Vasili Soerikov

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Vasili Sûrikov)
Vasili Soerikov, selsportret

Vasili Ivanovitsj Soerikov (Russysk: Василий Иванович Суриков) (Krasnojarsk, 24 jannewaris 1848Berjozovo, 19 maart 1916) wie in Russysk keunstskilder fan fral grutskalige histoarjestikken. Syn bêste wurk is tige bekend yn Ruslân.

Soerikov waard berne yn Krasnojarsk yn Sibearje en hearde by it yn 1870 oprjochte keunstnerskollektyf De Swalkers (Peredvizjniki), dy't de keunst tagonglik foar de gewoane man meitsje woe.

Yn libbene en kleurige doeken bylde er it leafst mominten út it libben fan it gewoane Russyske folk út, fân de ferôvering fan Sibearje ôf oant Peter de Grutte (û.o. De eksekúsje fan de Streltsy út 1881, no yn de Tretjakovgalery).

Soerikov wie ien fan de earsten dy't besochten de didaktyske idealen fan de groep te ferbinen mei de nasjonale artistike tradysje.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vasily Ivanovich Surikov fan Wikimedia Commons.