Tunno Schurer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Tunno Schurer (Harns, 30 jannewaris 1963) is in keatser en skilder. Hy waard boppedat bekend trochdat er altyd op de fyts nei de PC gie en fiif kear mei in keatskrânse om weromfytste.

Syn earste ûnderfining die hy op mei de Roersma-Jellema-kompetysje en waard yn 1975 op it NK foar skoaljonges winner foar de keatsferiening Jan Bogtstra út Frjentsjer. Yn 1981 wie syn debút op de PC dy't hy yn 1984 wûn mei Peter Rinia en Wiep van Wieren. Yn 1986 wûn hy mei dit partoer opnij en waard ta kening útroppen. Mei Johannes Brandsma en Peter Rinia wûn hy yn 1987 en 1988 de PC wer en beide kearen krige er de keningsbal mei nei hûs. Yn 1990 wûn er nochris de PC. Mei keatsferiening Frjentsjer waard hy yn 1988, 1989 en 1991 boppedat Nederlânsk kampioen.

Mei 155 earste, 82 twadde en 57 tredde prizen fertsjinne Schurer 686 punten foar it ivich keatsklassemint en waard 46 kear kening.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels