie in Frysk dialekt dat sprutsen waard op it Dútske Waadeilân Wangereach. It dialekt is yn 1950 foarfêst útstoarn. Hjoed de dei binne der noch mar in pear minsken dy’t it dialekt praten heard hawwe. Dochs is der in protte oer it dialekt bekend omdat der in protte dokumintaasje oer it Wangereagersk oanwêzich is.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Eartiids wie Wangereach in isolearre eilân dêr't it Nedersaksysk net troch kringe koe. It Frysk wie dan ek lange tiid de iennichste taal op it eilân. It dialekt hearde ta it Eastfrysk, krektas it Wurstfrysk, it Harlingerfrysk (dat sprutsen waard yn it Eastfryske Harlingerlân en dus net in Nederlânske namme is foar it dialekt fan Harns) en it Sealtersk. Dizze klassifikaasje waard makke op grûn fan histoaryske kriteariums, want de dialekten wienen ûnderling amper besibbe.

De situaasje fan it lytse tal sprekkers, minder as 1.000 minsken, wie oant it midden fan de 19e ieu stabyl. Dat feroare hurd neidat yn de winter fan 1844 op 1845 in stoarmfloed it eilân derûnder strûpe liet. Mear fan dizze stoarmfloeden fûnen plak wêrtroch de ynwenners fan Wangereach meardere keare evakuearre wurde moasten. De measte ynwenners fan Wangereach giene nei Varel op de fêste wal, dêr’t hja in nij doarpke stiften, Nij-Wangereach. Lykwols foel de befolking útinoar, guoddens gongen werom nei it âlde eilân, oaren bleaune wenjen yn it nije doarp. Ek kamen der nije bewenners fan de fêste wâl op it eilân te wenjen. Hjirtroch waard de takomst fan it dialekt stadichoan ûnwis. Hieltyd mear minsken gongen yn dy tiid oer op it Nedersaksysk dat hja om har hinne hearden. Sa om 1930 rûn it tal sprekkers hieltyd fierder tebek en ferlear it Wangereagersk har funksje as eilanner taal. De lêste twa sprekkers ferstoarnen yn 1950.

Eigenskippen[bewurkje seksje | edit source]

It dialekt fan Wangereach wie, trochdat it eilân relatyf isolearre wie fan de oare eilannen en de fêste wâl, bûtengewoan konservatyf. Sa hie it Wangereagersk as ienichste Westgermaanske taal oan de eastkant fan de Noardsee de ‘th-‘ bewarre. Bygelyks yn it wurd trije: Thrê. Ek in protte einlûden sûnder klam wienen bewarre bleaun yn it dialekt. Bygelyks yn it wurd schüpu dat skippen betsjut. Dat komt yn de Germaanske talen fierder allinnich foar yn it Yslânsk en it Faeröersk.

Undersyk[bewurkje seksje | edit source]

Amateur ûndersiker H.G. Ehrentraut begûn yn de earste helte fan de 19e ieu mei it ûndersykjen fan it Wangereagersk. Ehrentraut begûn yn 1837 mei it doelmjittich fêst lizzen fan it dialekt. Syn oanpak wie reedlik wittenskiplik te neamen.

Undersikers fan it Frysk hawwe nei it útstjerren fan de taal ynformaasje krigen út boarnen fan benammen Ehrentraut. Ien fan dizze ûndersikers, de Fries Pyt Kramer, fûn yn de jierren njoggentich mear as tûzen mei de hân skreaune bledsiden yn it Wangereagersk. Op dizze bledsiden stean in protte teltsjes yn it dialekt. Troch dit materiaal is it Wangereagersk goed bewarre bleaun.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Ehrentraut, Heinrich Georg: "Mittheilungen aus der Sprache der Wangeroger". Friesisches Archiv 1, 3-109, 338-416 (1849) en 2, 1-84 (1854).
  • Ehrentraut, Heinrich Georg: “Mittheilungen aus der Sprache der Wangeroger”. Dit boek is it twadde diel, op grûn fan de nij fûne hânskriften. De útjefte is fersoarge troch Arjen P. Versloot en yn 1997 útbrocht troch de Fryske Akademy. ISBN 90-6171-834-1.
  • Horst H. Munske: Handbuch des Friesischen. Utjûn troch: Niemeyer, Tübingen. ISBN 3 484 73048

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]