Tsjêbbe Hettinga
Tsjêbbe Hettinga (Burchwert, 15 jannewaris 1949) is in Fryske dichter, sjonger en saksofoanist. As boeresoan gie er nei de kweekskoalle en wurke dêrnei as opnametechnikus by de blinebibleteek yn Grins. Yn 1986 hellet er it doktoraal eksamen Frysk en Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Sûnt 1982 wennet er yn Ljouwert. Tsjêbbe is de broer fan dichter Eeltsje Hettinga. Winterdeis jout er workshops/ kursussen gedichten skriuwen.
Yn 1971 ferskynde syn earste literêre wurk en krige dêrfoar de Rely Jorritsmapriis. Yn 2001 wûn Hettinga de meast belangrike priis foar Fryske literatuer, de Gysbert Japicxpriis.
Hettinga syn wurk is oerset yn it Hollânsk, Ingelsk, Dútsk, Frânsk en Spaansk. Hettinga krige in protte lanlike bekendheid troch syn foardracht op de Frankfurter Buchmesse yn oktober 1993. Omdat Tsjêbbe sokke minne eagen hat docht er alles út'e holle, wêrby't hy safolle mooglik lading oan it wurk jout troch it brûken fan syn stim. Syn poëzij giet in soad oer it lânskip om him hinne, mar ek oer Wales en Grikelân. Hy joech optredens foar ynternasjonale festivals as op it Festival Internacional de Poesía de Medellín (Kolombia), it "Poetry International Festival" yn Rotterdam, de Barcelona Book Fair (Spanje), de Writers' Week yn Listowel (Ierlân) en it London Festival of Literature (Grut-Brittanje).
Op 8 jannewaris 2006 waard troch de 'VPRO in dokumintêre oer it libben fan Tsjêbbe Hettinga útstjoerd. Dêrfoar hat Pieter Verhoeff de dichter twa jier lang folge. De film is ek ferskynd yn it Ingelsk.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Teater
- De dea it liet it hynder: Muzikaal-poëtysk programmade ferneamde Angoleeske sjonger en multy-ynstumintalist Basile Maneka.
- Swing troch de nacht: mei syn 7-mans jazzband Breed Freed.
- Hotelkeamers eigen: in literêre odysee fan 12 langere en koartere gedichten dy't de dichter foardraacht en oaninoarpraat mei troch himsels skreaune saneamde 'tuskenteksten'. Nei it skoft treedt Hettinga op mei syn jazzband Breed Freed.
[bewurkje seksje] Wurk
- Yn dit lân (1973)
- Loft, lân en sé (1974)
- Fan lân, loft en leafde (1975)
- Tusken de bidriuwen troch is âlderdom (1981)
- Under seefûgels De kust (1992)
- 8 Gedichten (1993)
- Salut au Monde (1995)
- De Foardrachten (1995)
- Vreemde kusten Frjemde kusten (1995)
- Fryslân! De wrâld! Friesland! Die Welt! (1998)
- Strange shores Frjemde kusten (1999)
- It doarp Always Ready (2000)
- Fan oer see en fierder (2001)
- Oan 'e Brek in dei Een dag aan de Brekken (2003)
- Platina de zee Fan oer see en fierder (2003)
- Het Licht van de Zee (DVD) (2007)
- La Luz del Mar (DVD) (2007)
- Equinox (2009)
- Aan schor en Stad Niks voorbij - Oan leech en Stêd Niks foarby (Nederlânske oersetting: Benno Barnard) (2010)
[bewurkje seksje] Prizen
- 1970 : Rely Jorritsmapriis (fers: Forfal)
- 1971 : Rely Jorritsmapriis (fers: Ljocht út en troch)
- 1987 : Rely Jorritsmapriis (fers: Súdwesthoeke)
- 2001 : Gysbert Japicxpriis foar de bondel Fan oer see en fierder
- 2004 : De Hans Berghuisstok fan de gemeente Maastricht
[bewurkje seksje] Literatuer
- 1995: Guus Middag, De geur van instinct en gasolie, NRC 14-4-1995
- 1998: Dokumintêre Geart de Vries, 'Moarn sil it foar ivich maitiid wêze' : portret fan Tsjêbbe Hettinga. Omrop Fryslân 22-03-1998
- 2001: Sjueryrapport GJ priis 2001 yn Trotwaer nr. 9, 2001, s. 361-368
- 2001: Artikel fan himsels yn Revolver, 2001
- 2003: Jabik Veenbaas, Dionysos yn de stringen, yn De lêzer is in duvel, Ljouwert, 2003
- 2003: Corine Vloet, Een zwak voor havens. Gesprek met de Friese dichter Tsjêbbe Hettinga. NRC 28 novimber 2003
- 2004: Piet Gerbrandy, ‘”Oanwaaid en eigen”. De rusteloze epiek van Tsjêbbe Hettinga’ Ons Erfdeel jg 47, nr 3, 2004, s. 407-419
- 2006: Film Piter Verhoeff: Yn dat sykjen sûnder finen. VPRO 08-01-2006