Voortrekkers

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Foartrekkerlieder Andries Pretorius.

De 'Voortrekkers' (Frysk: paadsljochters of foartrekkers) wienen blanke Súd-Afrikaanske boeren, dy't tusken 1830 en 1850 emigrearren út de troch de Britten anneksearre Kaapkoloanje nei it gebiet om de Oranjerivier hinne, yn de saneamde Grutte Trek.

De Foartrekkers wienen benammen trekboer (boer sûnder pleats) út de eastlike gebieten fan de Kaap. Ien groep Foartrekkers migrearre nei Natal, dêr't se oer in ferdrach mei de Sûlûkening Dingane ûnderhannelje koene. Doe't dy ynienen fan miening feroare deade hy lykwols de lieder fan de Foartrekkers, Piet Retief en de helte fan de Foartrekkers dy't him folge wiene.

De flagge fan de 'Voortrekkers'

Andries Pretorius waard de nije lieder, en wreekte him yn in gefjocht by de Ncomerivier, de saneamde Slach by Bloedrivier, op 16 desimber 1838. De Republyk Natalia waard stifte yn 1839, mar waard troch de Britten anneksearre yn 1843.

Ferskate boererepubliken waarden oprjochte yn Sûlû-gebiet, en hâlden stân tank sij harren superieure bewapening neffens dy fan de Zulu's. Dy boererepubliken laten ta de oprjochting fan de Oranje Frijsteat en de Súd-Afrikaanske Republyk, dy't bestean bleaunen oant harren anneksaasje troch it Feriene Keninkryk yn 1900 yn de Boere-oarloch.

De Foartrekkers wurde betocht troch in Foartrekkermonumint by Pretoria, dat boud waard yn 1949. Pretoria waard neamd nei de lieder fan de Foartrekkers, Andries Pretorius.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]