Victor (mole)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Victor yn 2008

Victor is in poldermûne besuden Wânswert yn de gemeente Ferwerderadiel.

De grûnsiler Victor waard yn 1867 boud foar it bemeallen fan de polder Ald Piip, as ferfanging fan seis poldermûntsjes en trije tsjaskers. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid. Yn 1975 waard de mûne eigendom fan de Stifting De Fryske Mole, dy't him twa jier letter restaurearje liet. Dêrby waard de selsswichting fan de mûne weihelle. De mûne bemealt de Wanswerterpolder en wurdt ek brûkt as lesmûne foar it Gild Fryske Mounders. Victor waard boppedat yn 2006 troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.

Victor hat in opmerklik kruiwurk: de kape fan de mûne stiet op sechstjin izeren rôlen. It neidiel fan dizze konstruksje is, dat it gewicht fan de mûne dêrtroch permanint op de tappen fan dy rôlen rêstet en net op de massa derfan. Om dy reden wurdt dit type kruiwurk dan ek net faak brûkt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]