Ulrich Huber (1636)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Byld fan Ulrik Huber yn De Haach.
Ulrici Huberi Digressiones Justinianeae (Titelblêd fan de Frjentsjerter útjefte út 1688 fan Hubers Haadwurk)

Ulrik Huber ( Dokkum, 12 maart 1636Frjentsjer, 8 novimber 1694 ) of Ulrich Huber, of Ulricus Huber, wie in professor rjochtsgeleardheid oan de Universiteit fan Frjentsjer en in polityk filosoof.

Huber studearre yn Frjentsjer, Utert en Heidelberg. Hy begûn yn 1657, op tige jonge leeftiid, as professor redenrikens en skiednis en yn it jier 1665 waard hy professor rjochtsgeleardheid. Fan 1679 oant 1682 wie Ulrik Huber in rjochter oan it Hof fan Fryslân. Hjirnei gie er werom as professor rjochtsgeleardheid oant syn dea yn 1694. Syn wichtichste wurk, De jure civitatis libri tres, wie oarspronklik publisearre yn 1672 en waard dêrnei in oantal kearen oanpast oant 1694. Huber beskôge it frijwillich ôfstân dwaan fan frijheid en de berte fan in bern fan in froulike slaaf tastiene grûnen foar slavernij. Dit gou ek foar kriichsfinzenen en stiiffêste kriminelen.

Neist syn wurk, wie hy benammen ynternasjonaal bekend troch syn stúdzjes oer it Romeinsk rjocht. Hy levere, krektas Hugo Grotius en Johannes Voet, in wichtige bydrage oan it Romeins-Hollands recht. Yn Nederlân is hy ek bekend woarn troch syn wurk Heedensdaegse Rechtsgeleertheyt soo elders, als in Friesland gebruikelijk (1686, 1786). Yn dit wurk presintearre hy in folslein oersjoch fan it rjochtssysteem fan Fryslân fan dy tiid.

Hy wurdt sjoen as de grutste jurist fan de de provinsje Fryslân fan alle tiden. Op de Universiteit fan Grins is in institút fan de Fakulteit Rjochten nei him ferneamd.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen[bewurkje seksje | edit source]

  • J.H.A. Lokin, C.J.H. Jansen: Het Rooms-Friese recht - 1999. Berlyn 1992, ISBN 9065500758 (Huber hat ynfloed hân op it Romeinsk-Hollânsk rjocht.)