Uddel

Ut Wikipedy
Uddel
Herfoarme tsjerke fan Uddel
Herfoarme tsjerke fan Uddel
Emblemen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Apeldoarn
Sifers
Ynwennertal 3.330 (2021)[1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 15' NB, 5° 47' EL
Kaart
Uddel (Gelderlân)
Uddel
Kaart
Herfoarme tsjerke fan Uddel
Lizzing fan Uddel yn de gemeente Apeldoarn

Uddel is in doarp yn de Nederlânske provinsje Gelderlân en leit op de Feluwe, yn de gemeente Apeldoarn. It doarp mei omkriten hie 4030 ynwenners (2008) en yn 2021 3.330. Uddel wurdt it earst neamd yn 792, as de delsetting Uttiloch.

It doarp leit oan de N310, dat is de wei fan de N302, oer Elspeet nei Nunspeet. Súdwestlik fan Uddel leit it Uddelermar mei De Huneskâns, in ferdigeningswurk út de Aldheid.

Uddel is in ortodoks-kristlik doarp. Dat docht ûnder oaren bliken út it pleatslik stimmen by de gemeenteriedsferkiezing fan 2006. De SGP krige 65% fan de stimmen (hast 25% fan alle stimmen op de SGP yn de gemeente Apeltoarne), de trije kristlike partijen (mei it CDA en de KristenUny) krigen hast 87%. It doarp hat in Herfoarme gemeente, in Grifformearde Gemeente en de Grifformearde Gemeenten yn Nederlân.

Der binne trije skoallen yn Uddel: in protestantsk-kristlike, in reformatoaryske skoalle foar basisûnderwiis en in reformatoryske skoalle foar fuortset ûnderwiis dy't in dependânse fan de Fruytier Skoallemienskip yn Apeldoorn is. It plak Uddel is fral keazen om't it sintraal leit op de Feluwe; de learlingen komme benammen út Nunspeet, Ermelo en Elspeet. Uddel hie ek in iepenbiere skoalle, mar dy moast yn 2007 de doarren slute fanwegen it lytse tal learlingen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: