Waalsdorperflakte

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De bekende klok op de Waalsdorperflakte

Op de Waalsdorperflakte yn it dunegebiet Meijendel by De Haach binne yn de Twadde Wrâldoarloch mear as 250 minsken (it krekte oantal is net bekend) ta dea brocht troch de Dútske besetter. De Waalsdorperflakte is ien fan de wichtichste Nederlânske betinkingsplakken fan de oarloch.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It gebiet makke oarspronklik diel út fan in grutte sânflakte en krige troch sânferstowings yn ûnder mear de 13e en 14e ieu syn hjoeddeiske oansjen. De ierste bewenners dêr't argeologen spoaren fan oantroffen hawwe binne heal-nomadyske jagers yn de lette Brûnstiid. Yn de Romeinske tiid en midsieuwen wienen der op de flakte mear permaninte delsettings en lânbouaktiviteiten te finen. Yn de 18e ieu waard de Waalsdorperflakte brûkt as militêr oefenterrein.

De sterke assosjaasje mei de Twadde Wrâldoarloch krige it gebiet doe't it yn de besettingsjierren troch de Dútsers brûkt waard as fusilladeplak. Benammen fersetsstriders út de tichtbysteande finzenis dy't it Oranjehotel neamd waard, waarden troch de Dútsers op de Waalsdorperflakte ta de dea brocht. Nei de oarloch waard Anton Mussert, lieder fan de NSB, hjir fusilearre op 7 maaie 1946.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: