Wâldnet

Ut Wikipedy

WâldNet is in regionale nijsside op ynternet mei deistich nijs foar it easten fan Fryslân. Der binne ek links nei bedriuwen en organisaasjes.

Wâldnet.nl[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

WâldNet.nl bestiet sûnt 2001 en set alle lokale nijsberjochten op de side. Yn july 2008 waard de side platlein nei in digitale oanfal op de side en dêrtroch gie de tsjinner plat. Der binne ek fideoferslaggen te sjen.
Rubriken binne:

  • Regionaal Nijs
  • Fotonijs
  • Wâldkykjes
  • Fraach en oanbod
  • Utgeansaginda
  • Evenemint
  • Misdie yn jins strjitte
  • Fideonijs

WâldNet TV[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

WâldNet TV stjoerde fan 2006 oant 2008 út op it telefyzjekanaal fan de lokale omrop Radio Noordoost Friesland. De omrop luts sûnder oerlis de stekker derút en wie net earlik mei útspraken yn 'e media oer WâldNet. Nei oerlis efter de skermen is û.o. besluten om de lokale omrop in rektifikaasje dwaan te litten.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]