Vicki Chase

Ut Wikipedy
Vicki Chase
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Vicky Chase
echte namme Victoria Ramirez
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 6 febrewaris 1985
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Meksikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
vickichasexxx.com

Vicki Chase, echte namme: Victoria Ramirez (Los Angeles, 6 febrewaris 1985), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Meksikaansk etnysk komôf, wa har namme oft ek wol misstavere wurdt as Vicky Chase. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 34C.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vicki Chase waard yn 1985 berne yn it Kalifornyske Los Angeles, dêr't se ek opgroeide. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, wurke se as kassier by in bank, doe't se yn 'e kunde kaam mei pornoakteur Eric John, dy't dêr klant wie. Se krigen wat mei-inoar, en trouden op 7 jannewaris 2010 by in publike seremoanje op it AVN Adult Entertainment Expo, de wichtichste pornografybeurs fan 'e Feriene Steaten.

Chase makke yn 2009, doe't se 24 jier wie, har debút yn in pornografyske film. Neitiid hat se, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn likernôch 150 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Digital Playground, Pure Play Media, Zero Tolerance en Jules Jordan Video. Dêrby ûntjoech se har al hiel gau ta in favoryt fan 'e fans. Chase spilet faak Aziatyske rollen, mar yn wurklikheid is se fan Latino-komôf; sawol har heit as har mem stamje út Meksiko. Yn in fraachpetear fan 21 april 2013 op Spizzyblog.com sei se: "Ik bin net Aziatysk, hoewol't ik der wol foar trochgean kin. [...] It sil it Yndiaanske bloed dat ik haw wol wêze, tink."

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2011 Xbiz Award nominearre nije stjer fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre ûnderwurdearre sirene n.f.t.
Xbiz Award nominearre artyste fan it jier n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Selena Rose en Ben English) Mothers & Daughters
Xbiz Award nominearre bêste sêne (yn in film oer in pearke) (mei Marco Rivera) Tango to Romance
wûn bêste lesbyske sêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Riley Steele en Selena Rose) Mothers & Daughters
XRCO Award wûn ûnderwurdearre sirene n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne Jules Jordan: Feeding Frenzy 11
Xbiz Award nominearre bêste sêne mei in pearke (mei Ramon Nomar) Troublemakers
XRCO Award wûn ûnderwurdearre sirene n.f.t.
wûn orgastysk oraliste n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.