WIK-FTC

Ut Wikipedy

WIK-FTC is in gymnastykferiening út It Hearrenfean. De lessen wurde jûn yn gymlokalen en yn de turnhal en sporthallen fan Sportstêd It Hearrenfean. De feriening waard oprjochte op 21 juny 1872. De letters fan de namme steane foar Willen is Kunnen - Fryso Tyr Combinatie.

De klup biedt in grut ferskaat oan gymnastyske aktiviteiten:

  • Acrogym
  • Gymnastyk
  • Ritmyske gymnastyk
  • Trampoline springen
  • Turnen

By de feriening treenden earder Herre en Epke Zonderland fan De Lemmer en Annelies Nijdam út Aldeboarn.

Yn 1999 wûn WIK-FTC de Fryske Sportpriis. De feriening die in soad oan fernijing en profesjonalisearring. Der waard gearwurking socht mei topsport middels de Fryslân Kolleezje Turnskoalle dêr't Nederlânske topturners ûnderdak fine.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: