Trond Sollied
Trond Johan Sollied (Mo i Rana, 29 april 1959) is in Noarske âld-fuotballer, meastal spyljend yn de ferdigening. Tsjintwurdich is hy trener, lêsten by fuotbalklup SK It Hearrenfean.
Ynhâld |
Biografy [bewurkje seksje]
Sollied kaam yn syn karriêre as spiler út foar de Noarske klups Mo IL, Vålerenga IF, Rosenborg BK en Bodø Glimt. Hy spile 15 kear foar de nasjonale fuotbalploech fan Noarwegen, hjiryn wist hy ien kear te skoaren. Sollied stoppe yn 1993 mei fuotbaljen, wylst hy yn 1992 al begûn wie mei it trenen fan syn ploech Bodø Glimt, dat doe útkaam yn de earste divyzje, it twadde nivo yn Noarwegen. Yn dat earste jier as trener waard hy fuortendaliks kampioen. It jier dêrop, doe’t hy al stoppe wie mei fuotbaljen, waard Bodø Glimt twadde op it heechste nivo, en wûn er it toernoai om de Noarske beker. Yn 1996 waard hy ûntslein troch Bodø Glimt en helle Rosenborg him yn 1997 as assistint fan Nils Arne Eggen. Yn 1998 waard hy haadtrener fan de klup en helle hy de kwartfinale fan de Champions League.
Yn 1999 waard Sollied trener fan AA Gent. In seizoen letter makke Sollied de oerstap nei de Belgyske topploech Klup Brugge. Yn fiif jier waard hy mei dy klup twa kear lânskampioen en wûn hy twa kear de beker en de Superkup. Yn de Champions League waard de ploech in duchtige tsjinstanner en mei ûnder mear oerwinnings op Ajax en AC Milan makke Sollied al rap namme as trener yn Jeropa. Hy bleau oant 2005 by Klup Brugge en stapte doe oer nei Olympiakos Piraeus út Grikelân. Dêr waard er nei rom in jier ûntslein omdat de resultaten yn de Champions League efter bleaunen by de ferwachtings. Wol wit hy mei syn ploech it lânskampioenskip en de Grykske Superkup te winnen. Hy kaam yn 2007 werom by syn âlde klup AA Gent.
Yn 2008 waard Sollied de haadtrener fan SK It Hearrenfean. Hy folge tegearre mei syn assistint Chris van Puyvelde Gertjan Verbeek op. Yn it seizoen 2008/2009, it earste jier ûnder de lieding fan Sollied, waard fuortendaliks de KNVB-beker wûn. Oan it begjin fan it seizoen 2009/2010 waard Sollied ûntslein troch SK It Hearrenfean. Der soe in te grut ferskil yn de manier fan arbeidzjen wêze.
Fuort nei syn ûntslach ûntstienen der geruchten dat Sollied de nije bûnstrener fan Noarwegen wurde sil.
Karriêre [bewurkje seksje]
As spiler [bewurkje seksje]
- Mo IL (1976-1981)
- Vålerenga IF (1981-1984
- Rosenborg BK (1984-1992)
- Bodø/Glimt (1992-1994)
Nasjonale ploech:
- Wedstriden:15 (1 doelpunt)
As trener [bewurkje seksje]
- Bodø/Glimt (1992-1996
- Rosenborg BK (1996-1998)
- AA Gent (desimber 1998 oant mei 2000)
- Klup Brugge (juny 2000 oant juny 2005)
- Olympiakos Piraeus (july 2005 oant desimber 2006)
- AA Gent (juny 2007 oant juny 2008)
- Sportklub It Hearrenfean (july 2008 oant augustus 2009)
Prizen [bewurkje seksje]
As spiler [bewurkje seksje]
Mei Vålerenga:
- Noarske Earedivyzje: 1983, 1984
Mei Rosenborg:
- Noarske Earedivyzje: 1985, 1988, 1990
- Noarske beker: 1988, 1990
Mei Bodø/Glimt:
- Noarske Earste Divyzje: 1992 (as spiler/trener)
- Noarske beker: 1993
As trener [bewurkje seksje]
Mei Bodø/Glimt:
- Noarske Earste Divyzje: 1992 (as spiler/trener)
- Noarske beker: 1993
Mei Rosenborg:
- Noarske Earedivuzje: 1998
- Skandinavyske Masters: 1998
Mei Klup Brugge:
- Belgyske Earedivyzje: 2002-03, 2004-05
- Belgyske beker: 2003-04
- Belgyske Superkup: 2002, 2003, 2004, 2005
Mei Olympiakos:
- Grykske Earedivyzje: 2005-06
- Grykske beker: 2005-06
Mei SK It Hearrenfean:
- KNVB-Beker: 2009