Völsunga saga

Ut Wikipedy

De Völsunga saga is in Yslânske sêge út de twadde helte fan de 13e iuw en hannelt fan eardere tiden en giet oer de oarsprong en delgong fan de Völsung-clan (mei ynbegryp fan it ferhaal fan Sigurd en Brynhild en it ferneatigjen fan de Boergonden). De sêge is foar in grut part grûne op âlde epyske gedichten healwei de midsiuwen. De oarsprong fan dat materiaal is frijwat âlder, en befettet de echo fan wier barde foarfallen yn Sintraal Jeropa út de 5e en 6e iuw. Mar oan de oare kant, der is mar ien manuskript fan, dat bekend stiet as Ny kgl. Saml. 1824 b 4to en datearet fan om-ende-by 1400. Yn dat manuskript giet de sêge fuort oer yn de sêge fan Ragnar Lodbrok.

Haadfigueren yn de Völsunga saga binne ûnder oare Sigurd en Brynhild, Gunnarr, Gudrun en Atli.

De Völsunga saga hat ien fan de wichtichste ynspiraasjeboarnen west foar Richard Wagners Operasyklus Ring des Nibelungen.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Vǫlsunga saga. The saga of the Volsungs. The Icelandic Text According to MS Nks 1824 b, 4° With an English Translation, Introduction and Notes by Kaaren Grimstad. 2nd ed. AQ-Verlag, Saarbrücken, 2005.

Literêre bewurkings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]