Vladimir Bechterew

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Vladimir Bechterev, foto fan Karl Boella

Vladimir Michajlovitsj Bechterev (Russysk: Владимир Михайлович Бехтерев) (Sorali, 20 jannewaris 1857Moskou, 24 desimber 1927) wie in Russysk neurolooch en psychiater, in tiidgenoat fan Pavlov, mei wa't er it net altyd iens wie.

Bechterev (as Bechterew) studearre 1878 oan de Militêre Medyske Akademy yn Sint-Petersburg en waard dêr assistint fan de psychiater Merzjejevski. 1881 studearre Bechterev dêr ek ôf en waard dêrnei dokter oan de Medyske en Sjirurgyske Akademy yn Sint-Petersburg.

Yn 1884 wie er yn Leipzig, Dútslân en Parys, Frankryk en arbeide op mei Paul Flechsig, Jean-Martin Charcot en Wilhelm Wundt. Yn 1885 waard er heechlearaar psychiatry oan de Universiteit fan Kazan. Yn 1893 folge hy Merzjejevski op oan de Militêre Medyske Akademy.

Hy rjochte it Psychoneurologysk Ynstitút yn Sint-Petersburch op dêr't er wurke fan 1913 oant 1918. Fan 1918 oant 1927 arbeide er op it Brienûndersyksynstitút yn Sint-Petersburch.

De Sykte fan Bechterew waard nei him neamd, lykas de refleks fan Mendel-Bechterew. It measte wurk hat er lykwols út de wei set op it mêd fan de neurology.

Vladimir Bechterev stoar 1927 yn Moskou. Der waard grutte dat Bechterev fermoarde waard fanwege Jozef Stalin. As meast ferneamde Russyske psychiater fan syn tiid liet Stalin him komme fanwege syn depresjes, dêr't er fan te lijen hie yn de tiid fan de machtsstriid nei it ferstjerren fan Lenin. Bechterev, ferneamd om it feit dat hy krekt sei hoe't it dêrfoar stiet, stelde fêst dat Stalin in paranoïde persoanlikheid hie. In skoft letter ferstoar er hommels; krekt foartiid hie er noch foarsitter west fan in medysk kongres; hy like doe sûn.