Vologda (stêd)
Ut Wikipedy
| Vologda Вологда |
||
| Kremlin Vologda | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 301.600 (2010) | |
| Oerflak | 116 km² | |
| Befolkingstichtens | 2.600 / km² | |
| Hichte | 120 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Ruslân | |
| Provinsje | Vologda | |
| Oar | ||
| Stifting | 1147 (foar it earst neamd) | |
| Tiidsône | Moskouske Tiid (MSD) (UTC+04:00) | |
Vologda (Russysk: Вологда) is in stêd yn it noarden fan Europeesk-Ruslân. It is it haadplak fan de oblast (provinsje) Vologda. De stêd leit oan de rivier de Vologda, sa'n 450 kilometer benoarden Moskou en 550 kilometer eastlik fan Sint-Petersburch.
Vologda heart ta de Russyske stêden mei in tige weardefol histoarysk erfguod. It hat 224 histoaryske monuminten.
Ekonomy [bewurkje seksje]
De wichtigste ekonomyske pylders binne tsjintwurdich masinebou, metaalbewurking, gemyske yndustry en hout- en papieryndustry.
De stêd hat mear as ien teater, bibleteken en museums; teffens in grut ferskaat oan heger ûnderwiisynstellings.
Untjouwing befolking [bewurkje seksje]
| Jier | Ynwennertal | Jier | Ynwennertal |
|---|---|---|---|
| 1825 | 9.699 | 1959 | 139.137 |
| 1856 | 14.159 | 1970 | 177.751 |
| 1897 | 27.705 | 1979 | 236.537 |
| 1917 | 69.664 | 1989 | 282.802 |
| 1926 | 57.976 | 2002 | 293.046 |
| 1939 | 95.314 | 2010 | 285.983 |
1897, 1926–2002 folkstellingen
Berne yn Vologda [bewurkje seksje]
- Konstantin Nikolajevitsj Batjusjkov (1787-1855), dichter
- Valery Aleksandrovitsj Gawrilin (1939-1999), komponist
- Albina Achatova, biatlete
- Anna Bogali-Titovets, biatlete
- Warlam Tichonovitsj Sjalamov (1907-1982), skriuwer
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vologda fan Wikimedia Commons. |