Vaivara (konsintraasjekamp)

Ut Wikipedy
Plak fan Vaivara

It Konsintraasjekamp Vaivara wie fan augustus 1943 oant febrewaris 1944 in Dútsk konsintraasjekamp yn Estlân yn de Twadde Wrâldoarloch, by it plakje Vaivara. It wie it grutste fan de 22 kampen yn Estlân.

Yn it earstoan wie it kamp ornearre foar Russyske kriichsfinzenen, mar letter bedarren der ek goed 20.000 Joaden, meast út de gettos fan Vilna en Kovno, mar ek út Litouwen, Poalen, Hongarije en Theresienstadt. In ferneamd subkamp fan Vaivara wie it kamp Klooga by it doarp Klooga, dêr't fan 19 oant 24 septimber 1944 hast 2400 minsken fermoarde binne.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]