Truus Schröder-Schräder

Ut Wikipedy
Truus Schröder-Schräder
keunstner
Truus Schröder en Gerrit Rietveld op letter jierren
Truus Schröder en Gerrit Rietveld op letter jierren
persoanlike bysûnderheden
echte namme Geertruida Antonia (Truus) Schröder-Schräder
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 23 augustus 1889
berteplak Dimter
stoarn 12 april 1985
stjerplak Utert
wurkpaad
wurksum as Byldzjend keunstner,
binnenhûsarsjitekt
streaming De Styl

Geertruida Antonia (Truus) Schröder-Schräder (Dimter, 23 augustus 1889 - Utert, 12 april 1985) wie in byldzjend keunstner dy't ferneamd waard as opdrachtjouwer en bewenner fan it Rietveld Schröderhûs yn Utert.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Rietveld Schröderhûs yn Utert

Schröder wie in dochter fan tekstylkeapman Bernardus Johannes Schräder en Johanna Geertruida Mentzen. Oant har houlik wie se aptekersassistinte. Sy boaske oan de abbekaat Adriaan Frederik Christiaan (Frits) Schröder (1878-1923) en krige trije bern, twa dochters en in soan. Frou Schröder liet om 1921 hinne in keamer yn har hûs yn Utert, Biltstrjitte 423, ferbouwe troch Gerrit Rietveld. Nei de dea fan har man joech se nei in skofte wifeljen Rietveld de opdracht foar it ûntwerp fan in nije went, dy't wrâldferneamd waard ûnder de namme Rietveld Schröderhûs. Oant har dea yn 1985 hat Truus Schröder dat hûs bewenne. Dêrne waard it laat fan Bertus Mulder restaurearre en iepensteld foar it publyk.

Bibliografy (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Groot, M. (2007) Vrouwen in de vormgeving 1880-1940. Rotterdam: 010. ISBN 9789064505218
  • Nagtegaal, C. (1987) Tr. Schröder-Schräder, bewoonster van het Rietveld Schröderhuis. Utert.
  • Zijl, I. van (2001) Rietveld In Utrecht. Utert.

Externe links[bewurkje seksje | boarne bewurkje]