Visby
| Visby | ||
| It park Almedalen, Visby | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 22.593 (2010) | |
| Oerflak | 12,08 km² | |
| Befolkingstichtens | 1.816 / km² | |
| Polityk | ||
| Lân | Sweden | |
| Provinsje | Gotlands län | |
| Oar | ||
| Tiidsône | CET (UTC+1) | |
| Koördinaten | ||
Visby is de grutste stêd op it Sweedse Eastsee-eilân Gotlân en de haadstêd fan sawol de provinsje Gotlands län as de gemeente Gotland, dy't beide it hiele eilân beslane. De hânzestêd hie 22.236 ynwenners op 31-12-2005 en is ien fan de fjirtjin Sweedske wrâlderfgoederen op de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO.
[bewurkje seksje] Skiednis
Visby waard yn de 10e ieu stifte en wie fan de 12e oant de 14e ieu ien fan de meast wichtige hânzestêden, troch syn strategyske lizzing wie it plak fan belang yn de hannel oer it de Eastsee en de Noardsee. Lange tiid wiene de helte fan de boargers fan Visby Dútske keaplju. Yn 1288/89 eskalearre in skeel mei it ferearmjend ommelân yn in bluodrige boargerkriich, dêr't de Sweedske kening Magnus Ladulås (kening fan 1275–1290) in ein oan makke. Oant dan hie Gotlân syn eigen hearsker. Yn 1361 waard de stêd troch Denemark ferovere, mar yn de 17e ieu wer troch Sweden anneksearre.
Nei de 14e ieu waard it belang fan Visby hurd minder. Dat kaam ûnder mear troch de pest, troch piraterij (fan 1394 - 1398 sieten de fiktaaljebruorren yn de stêd), trochdat Denemarken en Sweden faker as ien kear om de stêd fjochten en yn 1525 fanwege de oanfal fan de Dútske stêd Lübeck. By de Frede fan Brömsebro yn 1645 kaam Visby mei Gotlân foar fêst oan Sweden.
Troch de ekonomyske delgong binne de gebouwen út de bloeitiid fan de stêd sparre bleaun (der wie gewoan gjin needsaak om nijbou út reden fan ekonomyske feroaringen te pligen). Al yn begjin 19e ieu waard de stêd ta nasjonaal monumint ferklearre. Fan likernôch 220 hânzestêden wie Visby dêrom yn ien fan de bêste útgongsposysjes om yn 1995 ta wrâlderfgoed ferklearre te wurden.
Yn it seerjocht foar transporten oer see is de stêd noch nammejouwer foar in tal ferfiersregels, de Haag-Visby-regels.
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
- (in) UNESCO-side oer de hânzestêd Visby
- Mânske fotogalery oer Visby en Gotlân, benammen oer de midsieuske wike, Medeltidsveckan yn Visby
- De offisjele side fan de midsieuske wike
- Sweedsk + (in) Webside fan Gotlands Fornsal
| Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Hansestaden Visby en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten. |
