Universiteit fan Hurderwyk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Titelblêd dissertaasje Carolus Linnaeus

Titelblêd fan de dissertaasje
fan Carolus Linnaeus út 1735

Linnaeustuorke

De Universiteit fan Hurderwyk (1648 - 1811), ek wol de Gelderske Universiteit neamd, waard oprjochte yn de tiid fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.

Stifting[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1441 wie der yn Hurderwyk al in Latynske skoalle. Yn 1600 waard dizze ta in Illustre skoalle, en yn 1648 ta Gelderske Universiteit.

It maklik en goedkeap promovearjen yn Hurderwyk lokke in soad studinten út binnen- en bûtenlan, al wie dat faak mar foar koarte tiid.

Fakulteiten[bewurkje seksje | edit source]

De universiteit hie fjouwer fakulteiten:

Promovendy[bewurkje seksje | edit source]

Bekende promovendy fan Hurderwyk wienen:

Ein[bewurkje seksje | edit source]

Yn de tiid fan de Frânske besetting waard de universiteit sletten. Kening Willem I hat letter fergees besocht om hjir in Ryksateneum te stiftsjen.

Hortus Botanicus[bewurkje seksje | edit source]

Nei it ferdwinen fan de universiteit yn 1811 waard yn 1821 ek de dêrby hearrende Hortus Botanicus fan de hân dien. Allinnich twa ieuwenâlde beammen binne dêr noch fan oer bleaun. Op dat plak is yn 1989 as neitins in krûdetún oanlein.

Fetze Alsvanouds[bewurkje seksje | edit source]

De Universiteit fan Hurderwyk waard oan de ein fan de 20e ieu brûkt as de wurkplak fan professer Fetze Alsvanouds (spile troch Aart Staartjes) yn it tillevyzjeprogramma Het Klokhuis.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

Het Gelders Athene. Bijdragen tot de geschiedenis van de Gelderse universiteit in Harderwijk, Skriuwer: M.V.T. Tenten (einred.), Utjouwer: Verloren, Hilfertsom, 2000. ISBN 90-6550-092-8