Wûrstfrysk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Wurstfrysk wie in opmerklik Frysk dialekt dat sprutsen waard yn it lân Wûrsten, noardlik fan Bremerhaven. It hearde tegearre mei it Harlingerfrysk, it Wangereagersk en it noch libjende Sealterfrysk ta it Eastfrysk.

It lân Wursten hearde net ta it Fryske kolonisaasjegebiet, mar yn de lette midsieuwen fêstigen de Friezen har dêr ek. Sa oan it ein fan de fyftjinde ieu begûn it Frysk sa stadich oan út te stjerren, mar yn Wursten koe it him noch lang hanthavenje. Oan de ein fan de santjinde ieu kamen der twa wurdlisten út dy't dit dialekt beskriuwe. It Wurstfrysk moat sa oan it begjin fan de achtjinde ieu ferdwûn wêze.

It Wurstfrysk wie in folslein eigen tael: yn in protte wurden ferdwûn it stamlûd en bleau de net-beklamme fokaal oer (sterker noch: hy waakste faak út ta in lang lûd), wylst it yn alle oare Germaanske dialekten krekt oarsom is. Sa waard it aldfryske sunu "soan" ta snuh, en sumur "simmer" ta smuhr.