Waarlamke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Waarlamke
Wettersnip.png
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Wilstereftigen (Charadriiformes)
Famylje: Snipfûgels (Scolopacidae)
soarte
Gallinago gallinago
Gallinago gallinago

It waarlamke (Gallinago gallinago) is in fûgel út de famylje fan de Snipfûgels (Scolopacidae). Oare Fryske nammen wêrmei it waarlamke oantsjutten wurdt: bletterlamke, himelgeit, maailamke, wjerlamke en wettersnip.

Uterlik[bewurkje seksje | edit source]

Folwoeksen bisten mjitte 23-28 sintimeter mei in spanmjitte fan 39-45 sm. Se binne fan boppe ryk skakearre brún, mei in ljochter ûnderliif. Opfallend is de dûnkere streek tusken de eagen. As se opfleane dogge se dat sigesage.

Biotoop[bewurkje seksje | edit source]

Se binne meast te finen yn moerassen, wiete greide en heidefjilden.

Ferspriedingsgebiet[bewurkje seksje | edit source]

It waarlamke komt algemien foar yn West-Europa en Noard Amearika. Lykas de measte waadfûgels, lûkt ek dizze winters nei kontreien mei sêfter waar.