Undertsjeak

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Minslike ûndertsjeak

De ûndertsjeak of ûnderkaak, ûnderkake (yn Latyn: Mandibula) is de grutste en sterkste bonke fan it gesicht. It hâldt de ûndertosken op har plak en foarmet tegearre mei de boppetsjeak de tsjeak. It bestiet út in bûgd horizontaal part, en twa leadrjochte parten.

De ûndertsjeak makket in knier mei it os temporale. It achterste leadrjochte part draait yn it os temporale. It einstik is rûn fan foarm en wurdt caput mandibulae neamd. Dizze kop fan de knier draait en glydt yn it part fan it os temporale dat fossa mandibularis neamd wurdt. Tusken dizze kop en kom fan dizze knier sit in knierskiif.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen