Us Leaffrou fan Ljouwert

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje

Us Leaffrou fan Ljouwert is in merakelse Marijebyldnis dy't fereare wurdt yn de Sint-Dominikustsjerke yn Ljouwert.

It byld stie sûnt 1506 yn de Sint-Fitustsjerke by de Aldehou. Yn 1510 waard begûn mei in jierlikse prosesje fan it byld troch de strjitten fan Ljouwert. Yn it jier derfoar hie der in grutte oerstreaming west wettersneed west yn Fryslân en op 12 maaie 1510 in geweldige brân yn de Tsjerkestrjitte. Mei de omgong woenen de Ljouwerters de bysûndere foarspraak fan Marije ôfsmeke. It byld krige al gau de faam merakelsk te wêzen.

De jierlijkse omgong hat oant 1580, it jier dat de roomsk-katolike religy yn Fryslân ferbean waard, in wichtige rol spile yn it tsjerklik libben fan Ljouwert. It byld waard ferburgen, wêrtroch't it de byldestoarm oerlibbe en net op de brânsteapel bedarre. Letter waard it yn in skûltsjerke fan de Dominikanen setten, wêr't it drok fereare waard.

Yn de hjoeddeiske Sint-Dominikustsjerke is der in spesjale Marijekapel foar it byld. It raam fan dy kapel is skonken út tankberheid troch oarlochsflechtlingen út Tyl en Roermond dy't nei Ljouwert evakuearre wienen.

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings
Oare talen