Ulbo Jetze Heerma van Beyma thoe Kingma

Ut Wikipedy
Ulbo Jetze Heerma van Beyma thoe Kingma

Ulbo Jetze Heerma van Beyma thoe Kingma (Warkum, 14 desimber 1821 - Frjentsjer, 31 maart 1876) wie in Frysk bestjoerder.

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foto Kingmastate foar 1864

Van Beyma waard ynskreaun it berteregister mei de foarnammen Ulbo Jetze Herema, hy sil ferneamd wêze nei in omke fan memmeskant: Ulbo Jetze Heerma fan Voss. Hy fierde de tredde foarnamme as famyljenamme en waard yn de regel as U.J. Heerma van Beyma thoe Kingma neamd. Hy wie in soan fan Julius Matthijs fan Beyma thoe Kingma en Agatha Wihelmina fan Voss. Syn âlden bewennen de Kingmastate yn Sweins. Syn heit hie yn 1821 tastimming krigen de namme thoe Kingma ta te heakjen oan syn namme en waard yn 1842 erkend te behearren ta de Nederlânske eallju. Van Beyma troude yn 1848 yn Grins mei Elisabeth Godin (1829-1904).

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Beyma studearre rjochten. Hy folge syn heit, nei it ferstjerren fan syn heit, op as grytman fan Frjentsjerteradiel. Troch de Gemeentewet (1851) waard it amt fan grytman ôfskaft, in soad grytmannen, wêrûnder Van Beyma, bleaune lykwols oan as boargemaster. Hy wie dêrneist lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân (1859-1876) en folmacht fan it Wetterskip fan de Fiif Dielen Seediken Binnendyks. Mei yngong fan 1 jannewaris 1856 waarden yn Fryslân acht nije boargemaster (wer)beneamd, dêrby wiene ek de trije bruorren jhr. mr. Frederik Hessel van Beyma thoe Kingma (Aenjewier), jhr. mr. Ulbo Jetze Heerma van Beyma thoe Kingma (Frjentsjerteradiel) en jhr. mr. Coert Lambertus van Beyma thoe Kingma (Lemsterlân).

Fan Beyma ferstoar yn de âldens fan 54 jier.