Tsjerke fan Skuorregea

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Skuorregea
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean
plak Skuorregea
adres Tsjerkeleane 3
koördinaten 52° 58' N 6° 7' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige ûnbekend
Arsjitektuer
boujier 1715
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21179
Webside
PKN-gemeente Jobbegea-Skuorregea
Kaart
Tsjerke fan Skuorregea (Fryslân)
Tsjerke fan Skuorregea

De Tsjerke fan Skuorregea oan de Tsjerkeleane 3 is in tsjerkegebou yn Skuorregea. De tsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de reformaasje wiene Skuorregea en Jobbegea twa aparte parochy's en beide doarpen hiene doe ek in eigen tsjerke. Troch de fynst fan in 12e-iuwske sarkofaach by in pleats oan de bûtenwei (no de Skoatterlânskewei) wurdt der tocht dat Skuorregea yn alle gefallen doe al in tsjerke hân hat. Unbekend is oan hokker hilligen de twa eardere tsjerken fan de doarpen wijd wiene.[1]

De doarpen wiene earm en sa ek de preesters, dy 't fan earmoede ferhûzje moasten. Ek de twa tsjerken waarden brekfallich en sa fersochten de doarpen yn 1540 de parochy's gear te foegjen en op de mienskiplike doarpsgrins in nije tsjerke te bouwen. De doarpen krigen al gau tastimming fan 'e biskop, mar ynearsten waard noch ien fan beide tsjerken brûkt, want it duorre noch oant 1579 dat de nije tsjerke boud waard. Dat wie ien jier foar de ynfiering fan de reformaasje yn Fryslân. In wijing fan it gebou troch de biskop hat net mear plakfûn.[2][3]

Gevelstien ta oantinken fan 'e bou

As ferfanging fan dy tsjerke waard yn opdracht fan 'e Skoatterlânske grytman Martinus (de Blocq) van Scheltinga (gevelstien boppe yngong) yn 1715 in nije sealtsjerke mei trijesidich sletten koar en rûnbôgefinsters boud. Yn 1910 waard in houten geveltoer op de westlike kant tafoege. Dy kaam yn it plak fan 'e klokkestoel dy't earder by de tsjerke stie.

De tsjerke fan Skuorregea is sûnt 1972 eigendom fan Stichting Alde Fryske Tsjerken. De tsjerke wurdt brûkt foar gearkomsten, eksposysjes en rou- en troutsjinsten. Ut en troch brûkt de PKN de tsjerke.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tsjerke stiet in preekstoel út it begjin fan'e 18e iuw (mei in wynmole op it rêchsket) en wandbuorden fan grytman Daniel de Blocq fan Scheltinga. It raam mei brânskildere glês is yn 2010 makke troch Karel van der Wal as geskink fan de bern fan Johan Molenaar. Yn de tsjerke binne gjin tsjerkebanken mear oanwêzich.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In tsjerkeoargel hat de tsjerke nea hân. Hjoed-de-dei stiet der in restaurearre kammenetoargel, dat eartiids yn 'e tsjerke fan Teridzert stie.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Seist: Rykstsjinst foar de monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4
  • Stichting Alde Fryske Tsjerken fan Skuorregea
  • Stichting Alde Fryske Tsjerken Skuorregea
  1. Coprus Roemeling, oproppen 26 augustus 2023
  2. (PDF) Artina Gildemacher-Oppenhuizen, 3 oktober 2009
  3. Coprus Roemeling, oproppen 26 augustus 2023