Tjirk

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Tsjirk")
Gean nei: navigaasje, sykje
Tjirk
Rotschenkel (Tringa totanus) 01.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Wilstereftigen (Charadriiformes)
Famylje: Snipfûgels (Scolopacidae)
soarte
Tringa totanus

De tjirk of tsjirk (Tringa totanus) is in fûgel út de famylje fan de snipfûgels (Scolopacidae).

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De tjirk is in 25 oant 30 sm grutte greidefûgel. Hy hat hielendal brune fearren, mar is goed wer te kennen oan syn lange reade poatten en syn ready snaffel mei swarte punt. Besibbe soarten wêr't der wol wat op liket binne de krekt gruttere Grienskonk, mar dat ferskil is oan de poatten goed te sjen. Fierders is der ek noch de Sewyt dy't krekt sa grut is en ek reade poatten hat. Dy soart is lykwols by't simmerdeis folle donkerder, suver swart. By't winterdeis is de sewyt wer ljochter, mear brungriis.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Yn Fryslân komme tjirken allinnich by't simmer foar. Yn it Feriene Keninkryk en Portegal binne de bisten it hiele jier troch. Sommige tjirken briede yn East-Jeropa en lûke yn'e winter nei it suden ta. Yn 2006 wiene der minder as 25000 briedpearen yn Nederlân, mei in justjes weromrinnende trend. De tjirk stiet op de Nederlânske Reade List fan bedrige of kwetsbere soarten.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

It briedseizoen fan de tjirk rint fan heal april oant yn juny. It brieden duorret 22 - 25 dagen. Dizze greidefûgel leit ornaris fjouwer aaien fan gemiddeld 45 x 32 mm, yn in kûltsje yn it gers, meastal yn in stik lân. De raaien om it nêst wurde oer it nêst bûcht, wêrtroch't it goed ferburgen is. Typearjend is dat de tjirk faak op mar in pear meter ôfstân briedet fan it nêst fan in ljip. De tjirk profitearret dêrtroch fan de techniken dy't de ljip hat om fijannen op ôfstân te hâlden.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Tringa totanus en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.