Tsjoenster
In tsjoenster is ien dy't har mei tsjoenderij dwaande hâldt en bin sawol froulju as manlju. Suver alle kulturen en religys hawwe it begryp 'tsjoenster/heks'. De omskriuwing dêrfan rint lykwols frijwat út elkoar; ek skiedkundigen en antropologen binne it net iens oer de defenysje. Yn de measte mienskippen is in tsjoenster in persoan, meast in frou, oan wa't it fermogen ta skreaun wurdt om oaren kwea te dwaan mei help fan boppenatuerlike krêften.
Tsjoensters komme faak foar yn mearkes, dêr't se yn op in biezemstâle rûnfleane en alderlei dingen tsjoene. Fan in tsjoenster yn in mearke wurdt faak sein dat hja beselskippe wurdt troch in swarte kat.
Yn de Midsieuwen waarden minsken dy't har dwaande hâlden mei krûden of har net oan tsjerklike regels hâlden al gau foar in tsjoenster oansjoen en dêrom ferfolge en somtiids op in grouwélige wize fermoarde, bygelyks op de brânsteapel of troch ferdrinking.
In wichtige rol yn dizze ferfolging hat it boek Malleus Maleficarum spile. It boek, dat troch de muontsen Heinrich Kramer en Jakob Sprenger skreaun is, ferskynde yn 1486.
Yn de Feriene Steaten fûn yn 1692 noch in grutte ferfolging plak fan tsjoensters yn Salem (Masachusetts). Tsjoenderij wie yn guon steaten ferbean oant begjin fan de jierren '50 fan de 20e ieu.
Tsjintwurdich wurdt tsjoenderij troch in waaksend oantal minsken beskôge as weardefolle kennis en feardichheid, wêrtroch't der in nije godstsjinst ûntstien is dy't dêr op bassearre is: Wikka.