W. H. Auden

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
W.H. Auden yn 1939

Wystan Hugh Auden (York, 21 febrewaris 1907Wenen, 29 septimber 1973) wie in Ingelsk/Amerikaansk dichter, essayist en literatuerkritikus.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Auden waard grutbrocht yn Birmingham en studearre oan Gresham's School en de Universiteit fan Oxford, dêr't er him ûntjoech ta ien fan de linksgeoriïntearre dichters fan dy tiid. Syn earste bondel, Poems (1928), waard printe troch syn freon en dichter Stephen Spender. Nei syn tiid yn Oxford wenne er in jier yn Berlyn, dêr't er ûnder de Weimarrepublyk mear romte fûn foar it sjen litten fan syn syn homoseksualiteit.

Werom yn Ingelân joech er les oan twa jongensskoallen (1930-1935). Hy krige namme as skerp, krûdich en maatskippijkritysk dichter mei The Orators (1932) en waakste fierder yn dy rol wylst er noch learaar wie.

In 1935 troude Auden hommels mei Erika Mann, de dochter fan de Dútske skriuwer Thomas Mann. It houlik woe ornearre om Erika in Ingelsk paspoart te besoargjen. It pear bleau libbenslang freonen en sy binne nea offisjeel skieden. Yn 1939 emigrearre Auden mei syn freon Christopher Isherwood nei de Feriene Steaten en yn 1945 waard er Amerikaansk steatsboarger. Auden krige in ferhâlding mei Chester Kallman dy't in libben lang duorje soe. Mei Kallman hat er in protte oparbeide oan opera-libretti, û.o. foar Benjamin Britten, Igor Stravinsky, Hans Werner Henze en Nicolas Nabokov.

As jongkeardel hie Auden in soad niget oan de teöryen fan Sigmund Freud, mar yn de tritiger jierren krige er in soad belangstelling foar it marksisme. Yn de Twadde Wrâldkriich ferskode Auden syn omtinken fan it marksisme nei it kristendom, de godstsjinst dêr't er yn opbrocht waard, sa't fral dúdlik waard yn syn New Year Letter (1941). Dy interesses binne dúdlik werom te finen yn syn wurk. Hy ûntfong de Pulitzerpriis foar The Age of Anxiety (1947).

Fan 1956 oant 1961 wie Auden professor yn de poëzy yn Oxford. Hy hoechde dêrfoar mar in pear kear yn't jier yn Oxford te wêzen. De lêste jierren fan syn libben wenne er in part fan it jier yn Eastenryk, mar yn syn lêste libbensjier ferhuze er werom nei Oxford. Hy stoar yn Wenen yn 1973 en waard ek beïerdige yn Eastenryk.

Bibliografy (karút)[bewurkje seksje | edit source]

Poëzy en Essays[bewurkje seksje | edit source]

  • Poems, 1930
  • The Orators, 1932
  • The Dance of Death, 1933
  • The Dog Beneath the Skin, 1935
  • Night Mail, 1936 - dokumintêre/ferhaal
  • Look, Stranger!, 1936
  • Letters from Iceland, 1936
  • The Ascent of F6, 1936
  • On the Frontier, 1938
  • Journey to a War, 1939
  • Another Time, 1940
  • New Year Letter 1941
  • Paul Bunyan, 1941 - libretto foar operette fan Benjamin Britten
  • Three Songs for St. Cecilia's Day, 1941
  • For the Time Being, 1944
  • The Age of Anxiety, 1947
  • The Rake's Progress, 1951 (mei Chester Kallman) - libretto foar in opera fan Igor Stravinsky
  • Nones, 1951
  • Mountains, 1954
  • The Shield of Achilles, 1955
  • The Magic Flute, 1956 - fertaling fan it libretto fan de opera fan Mozart
  • Homage to Clio, 1960
  • Don Giovanni, 1961 - fertaling fan it libretto fan de opera fan Mozart
  • Elegy for Young Lovers, 1961 (mei Chester Kallman) - libretto foar in opera fan Hans Werner Henze
  • The Bassarids, 1961 (met Chester Kallman) - libretto foar in opera fan Hans Werner Henze
  • The Dyer's Hand, 1962
  • Selected Essays 1964
  • About the House, 1965
  • The Bassarids, 1961 (mei Chester Kallman) - libretto foar in opera fan Hans Werner Henze (basearre op The Bacchae fan Euripides)
  • Secondary Worlds, 1967
  • Collected Shorter Poems 1927-1957, 1967
  • Collected Longer Poems, 1969
  • City Without Walls, 1969
  • Academic Graffiti, 1971
  • Epistle to a Godson, 1972
  • Forewords and Afterwords, 1973
  • Love's Labour's Lost, 1973 (mei Chester Kallman) - libretto foar in opera fan Nicolas Nabokov (basearre op Shakespeares Love's Labour's Lost)

Biografyen en Kritiken (karút)[bewurkje seksje | edit source]

  • Humphrey Carpenter, W.H. Auden: A Biography, Londen: George Allen & Unwin. 1981 (ISBN 0-04-928044-9).
  • Thekla Clark, Wystan and Chester: A Personal Memoir of W.H. Auden and Chester Kallman, Londen: Faber and Faber 1995 (ISBN 0-571-17591-0).
  • Richard Davenport-Hines, Auden, Londen: Heinemann 1996 (ISBN 0-434-17507-2).
  • Dorothy J. Farnan, Auden in Love, New York: Simon & Schuster 1984 (ISBN 0-671-50418-5).
  • John Fuller, W.H. Auden: A Commentary, Londen: Faber and Faber 1998 (ISBN 0-571-19268-8).
  • Edward Mendelson, Early Auden, New York: Viking 1981 (ISBN 0-670-28712-1).
  • Edward Mendelson, Later Auden, New York: Farrar, Straus and Giroux 1999 (ISBN 0-374-18408-9).
  • Charles Osborne, W.H. Auden: The Life of a Poet, Londen: Eyre Methuen 1979 (ISBN 978-0-87131-788-9).
  • Stan Smith (ed.), The Cambridge Companion to W.H. Auden, Cambridge: Cambridge University Press 2005 (ISBN 0-521-82962-3).
  • Monroe K. Spears, The Poetry of W. H. Auden: The Disenchanted Island, New York: Oxford University Press 1963.
  • Stephen Spender (red.), W.H. Auden: A Tribute, Londen: Weidenfeld & Nicolson 1975 (ISBN 0-297-76884-0).
  • George T. Wright, W.H. Auden, Boston: Twayne (1969) (ISBN 0-8057-7346-0).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]