Weardplant

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Waerdplant)

In weardplant of gasthear is in plant wêrop in organisme of firus de bestandelen fynt dy't foar syn groei en fermearderjen nedich binne. Sa'n organisme kin in ynsekt, spint, skimmel, healparisitêre of parasitêre plant wêze. Parasitêre planten hearre ûnder oare ta it geslacht Bremraap. De Mistel is in heal parasitêre plant.

Flinters en planten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ûnder oaren sprekt men oer in weardplant as de flinter op de plant harren aaikes ôfset. Dit is meastal de plant wêrfan de rûp libbet, lyk as er út it aai is krûpt. Guon flinter lizze harren aaikes net op de weardplant mar yn de buert.

Guon flintersoarten frette allinnich fan ien plant. Mei it ferdwinen fan dy soart plant wêr’t de rûp allinnich fan yt, ferdwynt dan ek dy flintersoarte. It Gintsiaanblaujurkje hat it op dit momint dreech. It Skieppeklokje komt hieltyd minder foar. Derom is de Blauwe Brigade oprjochte.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]