Vasili Zjoekovski
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
Vasili Andrejevitsj Zjoekovski (Russysk: Василий Андреевич Жуковский; Toela, 9 febrewaris 1783 - Baden-Baden, 24 april 1852) wie in Russysk skriuwer, dichter en oersetter út de tiid fan de Romantyk.
Zjoekovski skreau syn ferzen yn it earstoan yn kassisistyske styl en gie letter stadichoan oer op it sentimintalisme. Zjoekovski hat in soad ynfloed op de Russyske literatuer hân. Hy joech de Russyske literatuer ‘in hert en in siel’ en wurdt wol sjoen as de stamheit fan de Russyske psychologyske lyryk. Belinski skreau dat der sûnder Zjoekovski gjin Poesjkin west hie. Boppedatmakke er in protte masterwurken út de wrâldliteratuer tagonklik in oersettingen fan heech nivo (Byron, Goethe, Schiller, Homerus, Virgilius). Teffens is er tige priizge om it omsetten fan it midsieuske Igorliet nei modern Russysk.
Literatuer[bewurkje seksje]
- E. Waegemans: Russische letterkunde, 1986, Utert
- A. Bachrach e.a.: Encyclopedie van de wereldliteratuur, 1980, Bussum