Walton Hall, West Yorkshire

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Walton Hall is in steatich lânhûs yn it greefskip (county) West Yorkshire, Ingelân, by Wakefield. It is boud yn de Palladian-styl om 1767 hinne op in eilânsje yn in mar, op it plak dêr't yn de midsieuwen in kastiel mei in grêft rûnom stie. It wie it foarâlderlik hûs fan de naturalist en reizger Charles Waterton. Hy makke fan Walton Hall it earste natuerreservaat yn de wrâld. Waterton's soan, Edmund, ferkocht de bûtenpleats rilke gau nei de dea fan syn heit.

The Waterton Samling is no te sjen yn it Wakefield Museum.

Walton Hall is no in part fan it Waterton Park Hotel. Yn de jierren 40, 50 en de iere 60er jierren wie it in kreamklinyk.