Tsjaard de Groot

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Tsjaard de Groot wie in Fryske seefarder dy't farde foar de Fryske Admiraliteit.

[bewurkje seksje] Seeslach by Duins

Slach by Duins

Yn de Slach by Duins op 1 oktober 1639 hearde De Groot ta de 12 skippen dy't ûnder de (Fryske) Kommandeur Banckersz farden. In oar gedielte fan de float fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen stie ûnder it kommando fan Maarten Harpertssoan Tromp. Mei syn skip 'De Fryslân fan 70 man en 22 stikken geskut fierde De Groot it kommando oer it grutste skip fan de Fryske Admiraliteit.

[bewurkje seksje] Brazylje

Op 1648 fertrekt De Groot mei in skip nei Nederlânsk-Brazylje om dêr tsjin de Portegezen te fjochtsjen. Pas 4 jier letter, op 13 juny 1652 komt hy werom yn Nederlân.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen