Uniastate (Bears)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Unia State (Bears))
De stielen replika fan Uniastate mei op de eftergrûn de 'Marijetsjerke'
Uniastate yn 1723, tekene troch J. Stellingwerf
Poartegebou

Uniastate is in eardere state of stins yn Bears, dy't yn of omtrint 1530 boud waard. Op it yn oarspronklike steat werombrochte terrein stiet noch in restaurearre tagongspoarte, en ek in stielen replika (loftspegeling) op wiere grutte fan de yn 1756 sloopte state. Fan Unia wie in laach fan grytmannen en offisieren, dy't meardere stinzen yn Fryslân hienen.

Besikerssintrum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Marijetsjerke is it museum Besikerssintrum Uniastate ynrjochte, mei ynformaasje oer it libben op Staten en Stinzen fan eartiids. Op it terrein en yn de tsjerke binne wikseljende tentoanstellingen fan Fryske keunstners. Uniastate is ek troch de gemeenteried oanwiisd as troulokaasje.