Ubuntu Linux

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
ubuntu 8.04
ubuntu 8.04

Ubuntu Linux is in op Debian Linux basearre distribúsje-rige foar Linux.

By de Ubuntu-distribúsjes leit de klam op de tagonklikens. Hjir is de kar fan de tapassings wat oan oanpast en der wurdt in protte wurk makke fan oersettings. Ek hoecht de brûker, oars as ornaris by Unix, him net apart as oerbrûker oan te melden om de ynstellings feroarje te kinnen of programma's tafoegje te kinnen. Fierders wurde de distribúsjes fan Ubuntu Linux yn alle gefallen noch 18 moanne stipe mei feiligensoanpassings.

Dy distribúsjes soenen geregeldwei útkomme; de distribúsjenûmers binne ek basearre op it jier en de moanne fan distribúsje. Alle distribúsjes krije lykwols ek in namme. Yn de maitiid fan 2006 is de regel lykwols loslitten: de Dapper Drake-distribúsje hie yn april útkomme moatten as 6.04, mar it is juny wurden en 6.06 LTS. Dat LTS betsjut dan Long time supported, lang stipe. Ynstee fan 1,5 jier sil dizze distribúsje yn alle gefallen 3 jier stipe wurde. Troch it wurk KDE te ferfryskjen sil de Dapper Drake-distribúsje foar in part ek yn it Frysk beskikber wêze.

De namme Ubuntu is in wurd út it Sulu. Letterlik oerset is it eat as geastlik persoan, mei de betsjutting fan minsklikens. It jout oan dat in persoan om minske te wêzen him ek nei de geast fan in minske hâlde moat, yn harmony mei himsels, mei oaren en mei de wrâld.

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings