Ulrich Huber (1842-1917)

Ut Wikipedy
Ulrich Herman Huber

Ulrich Herman Huber (Ljouwert, 15 desimber 1842 - De Haach, 5 maart 1917) wie in Nederlânsk politikus.

Huber wie in njoggentjinde-iuwsk antyrevolúsjonêr politikus út in foaroansteand Frysk juristelaach, Huber. Hy wie sels in skoft abbekaat yn Ljouwert. Yn 1883 keas it distrikt Gouda him ta Twadde Keamerlid. Yn 1888 waard hy ôffurdige foar Dokkum. Yn de Keamer spruts hy oer juridyske, bestjoerlike en wettersteatkundige ûnderwerpen. Nei syn twongen fertrek út de Keamer yn 1894 waard hy steatsried en dat bleau hy hast trettjin jier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: